Sint-Fitustsjerke (Wyns)
Fitustsjerke | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Nû. 31 | |
koördinaten | 53° 15' N 5° 49' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Net mear yn gebrûk as tsjerke | |
patroanhillige | Fitus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1200 | |
boustyl | Let-romaanske arsjitektuer | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 35690 | |
Webside | ||
Wynzertsjerkje.nl | ||
Kaart | ||
De Sint-Fitustsjerke is de romaanske doarpstsjerke fan Wyns, gemeente Tytsjerksteradiel. It tsjerkegebou is in ryksmonumint.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Om en de by yn it jier 1200 waard útein set mei de bou fan de Wynzer tsjerke, dy't wijd waard oan de hillige Fitus. De tsjerke waard oplutsen fan grutte reade bakstiennen, dy't maklik oer de Ie nei de boulokaasje ferfierd wurde koene. Yn dy tiid hiet Wyns Wininge en it doarp naam doe yn Eastergoa in tige wichtich plak yn. Mooglik tsjinne de tsjerke as it plak foar de grytmannen, dy't nei Wyns kamen om rjocht te sprekken en belangrike besluten te nimmen.[1] De toer fan de op in gruttendiels ôfgroeven terp lizzende tsjerke is krekt wat letter boud en waard dêrnei mei 2,30 meter oant hast 16 meter ferhege.[2]
Oant de reformaasje bleau Wyns in selsstannige parochy, dêrnei waard it doarp tsjerklik by de doarpen Gytsjerk en Oentsjerk foege.
Yn de twadde helte fan de 18e iuw fûn in grutte restauraasje fan it gebou plak.
De lytse rûnbôgeramen yn it fiifsidige koer binne yn de rin fan de tiid tichtmitsele, wylst de lytse rûnbôgeramen fan it tsjerkeskip yn de 18e iuw ferfongen waarden troch grutte ramen. Oan de noardlike kant fan de toer stiet in baarhûske út 1890. De midsiuwske tagong yn de noardlike muorre is nei 1747 tichtmitsele.[3]
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It doophek en de ûnder de Frânske besetting swart farve preekstoel datearje beide út it ein fan de 17e iuw. Foar it doophek lizze trije sarken út de 17e en 18e iuw, dy't by de restauraasje yn de jierren 1970 fûn binne. It jûnsmielreau dat yn 1866 oanskaft waard is fan sadanige kwaliteit, dat it yn it Frysk Museum útstald wurdt. In hearebank waard yn 1999 ferfongen troch stuollen en wurdt bewarre yn de opslach fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.[4]
De twa klokken, wêrfan't de âldste yn 1711 getten wie, waarden yn 1943 troch de besetter foardere en omsmolten. Yn 1949 krige de tsjerke twa lûdklokken werom, dy't troch Van Bergen yn Heiligerlee getten wiene.
Yn in fitrine fan de tsjerke wurde fynsten by de restauraasje fan 1974-1976 útstald. By dizze restauraasje waarden ek resten fan fresko's fûn, dy't fierder net bleatlein binne.[5]
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1889 boude Bakker & Timmenga in oargel foar de tsjerke. Oarspronklik soe it oargel fiif registers krije mei plak foar in sechde register, mar by oplevering ie bliken dat der dochs in sechde register tafoege wie. It piipmaterjaal fan dit register (fluit 4-foet) is neffens ûndersyk fan Jan Jongepier âlder en is fan Johannes Stephanus Strümphler (1736-1807) stamt. Oan it oargel is yn de rin fan de tiid net in soad feroare, it ûnderhald fan it ynstrumint is altiten by Bakker & Timmenga bleaun en in restauraasje fûn foar it lêst yn 2001 plak.
Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de fúzje fan de grifformearde en herfoarme tsjerke siet de Protestanske Gemeente Trynwâlden mei in oerskot oan tsjerken, wylst it tal leden fan de gemeente sakke. Dêrom waard der foar keazen om de tsjerke fan Wyns yn 2013 ôf te stjitten en oer te dragen oan de stifting "De Kulturele Tsjerke Wyns". Tagelyk mei de tsjerke waard ek it hôf fan de tsjerke oerdroegen oan de stifting. As oanset foar in duorsum behear fan tsjerke en hôf krige de stifting fan de Protestanske Gemeente Trynwâlden in saneamde breidsskat mei. De ôfspraak is dat de stifting de tsjerke brûkt foar lêzings en sosjaal-kulturele aktiviteiten. Ienris yn de moanne wurdt der yn de tsjerke in tsjinst fierd. Dêrnjonken wurde der ek rou- en troutsjinsten holden.[6]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|