Hagios Demetrios

Ut Wikipedy
Agios Dimitros

Ἁγία Σοφία

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Tessaloniki
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 7e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
offisjele webside
inad.gr

De Hagios Dimitrios is in Gryksk-otterdoksk tsjerkegebou yn Tessaloniki. De tsjerke is wijd oan de hillige Demetrius, de patroanhillige fan de stêd, en datearret út de tiid dat Tessaloniki de twadde stêd wie fan it Byzantynske Keizerryk. Nei de grutte stedsbrân yn 1917 waard de tsjerke wer opboud. Mei oare kristlike bouwurken fan de stêd stiet de tsjerke sûnt 1988 ynskreaun yn de UNESCO Wrâlderfgoedlist.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste tsjerke op dizze lokaasje waard yn de iere 4e iuw boud op it plak fan in romeinsk bad. In iuw letter liet de prefekt mei de namme Leontios it lytse oratoarium ferfange troch in gruttere, trijeskepige basilyk. Nei't de tsjerke ferskate kearen troch brân en ierdskoddings troffen waard folge yn de jierren 629-634 in weropbou as fiifskepige basilyk. Yn dy foarm hat de tsjerke it oant yn uze dagen folholden.

Mozaïek fan Demetrius en de stifters (7e/8e iuw)

De basilyk is ferneamd fanwegen de seis mozaïken fan Demetrius en de stifters fan de tsjerke mei harren bern. De mozaïken ûntstiene tusken de lêste weropbou en de infiering fan it ikoanoklastyske belied yn 730. Se fertsjintwurdigje de seldsume foarbylden fan keunst dy't de donkere tiid nei de dea fan Justinianus oerlibben. In ynskripsje ûnder ien fan de mozaïken ferhearliket de himel foar it sparjen fan de ynwenners fan Seloniki by in oerfal fan de heidenske Slaven yn 612.

Oare manjefike mozaïken fan it ynterieur gyngen ferlern yn de fjouwer iuwen dat de tsjerke troch de Osmaanske besetter as moskee brûkt waard (1493-1912) en by de grutte stedsbrân fan Tessaloniki yn 1917. De brân yn 1917 ferwoastge ek it dak en de boppemuorren fan de tsjerke. Bewarre swart-wyt ôfbylden en ferzjes fan wetterfarve jouwe in goede yndruk fan it Byzantynske fakmanskip, dat mei it fjoer foar ivich ferlern gyng.

By opgravings yn de jierren 1930-1940 waarden de oerbliuwsels fan in Romeinsk bad ûntdutsen. Dêr soe de hillige Demetrius finzen holden wêze. It wie ek it plak dêr't er eksekutearre waard. Gelearden geane der fan út dat Demetrius nei syn eksekúsje yn de put smiten is dy't ek by de opgravings fûn waard. By de opgravings waarden tal fan foarwerpen fûn, dy't yn it museum yn de krypte fan de tsjerke útstald wurde.

Nei de restauraasje waard de tsjerke yn 1949 op 'e nij ynwijd.

Krypte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de tsjerke leit it plak dêr't Demetrius as martelder ferstoar. Mei't yn de rin fan de tiid de boaiem jimmeroan heger kaam te lizzer waard dit diel fan de tsjerke in krypte. Neffens sawol de tradysje as argeologysk ûndersyk wie it in âld badhûs, dêr't Demetrius finzen setten waard en yn 303 de martlerdea stoar. Yn de 5e iuw, doe't de earste Demetriustsjerke boud waard, ha se dit plak yntegrearre yn de nijbou. De fontein waard yn in boarne mei hillich wetter feroare. Der waarden bassins oanlein, dêr't de leauwenden myron koene opfange, in swietrokige oalje makke fan de reliken fan de hillige. Yn de tiid fan de Osmaanske besetting waard de krypte tichtsmiten. It duorre oant nei de brân fan 1917 ear't de romte wer op 'e nij ûntdutsen waard. De krypte waard restaurearre troch de Argeologyske Tsjinst en is yn 1988 iepene as in tsjerkemuseum.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Hagios Demetrios