Springe nei ynhâld

Hagia Sofia (Tessaloniki)

Ut Wikipedy
Hagia Sofia
Ἁγία Σοφία
Lokaasje
lân Grikelân
plak Tessaloniki
adres Ermou
koördinaten 40° 37' N 22° 56' E
Tsjerklike gegevens
wijd oan Hillige Wiisheid
Arsjitektuer
boujier 8e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
Kaart
Hagia Sofia (Tessaloniki)
Hagia Sofia

De Hagia Sofia of de Tsjerke fan 'e Hillige Wiisheid is in grysksk-otterdokse tsjerke yn Tessaloniki, Grikelân. De tsjerke foarmet ien fan 'e Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki, dy't meiïnoar steane ynskreaun as wrâlderfgloed op 'e UNESCO-list.

Sûnt de 3e iuw stiet der op it plak fan 'e hjoeddeiske Hagia Sofia in tsjerke. It tsjintwurdige tsjerkegebou waard yn 'e 8e iuw boud, wêrfan't it plan bassearre wie op 'e Hagia Sofia yn Konstantinopel. Krúsfarders makken yn 1205 fan 'e tsjerke in katedraal en dat bleau sa oant de stêd yn 1246 wer oan it Byzantynske Keizerryk tafoel.

De tsjerke as moskee.

Doe't de Ottomaanske sultan Murad II op 29 maart 1430 de stêd ferovere, liet dy de tsjerke yn in moskee feroarje. Mei't der in ein oan 'e Turkske besetting kaam en de stêd yn 1912 troch de Griken befrijd waard, krige it gebou de oarspronklike funksje as tsjerke werom.

In brân yn 1890 brocht ek in soad skea oan 'e Hagia Sofia. Tusken 1907 en 1909 fûn der ûnder tafersjoch fan 'e Frânske histoarikus Charles Diehl in restauraasje plak. Nei de grutte stedsbrân yn 1917 waard in grut part fan it ynterieur bespleistere. De koepel waard net earder as yn 1980 restaurearre.

De tsjerke waard nei de Byzantynske byldestriid fan binnen mei fresko's beskildere. Eartiids wie de koepel fan 'e apsis mei gouden mozaïken en in grut krús fersierd. Yn 'e jierren 787-797 waard nei de oerwinning fan 'e ikoaneferearders it krús ferfongen troch in foarstelling fan 'e Teotokos. Yn 'e haadkoepel is sintraal Kristus útbylde mei de Grykske tekst út Hannelingen 1:11 (Jimme Galileeërs, wêrom steane jim dêr sa nei de himel te stoareagjen?). Om Kristus hinne steane de tolve apostels, Marije en twa ingels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Hagia Sophia, Thessaloniki


Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki

Aposteltsjerke
Byzantynsk badhûsDemetriustsjerkeElíatsjerkeKatarinatsjerkeLatomos-kleaster (Rjochtfeardige Davidtsjerke)PanteleimontsjerkeNikolaas OrfanostsjerkePanagia ChalkeontsjerkePanagia AcheiropoietostsjerkeRotonda (Sint-Joaristsjerke)SofiatsjerkeStedsmuorrenTransfiguraasjekapelVlatades-kleaster
· · Berjocht bewurkje