Panagia Acheiropoietostsjerke
Panagia Acheiropoietostsjerke Παναγία Αχειροποίητος | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Tessaloniki | |
adres | Agias Sofiasstrjitte | |
koördinaten | 40°38'N 22°56'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
wijd oan | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 5e iuw | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Kaart | ||
De Panagia Acheiropoietostsjerke (Gryksk; Παναγία Αχειροποίητος, Panagia Achiropiitos) yn 'e Grykske stêd Tessaloniki is in trijeskippige basilyk út de 5e iuw. De basilyk heart ta de pear ierbyzantynske tsjerken, dy oant de dei fan hjoed yn 'e oarspronklike foarm sûnder grutte feroaringen bewarre bleaun is. It tsjerkegebou stiet yn it sintrum fan 'e stêd oan 'e Agias-Sofiasstrjitte foar it Makedonomachon-plein oer, krekt noard fan 'e Egnatia-strjitte. Sûnt 1988 is de tsjerke ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Panagia Acheiropoietostsjerke waard op it gebiet fan in grut termekompleks boud, dat teminsten oant yn 'e lette 4e iuw noch yn gebrûk wie. De boutiid fan 'e tsjerke is net histoarysk fêstlein en moast fêststeld wurde op in pear kenmerken fan it gebou. De belangrykste yndikaasje foar in datearring yn 'e twadde helte fan 'e 5e iuw is it byldhouwurk. De tsjerke wie nei alle gedachten sûnt it begjin oan 'e Mem Gods wijd. De tafoeging Acheiropoietos ("net mei hannen makke") giet werom op in ikoan fan 'e Mem Gods. Dy namme wurdt foar it earst yn in oarkonde fan it jier 1320 neamd. De seldsume âldere boarnen fan 'e tsjerke hawwe it altiten oer de Teotokostsjerke. Op syn lêst sûnt de 14e iuw wurdt de Mem fan God hjir tegearre mei Sint-Demetrius fereare.
Nei de islamitsyke oermastering fan Tessaloniki yn 1430 waard de tsjerke as earste fan in grut tal tsjerken yn in moskee feroare. Dat wurdt mei in ynskrift oan 'e achtste pylder fan 'e noardlike arkade fan it skip dokumintearre. Tenei wie de tsjerke bekend ûnder de namme Eski Cuma Camii (âlde moskee), dy't as haadmoskee fan 'e stêd tsjinne. Sultan Mehmed IV kaam yn 1673 hjir te bidden by in besite oan Tessaloniki.
Nei de oerdracht fan 'e stêd oan Grikelân yn 1912 tsjinne de basilyk foar in skoft as needopfang foar kriichsflechtlingen. Sûnt 1930 wurdt it gebou wer as tsjerke brûkt.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is 36,5 m lang en 28 m breed. Oan de westkant is in narteks boud. Oan 'e súdlike kant leit in monumintale tagong en it eardere baptistearium. It haadskip wurdt troch in healrûne apsis ôfsletten en mei twa ferdjippingen arkades skieden. Yn it easten is in oan Sint-Irene wijde kapel. De kapitelen binne foar in part út de âldheid en foar in part 5e-iuwsk. Ek binne 5e iuwske mozaïken fragmintarysk bewarre bleaun. De 13e-iuwske fresko's stelle de Fjirtich Martlers fan Sebaste foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Panagia Acheiropoietos (ferzje 1 oktober 2024)
|