Springe nei ynhâld

Latomos-kleaster

Ut Wikipedy
Latomos-kleaster
Μονή Λατόμου
Lokaasje
lân Grikelân
plak Tessaloniki
koördinaten 40°38'N 22°57'E
Tsjerklike gegevens
wijd oan David fan Tessaloniki
Arsjitektuer
boujier 5e iuw
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Kaart
Latomos-kleaster (Tessaloniki)
Latomos-kleaster

It eardere Latomos-kleaster (Gryksk: Μονή Λατόμου, Moní Latómou) is in earder kleaster yn 'e Grykske stêd Tessaloniki. Fan it kleaster bleau in diel fan 'e Tsjerke fan 'e rjochtfeardige David (Gryksk: Όσιος Δαυίδ, Hosios David) oer, in 5e iuwsk gebou, út de Byzantynske tiid, dy't yn dy tiid as katolikon tsjinne. De tsjerke stiet sûnt 1988 as ûnderdiel fan Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki ynskreaun yn 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed. De tsjerke stie ûnder op 'e helling fan 'e akropolis fan 'e stêd.

It ferneamde apsismozayk.

De namme fan it kelaster giet werom op 'e stiengroeve yn 'e omjouwing. De earder oan 'e Ferlosser wijde kleastertsjerke waard yn 'e 5e iuw boud. De dekorative mozaïken en fresko's binne troch in anonime dochter fan keizer Galearius skonken. Neffens in berjocht fan 'e 9e iuwske abt Akapníou wie dat Teodoara. Neffens dat berjocht waarden de mozaïken ûnder keizer Leo de Armeenjer wer ûntdutsen. De katolikon waard yn 'e 12e iuw renovearre en doe dêrnei mei nije fresko's beskildere.

De tsjerke waard yn 'e 16e iuw ûnder Ottomaansk bewâld yn in moskee feroare. Dat bleau sa oant it gebou yn 1921 wer yn in Gryksk-Otterdokse tsjerke wijd waard. Doe krige de tsjerke ek de hjoeddeiske namme.

De oarspronklike tsjerke wie lyts en rjochthoekich mei in healrûne eastlike apsis en in tagong yn 'e westlike muorre. Yn elts fan 'e fjouwer hoeken wie in lytse romte ynboud, sadat der in tsjerke ûntstie yn 'e foarm fan in Gryksk krús, wêrfan't de earmen tonferwulften hienen. De tsjerke hie boppe de krusing in flakke koepel en fjouwer koepels op 'e hoeken.

De hiele westlike kant fan de tsjerke is sûnt de 16e iuw in ruïne en de tagong sit no yn 'e súdlike kant.

Nei't de Turken de stêd feroveren yn 1430, waard de tsjerke yn in moskee feroare en ferdwûnen de mozaïken en fresko's ûnder kalklagen. De ferneamde mozaïken waarden ûntdutsen nei't it gebou yn 1921 wer oan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke werom jûn waard. Yn 1929 binne yn 'e tsjerke opgravingen útfierd.[1]

It mozayk yn 'e apsis stamt út de 5e oant 6e iuw. De fresko's binne 12e-iuwsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Latomos-Kloster (ferzje 1 oktober 2024)


Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki

Aposteltsjerke
Byzantynsk badhûsDemetriustsjerkeElíatsjerkeKatarinatsjerkeLatomos-kleaster (Rjochtfeardige Davidtsjerke)PanteleimontsjerkeNikolaas OrfanostsjerkePanagia ChalkeontsjerkePanagia AcheiropoietostsjerkeRotonda (Sint-Joaristsjerke)SofiatsjerkeStedsmuorrenTransfiguraasjekapelVlatades-kleaster
· · Berjocht bewurkje