Tsjerke fan de profeet Elía (Tessaloniki)
Elíatsjerke Ναός Προφήτη Ηλία | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Tessaloniki | |
adres | Varvakistrjitte | |
koördinaten | 40° 38' N 22° 56' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
Kaart | ||
De Tsjerke fan 'e profeet Elía (Gryksk: Ναός Προφήτη Ηλία) is in Byzantysk tsjerkegebou út de tiid fan 'e Paleologen (1259 oant 1453) yn 'e Grykske stêd Tessaloniki. De tsjerke stiet súd fan 'e Olimpiados-strjitte yn 'e boppestêd en is sûnt 1988 diel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon ûndersikers tinke dat de Elíatsjerke de kleastertsjerke fan Néa Moní west hat, dat yn 'e 14e iuw troch de muonts Makarios Choumnos stifte is. Oaren miene dat it de katolikon fan it Akapníou-kleaster wie. Sûnt de tsjerke yn 'e Osmaanske tiid as moskee feroare waard, stie it gebou bekend as Saraylı Camii. De namme Elíatsjerke is net oarspronklik en fan lettere tiid. Yn 'e jierren 1956 oant 1961 is der rekonstruksjewurk útfierd, wêrby't de bûtenste steunbearen ferwidere waarden.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muorren fan stiennen blokken en lagen bakstien is gjin wenst yn 'e arsjitektuer fan Tessaloniki en ferwiist earder nei de tsjerken fan Konstantinopel. De tsjerke hat in klaverblêdfoarmige plattegrûn mei trije apsissen. West fan 'e tsjerke leit in rjochthoekige narteks mei in op fjouwer pylders rêstend krúsferwulft. Oan 'e narteks grinzget in iepen hal. De krúsfoarmige tsjerke hat in grutte koepel mei in trochsnit fan 5,5 meter.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e narteks en fragmintarysk yn 'e tsjerke en de kapellen binne fresko's bewarre bleaun, dy't út 1360 datearje en wûnders en foarstellings fan Kristus en hilligen foarstelle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kirche des Propheten Elias (Thessaloniki)
|