Springe nei ynhâld

Vlatades-kleaster

Ut Wikipedy
Vlatades-kleaster
Μονή των Βλατάδων
Lokaasje
lân flagge fan Grikelân Grikelân
plak Tessaloniki
adres Eptapirgiou 64
koördinaten 40° 38' N 22° 57' E
Kleastergegevens
denominaasje Gryksk-Otterdokse Tsjerke
patroanhillige Transfiguraasje
Ynformaasje bou
boujier 14e iuw
Kaart
Vlatades-kleaster (Tessaloniki)
Vlatades-kleaster

It Vlatades-kleaster (Gryksk: Μονή των Βλατάδων; Moní ton Vlatádon) is it iennige noch bewarre Byzantynske kleaster fan 'e Grykske stêd Tessaloniki. It is in stauropegiaal kleaster, dat wol sizze it kleaster falt fuort ûnder it Oekumenyske Patriarchaat. It kleaster leit yn 'e boppestêd fuort by de Akropolis en is sûnt 1988 ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki. Yn it kleastergebiet lizze ferskillende systernen, dy't op 'e wetterlieding fan 'e berch Chortiatis oansletten binne. It kleaster besit meardere tsjerken yn en bûten de stêd.

It kleaster waard nei alle gedachten healwei de 14e iuw stifte en wie ynearsten oan 'e Hearsker fan 'e Wrâld (Pantokrator) wijd. Hjoed-de-dei is it kleaster wijd oan 'e Transfiguraasje.

Nei de Osmaanske oermastering fan Tessaloniki ha de Turken der foar in koart skoft in islamitysk hillichdom fan makke. Yn 'e Osmaanske tiid waard it Çavuş Manastır neamd.

Fresko's.

Om de katolikon steane njoggen gebouwen fan in patriarchaal ûndersyksynstitút, dat yn 1968 stifte waard. De tsjerke is in fariant op in krúskoepeltsjerke, wêrby't de koepel op 'e achtsidige tamboer net op fjouwer pylders mar op 'e muorren fan 'e alterapsis en twa westlike pylders rêst, dat al by de foargonger sa wie. De kearn fan it gebou wurdt op trije siden troch in omgong mei twa eastlike kapellen omfieme, dy't foar it grutste part tusken 1801 en 1907 boud waard. It muorrewurk bestiet ôfwikseljend út lagen fan rûge natoerstien en lagen bakstien.

Tusken 1980 en 1981 waarden yn 'e tsjerke en omgong fresko's ûntdutsen, dy't op 1370 datearre wurde. De ikonostaze datearret fan 'e 17e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Vlatades-Kloster


Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki

Aposteltsjerke
Byzantynsk badhûsDemetriustsjerkeElíatsjerkeKatarinatsjerkeLatomos-kleaster (Rjochtfeardige Davidtsjerke)PanteleimontsjerkeNikolaas OrfanostsjerkePanagia ChalkeontsjerkePanagia AcheiropoietostsjerkeRotonda (Sint-Joaristsjerke)SofiatsjerkeStedsmuorrenTransfiguraasjekapelVlatades-kleaster
· · Berjocht bewurkje