Springe nei ynhâld

Roger Ailes

Ut Wikipedy
Roger Ailes
Roger Ailes yn 2013.
Roger Ailes yn 2013.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Roger Eugene Ailes
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 maaie 1940
berteplak Warren (Ohio)
stoarn 18 maaie 2017
stjerplak Palm Beach (Floarida)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt algemien direkteur fan Fox News (1996-2016)
direkteur fan Fox Television Stations
direkteur fan 20th Television
jierren aktyf 1961 - 2017 (syn ferstjerren)

Roger Eugene Ailes (Warren (Ohio), 15 maaie 1940 - Palm Beach (Floarida) 18 maaie 2017) wie in Amerikaanske tillefyzje-foaroanman en presintator en polityk adviseur. Hy wie de direkteur fan de rjochtse nijsstjoerder Fox News, Fox Television Stations en 20th Television, dêr't er yn july 2016 opstapte doe't er troch 23 froulju beskuldige waard fan seksuële yntimidaasje. Roger Ailes wie polityk adviseur fan de republikeinske presidinten Richard Nixon, Ronald Reagan en George H. W. Bush en foar de kampanje foar it boargemasterskip fan Rudy Giuliani yn New York. Yn 2016 waard er in adviseur fan de kampanje fan it presidintskip fan Donald Trump, dêr't er holp mei it tarieden fan debatten.

Roger Ailes wie in hemofilypasjint. Hy ferstoar op 18 maaie 2017 yn de âldens fan 77 jier, nei't er in subduraal hematoom nei in fal krigen hie, troch syn hemofily.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roger Ailes wie hikke en tein yn de yndustrystêd Warren (Ohio) as de soan fan Robert Eugene Ailes, in fabryksfoaroanman, en Donna Marie Cunningham. Roger Ailes wie in hemofilypasjint en wie yn syn jonkheid dêrtroch gauris yn it sikehûs. Ailes gie nei de Warren G. Harding high School yn Warren. Roger Ailes waard troch syn heit mishannele en syn âlden skaten yn 1960.

Yn 1962 slagge er oan de Universiteit fan Ohio yn Athens (Ohio) yn de fakken radio en tillefyzje. Hy tsjinne dêr as de studinte stasjonsmanager fan de stjoerder fan de universiteit WOUB foar twa jier.

Roger Ailes by presidint Richard Nixon yn 1969
Roger Ailes (rjochts) foar presidint Ronald Reagan oer yn 1984
Roger Ailes mei Ronald Reagan yn 1986
Roger Ailes mei presidint George H. W. Bush yn 1990

De karriêre fan Roger Ailes yn de tillefyzje sette útein yn Cleveland en Philadelphia, dêr't er begûn as produksje-assistint (1961), produsint (1965) en útfierend produsint (1967-1968) foar pleatslike stjoerder KYW-TV, foar it doedestiidske noch pleatslike praatprogramma The Mike Douglas Show. Hy bleau de útfierend produsint doe't it programma in nasjonaal programma waard. Hy wûn yn 1967 en 1968 de Emmy Award dêrtroch.

Yn 1967 rekke er behelle yn in diskusje oer tillefyzje en polityk mei Richard Nixon, dy't doe gast yn it programma wie. Letter skille Nixon Ailes op om as syn útfierend produsint foar syn kampanje foar de presidintsferkiezings foar tillefyzje te tsjinjen. De suksesfolle kampanje fan Nixon waard Roger Ailes syn earste politike ûndernimming.

Yn 1984 wurke er foar de kampanje fan Ronald Reagan om him fannijs te kiezen by de presidintsferkiezings, en yn 1988 wurke er foar de kampanje fan George H. W. Bush. Yn 1991 wurke er foar de net suksesfolle kampanje fan Richard Thornburgh út Pennsylvania, dy't foar in posysje yn de Amerikaanske Senaat rûn. Roger Ailes makke dêrnei dien mei syn polityk advys. Nei de oanslaggen op 11 septimber 2001 advisearre er presidint George W. Bush dat it Amerikaanske publyk geduld hawwe soe salang't se oertsjûge wiene dat Bush de terroristen sa hurd mooglik oanpakke soe.

Ailes kearde yn 1993 werom nei de tillefyzje en waard warber op de keabeltillefyzje. Wy waard direkteur fan CNBC en letter rjochte er de stjoerder America's Talking, dat letter MSNBC wurde soe, op. Hysels waard de presintator fan in praatprogramma. Yn 1995 rekke Ailes belutsen yn in ûndersyk dy't NBC útfierde nei't er derfan beskuldige waard meiwurker David Zaslav "in smoarge lytse joadske kloatsek" te neamen.

Yn 1996 waard Ailes troch mediamagnaat Rupert Murdoch oannommen om algemien direkteur fan Fox News, dy't op 7 oktober 1996 úteinsette, te wurden.

Nei it ferfarren fan Lachlan Murdoch, de soan fan Rupert Murdoch, fan News Corporation waard Ailes op 15 augustus 2005 beneamd ta direkteur fan Fox Television Stations

Yn 2011 kamen hy en Fox News yn opspraak nei't 400 rabbys yn de Feriene Steaten dy't in brief yn de Wall Street Journal skreaune dy't rjochte wie oan Rupert Murdoch, de eigener fan de krante en fan Fox News. Dêryn beklagen se harren deroer dat Glenn Beck, in programmamakker op de nijsstjoerder, eltse organisaasje of persoanlikheid dêr't er it net mei iens wie, mei de holokaust ferlike en dat dy foar George Soros, in rike sakeman, en syn "polityk-loftse organisaasje" wurkje soene. Ailes ferwiisde nei dy rabbys as polityk-loftse rabbys.

Ek waard der klage dat Ailes de útfierders fan de publike nijsstjoerder NPR "nazys" neamde, nei't NPR syn meiwurker Juan Williams dien joegen, nei't er opmerkings dien hie, dy't neffens NPR net troch de bûgel koe. Ailes letter makke syn ferûntskuldigings foar de joadske groep oer, mar net oan NPR. Hy sei dat Glenn Beck en himsels "pro-Israel" wiene.

Yn 2012 waard Ailes syn kontrakt by Fox News oant 2016 ferlinge. Doe soe der 20 jier oan it haad stean by de nijsstjoerder. Syn salaris waard net bekend makke, mar yn 2012 moat er, mei bonussen, $21 miljoen fertsjinne hawwe. Hy waard njonken direkteur fan Fox News en Fox Television Stations ek de direkteur fan 20th Television, MyNetworkTV en Fox Business Network

Seksuële yntimidaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in boek fan Gabriel Sherman dat yn 2014 útjûn waard, beskuldige Sherman Ailes derfan dat er yn de 1980-er jierren in tillefyzjeprodusint salarisferheging oanbea om earst mei him op bêd te gean. Fox News ûntkende dy beskuldiging en wiisde de betrouberens fan it boek ôf.

Op 6 july 2016 spande de eardere nijslêzeres Gretchen Carlson in rjochtsaak oan tsjin Ailes foar beskuldiging fan seksuële yntimidaasje. Dêrnei kamen noch mear as tolve froulike wurklju fan 21st Century Fox nei foaren om fan harren ûnderfining mei Ailes syn gedrach te tsjûgen. Carlson beskuldige him derfan dat se dien krigen hie, nei't se Ailes ôfwiisde doe't dy oan har begûn te sitten. Ailes ûntkende dy beskuldigings lykwols. Trije dagen letter die Gabriel Sherman ferslach oer seis froulju, wêrfan't der twa yn it iepenbier en fjouwer anonym, dy't Ailes fan seksuële yntimidaasje beskuldigen.

Opstappen by Fox News

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsien dagen letter die it tydskrift New York ferslach fan dat der in ûndersyk, nei de beskuldigings fan Carlson, dy't fierder gie nei it liederskip fan Ailes. Ek waard der ferslach fan makke dat Rupert Murdoch en syn soannen, Lachlan en James, genôch ynformaasje sjoen hiene om ta it punt te kommen dat Ailes fuort moast. James woe Ailes fuortendaliks dien jaan, mar Rupert en Lachlan woene oant nei de Republikeinske Nasjonale Konvinsje wachtsje. Op 19 july makke New York ferslach fan dat nijslêzeres Megyn Kelly ûndersikers sein hie dat Ailes "ûnwinske seksuële hannelings foar har oer" die by it begjin fan har karriêre. Ek waard der ferslach fan makke dat de Murdochs Ailes oant 1 augustus de tiid joegen om op te stappen of oars soe er dien krije.

Op 21 july 2016 stapte Ailes op by Fox News, en ûntfong noch in opstappreemje fan $65 miljoen fan 21 Century Fox, dat doe noch it memmebedriuw wie fan 20th Century Fox en Fox News. Rupert Murdoch folge him op as algemien direkteur oant der in ferfanging fûn waard.

Nei't Ailes dien joech, makke presentatrise Andrea Tantaros yn augustus 2016 bekend dat se Fox News beneiere oer Ailes syn gedrach foar har oer yn 2015. Hja sei dat har beskuldigings der ta late dat se degradearre waard en yn april 2016 krige se gjin stjoertiid mear. Tantaros spande yn augustus 2016 in rjochtsaak oan tsjin Fox News foar seksuële yntimidaasje, dêr't ek Bill O'Reilly en Scott Brown fan beskuldige waarden.

Op 8 augustus 2016 skreau Shelley Ross yn The Daily Beast oer har ûnderfining mei Ailes yn 1981. De folgjende moanne die 21st Century Fox in skikking mei Carlson oer har beskuldigings tsjin Ailes. Ek waarden der mei twa oare froulju, dy't Ailes beskuldigen, skikkings dien.

Yn novimber 2016 skreau Fox-presintatrise Megyn Kelly yn har boek oer har ûnderfining mei Ailes. Neffens Kelly, doe't se by Fox úteinsette, hie Ailes gauris byienkomsten mei har dêr't er seksuële opmerkings oer har makke efter sletten doarren. Ek sei Kelly dat Ailes har besocht hie te tútsjen, mar se wist it kantoar út te kommen. Nei dat foarfal yn 2006, sei se, yntimidearre Ailes har net mear. Doe't Gretchen Carlson yn 2016 mei har bekuldigings om utens kaam, waard Kelly troch 21st Century Fox ûnder druk setten en ferdigenje Ailes, itjinge se wegere te dwaan.

Yn 2016 nei't Ailes Fox News ferliet, waard er in adviseur foar de kampanje fan Donald Trump, dêr't er holp mei it tarieden fan debatten.

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roger Ailes hat trije kear troud west, wêrfan't de earste twa einigen yn in skieding. Hy boaske yn 1960 Marjorie White dêr't er yn 1977 fan skate. Yn 1981 boaske er Norma Ferrer, dêr't er yn 1995 fan skate.

Op 14 febrewaris 1998 boaske er syn tredde frou, Elizabeth Tilson, berne yn 1960. Hja wie earder in tillefyzje útfierder, en se wie de eigener en útjouwer fan de pleatslike nijsblêden yn de steat New York: The Putnam County News & Recorder en The Putnam County Courier. Roger Ailes hie ien soan, Zachary, mei syn tredde frou Elizabeth.

De famylje wenne yn Garrison (New York), dêr't harren residinsje op in heuvel stiet en de rivier de Hudson en de Amerikaanske Militêre Akademy fan West Point oersjocht. Ek hiene se residinsjes yn Creskill (Nij-Jersey) en Palm Beach (Floarida)

Roger Ailes wie in goede freon fan sjoernalist en tillefyzje-persoanlikheid Barbara Walters.

Yn it boek Roger Ailes: Off Camera fan 2013 spruts Ailes oer de dea: "Om myn hemofily, bin ik op de dea taret gâns myn libben. As it komt, bleau ik der rêstich oer. Ik sil it libben dochs wol misse. Benammen myn famylje."

Op 10 maaie 2017 foel Ailes en stjitte er syn holle yn syn residinsje yn Palm Beach. Hy ferstoar op 18 maaie, trije dagen nei syn 77ste jierdei. Ut medysk ûndersyk waard fêststeld dat er ferstoar oan subduraal hematoom, dat troch syn hemofily kaam. Syn frou makke syn dea buorkundich op de Drudge Report.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: References op dizze side.