Springe nei ynhâld

Megyn Kelly

Ut Wikipedy
Megyn Kelly
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Megyn Marie Kelly
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 novimber 1970
berteplak Syracuse (New York)
etnisiteit Iersk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, ferslachjouster,
presintatrise, kommentatrise
medium tillefyzje
wurksum by FOX
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
Megyn Kelly op Twitter

Megyn Kelly (folút: Megyn Marie Kelly; Syracuse (New York), 18 novimber 1970) is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster, presintatrise en polityk kommentatrise fan mingd Iersk-Italjaansk etnysk komôf. Hja begûn har karriêre as abbekate en wie oant 2006 wurksum ûnder de namme Megyn Kendall. Yn 'e simmer fan 2015 kaam hja wrâldwiid yn it nijs doe't de Republikeinske presidintskandidaat en miljardêr Donald Trump har persoanlik oanfoel nei't se in debat laat hie wêrby't se him in stikmannich krityske fragen steld hie.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kelly waard yn 1970 berne yn Syracuse, yn 'e steat New York, as de dochter fan Edward Kelly, in dosint oan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Albany dy't kaam te ferstjerren doe't Kelly fyftjin jier wie, en dy syn frou Linda, in húsfrou. Oan har heite kant is se fan Iersk komôf, wylst se oan har memme kant Italjaansk bloed hat. Doe't Kelly njoggen jier wie, ferhuze it gesin nei Delmar, in foarstêd fan 'e Newyorkske steatshaadstêd Albany, dêr't se fierder opgroeide. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie oan 'e Bethlehem Central High School yn Delmar, studearre se politikology oan 'e Universiteit fan Syracuse, en yn 1995 behelle se in masterskip yn 'e rjochten oan 'e Rjochteskoalle fan Albany

Kelly wurke fanôf 1995 by it abbekatekantoar Bickel & Brewer yn Chicago, en letter joech se har by it kantoar Jones Day, yn Cleveland. Yn 2003 ferfear se nei Washington, D.C., dêr't se troch it tillefyzjestasjon WJLA-TV, in pleatslike ôfdieling fan 'e Amerikaanske lanlike stjoerder ABC, oannommen waard as ferslachjouster. Yn 2004 stapte se oer nei it lanlike Fox News Channel, dêr't se û.m. meiwurke oan 'e programma's Special Report, Weekend Live, The O'Reilly Factor en On the Record. Yn febrewaris 2010 krige se har eigen programma, America Live, wêryn't se de eftergrûnen by it nijs beljochte.

By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012 kaam Kelly yn it nijs troch har krityske ferslachjouwing, ek oangeande de Republikeinske Partij, hoewol't it Fox News Channel oars altyd dúdlik partij kiest foar de Republikeinen en yn 'e regel net fan objektive ferslachjouwing beskuldige wurde kin. Doe't de opinypeilings oanjoegen dat Barack Obama in twadde termyn as presidint winne soe, en de Republikeinske analyst Karl Rove kenber makke dat er it dêr net mei iens wie, frege Kelly him lykwols: "Is dit gewoan in berekkening dy't jo as Republikein meitsje om josels in better gefoel te jaan? Of is dit echt?"

Fanwegen swierensferlof gie Kelly yn july 2013 by America Live wei, wêrnei't hja yn novimber fan dat jier úteinsette mei in nij programma, The Kelly File. Yn desimber ûntstie der in lyts skandaaltsje doe't se op 'e tillefyzje bewearde dat "Jezus in blanke wie," dat al rillegau belune doe't se twa dagen letter oanjoech "in bytsje provosearje" wollen te hawwen en tajoech dat de hûdskleur fan Jezus Kristus "in iepen fraach" is. Kelly krige yn augustus 2015 ek bûten de Feriene Steaten bekendheid, doe't se yn 'e oanrin nei de presidintsferkiezings fan 2016 in tillefyzjedebat late tusken de tsien wichtichste kandidaten út 'e foarferkiezings fan 'e Republikeinske Partij. De kandidaat dy't yn 'e opinypeilings alle oaren efter him liet, wie de ûndernimmer, miljardêr en realitytillefyzjestjer Donald Trump. Kelly har petear mei him gie sa:

Kelly: Jo hawwe yn it ferline froulju dêr't jo net oer mochten 'fette bargen', 'trutten', 'fiislakken' en 'walchlike swijnen' neamd.
Trump: Allinnich Rosie O'Donnell mar.
Kelly: Op jo Twitter-account steane ferskate útspraken wêryn't jo froulju om harren uterlik ôfrinne litte. Jo hawwe ris tsjin in kandidate yn it programma The Celebrity Apprentice sein dat it 'in moai plaatsje wêze soe om har op 'e knibbels te sjen'. Klinkt dat as it hâlden en dragen fan in man dy't wy as ús presidint kieze moatte soene? En wat sizze jo op 'e bewearing fan Hillary Clinton – dat jo diel útmeitsjen fan 'e oarloch tsjin 'e frou?
Trump: Neffens my is it grutste probleem fan dit lân dat it sa polityk korrekt is.

Neitiid bewearde Trump yn in fraachpetear mei Don Lemon, fan CNN USA, dat Kelly alhiel talintleas wie en dat har by de oangeande wurdewikseling ûnder it debat "it bloed út 'e eagen rûn... dat it bloed har út 'e wit-ik-wêr rûn." De measte minsken fetten dy útspraak op as in bewearing dat Kelly Trump ûnrjochtlik tenei kommen wêze soe om't se de regels hân hawwe soe. Trump ferdigene him tsjin 'e stoartfloed oan krityk dy't er doe oer him hinne krige troch te sizzen dat er mei "har wit-ik-wêr" har noas bedoeld hie. De troch FOX organisearre wichtige RedState-konvinsje loek as gefolch fan Trump syn útspraak de útnûging oan him yn. Likegoed wiene der ek ferskate Republikeinske politisy en sjoernalisten dy't Trump syn útspraken besochten te behimmeljen en dêrby Kelly de skuld op 'e lea skoden.

Yn july 2016, doe't der fan ferskate kanten beskuldigings tsjin Fox News-CEO Roger Ailes ynbrocht waarden, dy't froulike wurknimmers lestichfallen hawwe soe mei ûnwinske yntimiteiten en guon fan harren ûnder druk set hawwe soe om seks mei him te hawwen, makke Kelly bekend dat sy ek ferskate jierren lang it slachtoffer west hie fan Ailes syn misdragings. Ailes ûntstried alle beskuldigings, mar wie twongen en lis syn funksje del. Spesifyk yn it ramt fan 'e beskuldigings fan Kelly waard derop wiisd dat hja yn ferskate fraachpetearen yn foargeande jierren Ailes en har wurkrelaasje mei him krekt ophimele hie. Yn Kelly har ferdigening waard troch guon kommentator ynbrocht dat hja as ûnderhearrige fan Ailes doe noch net yn 'e gelegenheid wie om 'e wierheid te fertellen sûnder dat soks gefolgen hân hawwe soe foar har karriêre. Begjin jannewaris 2017 waard bekend dat Kelly by Fox wei gie om in nij programma te presintearjen op 'e stjoerder NBC.

Kelly is in praktisearjend roomsk-katolyk. Se troude op 29 septimber 2001 mei in Daniel Kendall, dy't anestesiolooch wie. Dêrfandinne dat hja yn har iere tillefyzjekarriêre bekendstie as Megyn Kendall. Dat houlik einige lykwols yn 2006 yn in skieding. Neitiid wertroude Kelly yn 2008 mei Douglas Brunt, in ûndernimmer dy't earst presidint-direkteur fan it i.t.-bedriuw Authentium wie en letter in foltiidskarriêre as skriuwer begûn. Mei him hat Kelly trije bern.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.