Springe nei ynhâld

Roedeburch

Ut Wikipedy
Roedeburch op in ôfbyld út 1653, de stins stiet om de twa húskes yn de midden fan it ôfbyld

De Roedeburch, ek Roadeburch of Rodenburg wie earder in stins yn Snits yn de gemeente Wymbritseradiel. Fan de stins is neat werom te finen.

De stins moat al foar 1400 boud wêze. Wurdt foar it earste neamd yn 1398, as Rewenich fan der Sneke, dy't ek wol Rienick Bockema neamd wurdt, troch greve Albrecht fan Hollân beliend wurdt mei it baljuwskip fan 'Alde Waghenbrugge', in gebiet dat de lettere gritenij Wymbritseradiel foarme. Rewenich heart ta de Fetkeapers en moat yn 1400 nei Starum flechtsje yn ferbân mei de oplûkende Skieringers. Mar dêr wie er net feilich en flechte nei Hollân, syn besittings waarden yn beslach nomd. De Greve fan Hollân holp him, troch him in jierjild ta te kennen. Yn 1402 kin hy weromkomme, meidat de frede sluten is. Spitigernôch is yn stins Roedeburch ferwoaste.

Yn 1402 houlikt hy syn dochter His út oan Agge Harinxma thoe Heeg. Fjouwer jier letter stiftet hy it kleaster Thabor by Tearns, dêr't hy wer fjouwer letter yntreedt. "Die heerschappie van Sneeck' lit hy oer oan syn skoansoan. De famylje Harinxma thoe Heeg hie mear liedingjaande funksjes: twa bruorren fan Agge wiene haadling yn Heech en Drylts. Agge feroaret syn namme yn Harinxma fan Snits.

As Agge yn 1422 stjert, wurdt hy opfolge troch syn soan Bocke (I). Dizze haadling hie frijwat macht: sa mocht hy ûnder oare de skepen kieze. Mar hjir kaam yn 1456 feroaring yn. Harren macht waard beheind troch it stedsrjocht: Bocke of ien fan syn neisieten mocht mar ien kear yn 't jier ien skepen kieze fan de 36; de haadling bleau lykwols al de earste fan de stêd.

It laach Harinxma fan Snits stjert yn 1499 mei de dea fan Bocke II út. De werklike macht fan de haadling wie doe al hielendal ôfbrokkele, meidat de Saksyske hartoggen der in sintraal gesach fêstigen.

De Stins stie mooglik besuden de Hoarse, dy't súd fan Twellingea streamt. Wa't de Hoarsewei rjochting De Jouwer folget, sjocht fuort nei de brêge oer de Hoarse links in pear pleatsen. Op dit strategyske plak rûnen fjouwer wetterwegen gear: de Hoarse, Stobberak, feart út Twellingea en Toppenhuzen nei Snits en de wyls dimpte Tynjesleat nei Langwar en De Jouwer.

Yn Snits hawwe we de Nauwe en Wide Burgstrjitte, nammen dy't ferwize nei dizze fersterke stins. Trochdat lilke Snitsers yn de 14e iuw de stins fernield hawwe is net bekend hoe't de stins derút sjoen hat.

  • 1398 - 1410 Rewenich fan der Sneke
  • 1410 - 1422 His fan der Sneke, troud mei Agge Harinxma thoe Heeg
  • 1422 Bocke (I) Harinxma fan Snits
  • - 1499 Bocke II Harinxma fan Snits

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: