Ried fan Trije Fjurren

Ut Wikipedy

De Ried fan Trije Fjurren (Ingelsk: Council of Three Fires; Odjibwe: Niswi-mishkodewin) wie in langjierrige politike konfederaasje en in militêr bûnsgenoatskip tusken de Odjibwe, de Ottawa en de Potawatomy, trije nau besibbe Yndiaanske folken út it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Ek tsjintwurdich wurdt hjirfan noch wol sprutsen. Foarhinne gie it om in formele alliânsje; tsjintwurdich binne de ûnderlinge bannen ynformeel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Odjibwe of Tsjippewa (Ojibwe of Chippewa), de Ottawa (Ottawa of Odawa) en de Potawatomy (Potawatomi) foarmen fan oarsprong nei alle gedachten ien etnyske groep, dy't him wierskynlik tusken 500 en 1000 yn it gebiet fan 'e Grutte Marren nei wenjen sette út in earder heitelân oan 'e Atlantyske kust wei. De trije ûnderskate etnyske identiteiten moatte neitiid ûntstien wêze. Oan 'e hân fan 'e mei piktogrammen beskreaune bastrôlen fan it Midewiwin-genoatskip (fan medisynlju) datearre de Potawatomy-âldste Shup-Shewana de formaasje fan 'e Ried fan Trije Fjurren yn it jier 796, te Michilimackinac oan 'e Strjitte fan Mackinac tusken Opper- en Neder-Michigan.

Yn 'e organisaasje fan 'e Ried fan Trije Fjurren fierden de Odjibwe de oantsjutting of titel fan 'âldste broer', wylst de Ottawa de 'middelste broer' wiene en de Potawatomy de 'jongste broer'. Fan gefolgen is it sa dat altyd as der fan 'e 'Odjibwe, Ottawa en Potawatomy' (yn dy folchoarder) sprutsen wurdt, der ymplisyt ferwiisd wurdt nei de Ried fan Trije Fjurren. Fierders wiene de Odjibwe de 'warders fan it leauwe', de Ottawa de 'warders fan 'e hannel' en de Potawatomy de 'warders fan it fjoer'. By de Potawatomy waard dy oantsjutting de grûnslach foar harren nasjonale identiteit, mei't harren etnonym, Boodewaadamii (yn it Odjibwe) of Bodéwadmi (yn it Potawatomy) ôflaat is fan it wurd foar "fjoer", boodawaadam.

Hoewol't de Ried fan Trije Fjurren ferskate moetingsplakken hiene, begûn men meitiid de foarkar te jaan oan Michilimackinac, fanwegen de sintrale lokaasje. Ynsafier't de ôfstannen en it aard fan 'e yndividuële krigers en opperhaden dat talieten, fierde de Ried fan Trije Fjurren in mienskiplik polityk en militêr belied foar de oanbuorjende folken oer. Dêrby gie it benammen om 'e Sôk, Foks, Menominy, Winnebago, Irokezen, Huroanen en , en letter ek de Frânsen, Britten en Amerikanen.

Troch it oanmoedigjen fan hannel hie de Ried fan Trije Fjurren yn 'e regel freedsume relaasjes mei de buorfolken, hoewol't skelen oer it oandiel yn 'e lukrative pelshannel ferskate kearen ta oarloch laten mei de Irokeeske Konfederaasje yn it easten en de Grutte Sû Naasje yn it westen. Under de Frânske en Yndiaanske Oarloch (1754-1763) focht de Ried fan Trije Fjurren oan 'e kant fan 'e Frânsen tsjin 'e Britten, wêrby't se ta de ferliezende partij hearden.

Nei't yn 1776 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch útbrutsen wie, ûntjoech de Ried fan Trije Fjurren him ta it wichtichste ûnderdiel fan 'e Yndiaanske Konfederaasje fan de Grutte Marren, dy't fierdere kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de Amerikanen tsjinkeare woe. Under de Noardwestlike Yndiaanske Oarloch (1785-1795) en de Oarloch fan 1812 (1812-1815) focht de Ried fan Trije Fjurren mei de Britten tsjin 'e Feriene Steaten. De ferskate nederlagen tsjin 'e Amerikanen, dy't nettsjinsteande alle krewearjen dochs de kolonisaasje fan it gebiet fan 'e Grutte Marren ta gefolch hiene, betsjutte de ein fan 'e Ried fan Trije Fjurren as in polityk-militêre organisaasje. As der tsjintwurdich noch fan 'e Ried sprutsen wurdt, bedoelt men dat yn in ynformele, etnografyske sin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.