Springe nei ynhâld

Reddingius

Ut Wikipedy

Reddingius (as: Benthem Reddingius, à Brakel Reddingius, Folmer Reddingius, Lubeley Reddingius en Roskamp Reddingius) is in Nederlânske famylje dy't opnaam is yn it genealogysk neislachwurk Nederland's Patriciaat.

De âldst bekende stamheit fan it laach is ds. Judocus Reddingius dy't 1566 op de bûtenpleats Reddingshove ûnder Hamm yn Dútslân berne waard. Hy wie rektor fan de Latynske skoalle yn Haselünne en predikant yn Eastermar en Jistrum. Judocus syn neisieten waarden ek predikant en yn de rin fan de tiid ferfolden guon leden ek bestjoersfunksjes.

De genealogy fan de famylje waard yn de jiergongen 3 en 30 yn it Nederland's Patriciaat opnaam.

Judocus Reddingius (1566-1642), predikant

  • Wibrandus Gerardus Reddingius (1627-1678), predikant
    • Regnerus Petrus Reddingius (1666-1726), predikant
    • Fredericus Reddingius (1700-1782), predikant
  • Bernardus Reddingius (1638-1705), predikant

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Patriciaat 30 (1944), s. 238 e.f.