Quigley Down Under
Quigley Down Under | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Simon Wincer | |
produsint | Stanley O'Toole Alexandra Rose | |
senario | John Hill | |
kamerarezjy | David Eggby | |
muzyk | Basil Poledouris | |
filmstudio | Pathé Entertainment | |
distribúsje | MGM | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Selleck Laura San Giacomo Alan Rickman | |
byrollen | Chris Haywood Ron Haddrick Tony Bonner Jerome Ehlers | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Austraalje | |
premiêre | 17 oktober 1990 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | western | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 119 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $18 miljoen | |
opbringst | $21.413.105 |
Quigley Down Under is in Amerikaansk-Australyske westernfilm út 1990 ûnder rezjy fan Simon Wincer, mei yn 'e haadrollen Tom Selleck, Laura San Giacomo en Alan Rickman. It ferhaal giet oer de Amerikaanske skerpskutter Matthew Quigley, dy't tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw troch in Australyske grutgrûnbesitter ynhierd wurdt om 'e Aborizjinals dy't op syn lân libje, út te rûgjen. Dat wie Quigley lykwols net ferteld foar't er de lange seereis út Noard-Amearika wei makke, en de Amerikaan ûntpopt him ta in grutter probleem as dat de Aborizjinals ea wiene. Quigley Down Under is in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Pathé Entertainment, basearre op in skript fan senarioskriuwer John Hill. Hoewol't haadrolspiler Tom Selleck de rol fan Quigley as syn bêste aktearprestaasje beskôget, krige de film in lauwe ûntfangst.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Matthew Quigley (Tom Selleck) is in cowboy en skerpskutter út 'e Feriene Steaten, dy't mei in spesjaal oanpast Sharps-gewear rekke sjitte kin oer útsûnderlik lange ôfstannen. Hy wurdt ynhierd troch de grutgrûnbesitter Elliott Marston (Alan Rickman) út Austraalje, nei't er mient om dingo's ôf te sjitten. De film begjint mei Quigley syn oankomst yn Austraalje, wêrby't er yn 'e haven in Amerikaanske frou, Crazy Cora (Laura San Giacomo) moetet dy't him 'Roy' neamd en mient dat se him ken. Hoewol't Quigley neat mei har op hat, strykt it him tsjin it hier yn as de frou troch in pear manlju mei geweld yn in wein skuord wurdt. Quigley grypt yn en jout de manlju in wan bruien oant er foar it ferstân kriget dat it Marston syn wurknimmers binne, dy't nei de haven ta kommen binne om him op te heljen. Neitiid reizget er mei Cora en de manlju nei Marston syn station (feepleats) yn 'e outback fan West-Austraalje. Cora hâldt ta Quigley syn ergernis oan mei him 'Roy' te neamen, mar hy makket Marston dyn mannen likegoed dúdlik dat se fan har ôfbliuwe moatte.
Op it station oankommen blykt Marston in leafhawwer fan ferhalen oer it Wylde Westen te wêzen, dy't benammen hâldt fan teltsjes oer revolverlju dy't duëls útfjochtsje wêrby't se om it fluchst har revolvers lûke en ôfsjitte. Hy wol witte hoe fluch oft Quigley mei de revolver is, mar dyselde antwurdet dat er nea folle doel foar hânfjoerwapens hân hat en dat er leaver op syn gewear fertrout. Uteinlik komt de aap út 'e mouwe en docht bliken dat Marston Quigley net ynhierd hat om dingo's ôf te sjitten, mar om 'e pleatslike Aborizjinals út te rûgjen. Dêr nimt Quigley oanstjit oan en it petear rint út op in fjochtpartij wêrby't Quigley Marston twaris út syn eigen hûs smyt ear't er troch Marston syn butler fan efteren bûten westen slein wurdt.
Neitiid ride in pear fan Marston syn mannen de bewusteleaze Quigley en Cora djip de woastyn yn en dêr't se harren op twa dagen ôfstân fan 'e beskaving dumpe wolle. Unferstannigernôch hawwe de mannen ek Quigley syn Sharps-gewear meibrocht. Quigley deadet de beide mannen foar't se harren plan útfiere kinne, wêrnei't hy en Cora rêden wurde troch de Aborizjinals. Wylst se oan it opbetterjen binne fan útdrûging en mishanneling, binne se tsjûge fan in oanfal fan Marston syn trewanten op 'e Aborizjinal-troep dy't harren holpen hie. Quigley deadet dêrop nochris trije fan Marston syn mannen, wylst in fjirden wit te ûntkommen.
Underwilens kriget er Cora oan 'e praat oer har ferline. It docht bliken dat hja út Teksas komt. Doe't it boerespultsje fan har en har man dêr oanfallen waard troch Komantsjen, ferburch se har mei har poppe yn 'e kelder. Om foar te kommen dat it bern begjinne soe te gûlen en sa harren skûlplak ferriede soe, hold se it de hân oer de mûle, dêr't se it by fersin mei smoarde. Nei't har man, in Roy Cobb, letter thúskaam en ûntdiek wat der bard wie, naam er Cora mei nei de haven fan Galveston, dêr't er har, allinnich, op it earste it bêste skip sette, dat tafalligerwize nei Austraalje ta gie.
Nei't Quigley en Cora de Aborizjinals ferlitten hawwe, komme se ûnderweis in oare groep fan Marston syn trewanten tsjin, dy't dwaande binne om oare Aborizjinals oer de râne fan in klif te driuwen. Quigley deadet nochris trije mannen, wylst Cora mank de lichems fan 'e deade Aborizjinals ûnderoan it klif in libbene en sûne poppe fynt dy't de fal oerlibbe hat trochdat syn mem him mei har eigen lichem beskerme hat. It fersoargjen fan 'e poppe helpt Cora om mei har eigen ferline yn it reine te kommen, en se liket Quigley foar it earst te ûnderskieden fan har eardere man, hoewol't se net ophâldt mei him 'Roy' te neamen.
Quigley lit Cora en de poppe mei iten, drinken en in bútmakke gewear yn 'e woastyn efter, wylst er sels op in bútmakke hynder nei in lytse delsetting riidt. Dêr kriget er nije munysje fan in Dútske wapensmid dy't fan Grimmelman hjit (Ron Haddrick), en dy't mar wàt graach helpe wol as er heart dat Quigley fan doel is om mei Marston ôf te weven. In stikmannich wurknimmers fan Marston kenne lykwols it hynder werom dat Quigley nei de delsetting ta riden hat, en besykje him fêst te setten yn in baarnend gebou. Mar Quigley wit him derút te rêden en sjit al syn fijannen op ien nei dea. De iennichste oerlibbene stjoert er werom nei Marston mei it boadskip dat er deroan komt.
Underwilens wurde Cora en de poppe yn 'e woastyn oanfallen troch dingo's. It bern gûlt en Cora werhellet op in hier nei har eardere flater, mar wit har eangstme te oerwinnen. Se sjit de dingo's dea en rêdt dêrmei harsels en it bern. As Quigley koarte tiid letter weromkomt, liket Cora net mear sa los te stean fan 'e wurklikheid as earder, hoewol't se him noch altyd 'Roy' neamt. Hy nimt har mei werom nei de delsetting, dêr't se de poppe oerdrage oan pleatslike Aborizjinals. De oare moarns lit Quigley Cora efter by Grimmelman en riidt fuort nei Marston syn station.
Dyselde hat ûnderwilens al syn restearjende mannen gearbrocht om Quigley te deadzjen. Mar Quigley siket in plak yn 'e omlizzende heuvels út, dêr't er wachtet oant er Marston syn mannen ien foar ien út 'e fierte wei deasjitte kin. Uteinlik ride de lêste beide fan Marston syn mannen om, oerfalle him fan efteren en nimme him finzen. As er by Marston brocht wurdt, wol dy mei him in klassyk revolverduël útfjochtsje. Marston wit noch dat Quigley sein hie dat er nea folle doel foar hânfjoerwapens hie, en is dêrom wis dat er de Amerikaan ferslaan sil. Mar Quigley lûkt en fjurret sa fluch dat er net inkeld Marston, mar ek syn beide oerbleaune mannen delsjitte kin ear't ien fan trije him wat dwaan kin. Wylst Marston yn 't stjerren leit, sjocht Quigley op him del en leit him út dat 'net folle doel foar hawwe' wat oars is as 'net mei omgean kinne'.
Nei Marston syn dea arrivearret in kolonne Britske soldaten op it station, ûnder lieding fan majoar Ashley-Pitt (Chris Haywood), dat in maat fan Marston is. Dyselde dielt Quigley mei dat er ûnder arrest stiet foar moard en dat er ophongen wurde sil. Quigley is net fan doel om him oer te jaan, mar foar't it ta in fjoergefjocht komme kin, ferskynt op 'e heuvelrêgen om it hiele station hinne in tichte rige fan Aborizjinal-krigers. Hoewol't dy neat oars dogge as dêr wat stil stean, beslút Ashley-Pitt dat it wol sa ferstannich is om fan syn plannen oangeande Quigley ôf te sjen. Hy draait him om en riidt mei syn mannen fuort, wêrnei't de Aborizjinals like stil wer weiwurde as dat se kommen wiene.
De film einiget as Quigley yn 'e haven in inkele reis nei hûs boekt. De klerk dy't him helpt, hat in oanplakbiljet mei Quigley syn namme en in net botte lykjend portret fan him ûnder de baalje lizzen, mei't der in priis op syn holle set is, en om't er in Amerikaansk aksint heart, pakt de man syn pistoal al beet. As er Quigley om 'e namme freget, antwurdet dy lykwols mei in gnyske dat er Roy Cobb hjit. De klerk lit syn pistoal wer los en Quigley ûntfangt twa kaartsjes, wêrfan't er it twadde bûtendoar by Cora bringt. Krekt no't er himsels identifisearre hat as Roy Cobb, neamt sy him, iroanysk genôch, foar it earst Matthew Quigley.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Matthew Quigley | Tom Selleck |
Crazy Cora | Laura San Giacomo |
Elliott Marston | Alan Rickman |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
majoar Ashley-Pitt | Chris Haywood |
Grimmelman | Ron Haddrick |
Dobkin | Tony Bonner |
Coogan | Jerome Ehlers |
Hobb | Conor McDermottroe |
Brophy | Roger Ward |
O'Flynn | Ben Mendelsohn |
Kunkurra | Steve Dodd |
fanke #1 | Karen Davitt |
fanke #2 | Kylie Foster |
Reilly | William Zappa |
sersjant Thomas | Jonathan Sweet |
Carver | Ollie Hall |
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Senarioskriuwer John Hill sette yn 1978 al útein mei it skriuwen fan it skript fan Quigley Down Under, en sawol Steve McQueen as Clint Eastwood waarden yn 't earstoan yn omtinken nommen foar de haadrol. Uteinlik foel de kar op McQueen, mar tsjin 'e tiid dat men ree wie en begjin mei de opnamen, yn it foarjier fan 1980, wie McQueen te siik om noch te wurkjen, en sadwaande waard it projekt doe skrast. Mids jierren tachtich krige Tom Selleck lucht fan it senario, en hy besocht om 'e film fan 'e grûn te krijen by Warner Bros., mei himsels yn 'e haadrol en Lewis Gilbert as regisseur, mar it spul rûn op 'e non wylst it noch yn 'e pre-produksjefaze siet.
Neitiid kamen de rjochten yn 'e hannen fan 'e nije filmstudio Pathé Entertainment. Dy skeakele regisseur Simon Wincer yn, dy't letter ek de kaskreaker Free Willy meitsje soe. Wincer fûn dat Hill syn goede senario bedoarn wie trochdat it ferskate kearen oernij skreaun wie troch lju dy't gjin ferstân hiene fan 'e skiednis fan Austraalje. Dêrom frege er Ian Jones om it ferhaal yn âlde steat werom te bringen en alle histoaryske flaters derút te heljen. Quigley Down Under waard folslein op lokaasje filme yn Austraalje, yn en yn 'e omkriten fan Warrnambool en Apollo Bay, yn 'e dielsteat Fiktoaria. Quigley Down Under gie op 17 oktober 1990 yn premiêre. De útfierende produsinten foar Pathé Entertainment wiene Stanley O'Toole, Alexandra Rose en Megan Rose. De produksje koste nei skatting $18 miljoen.
Untfangst en resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't Tom Selleck syn fertolking fan 'e rol fan Matthew Quigley noch altyd as de bêste aktearprestaasje út syn karriêre beskôget, waard Quigley Down Under lau ûntfongen. De foaroansteande Amerikaanske kritikus Roger Ebert parte de film 2½ stjer (fan in totaal fan 4) ta, en neamde it in film dy't syn fouten hie, mar dochs in respektabele western. Hy wie benammen fol lof oer it optreden fan Laura San Giacomo as Crazy Cora. Quigley Down Under brocht yn totaal $21.413.105 op, wêrmei't de film sa'n $3 miljoen winst makke.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Quigley Down Under op MGM.com
- (in) Ynformaasje oer Quigley Down Under yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |