Pontius Pilatus
Pontius Pilatus | ||
politikus | ||
Ecce homo (Sjoch dit is no de man) troch Antonio Ciseri dêr't Pontius Pilatus in gisele Jezus fan Nazaret oan it folk fan Jeruzalim sjen liet | ||
nasjonaliteit | Romeinsk | |
bertedatum | net bekend | |
berteplak | Itaalje | |
stjerdatum | net bekend, nei 37 n.Kr. | |
stjerplak | Romeinske Ryk | |
etnisiteit | Romeinsk Samnitysk | |
5e lânfâd (prefekt) fan Judeä | ||
amtsperioade | 26 n.Kr. - 36 n.Kr. | |
foargonger | Falearius Gratus | |
opfolger | Marsellus |
Pontius Pilatus (Latyn: Pontius Pīlātus [ˈpɔntɪ.ʊs piːˈlaːtʊs]; Gryksk: Πόντιος Πιλάτος, Póntios Pilátos) wie de fyfde lânfâd (prefekt) fan de Romeinske provinsje Judeä, ûnder keizer Tibearius fan 26/27 n.Kr. oant 36/37 n.Kr. Hy is ferneamd om it proses tsjin Jezus Kristus en feroardiele him ta de dea oan it krús. It belang dat Pilatus foar it kristendom betsjutte, bewize de leauwensbelidenissen fan de apostels en fan Niseä, dêr't Pilatus yn neamd wurdt. Om't Pilatus twivele oan de skuld fan Jezus, leauwe de Etiopyske en Koptyske Tsjerken dat Pilatus letter in kristen en in martelder en hillige waard.
Hoewol't Pilatus de meast ferneamde lânfâd fan Judeä wie, binne der mar in bytsje boarnen oer syn bestjoer foarhannen. It skynt dat er út de ferneamde Pontii ôfkomstich wie, in famylje fan Samnitysk komôf. Der is lykwols net folle fan syn libben bekend út 'e tiid ear't er lânfâd fan Judeä waard en it is ek net wis wat ta syn oanstelling as lânfâd late. De Stien fan Pilatus, dêr't in ynskripsje yn stiet, en guon munten, dy't er slaan liet, binne oerbleaun fan de tiid fan syn bestjoer. De Joadske skiedkundige Flavius Josefus en de filosoof Filo fan Aleksanderje neame foarfallen fan spanning en geweld tusken de Joadske befolking en syn bestjoer. Yn dy gefallen kaam er gauris de religieuze gefoeligens fan de Joaden op it sear. De kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint neame dat Pilatus Jezus ta de krúsdea feroardiele. Josefus en de Romeinske skriuwer Tasitus neame dat foarfal ek. Neffens Josefus krige Pilatus dien om't er mei geweld in groep wapene Samaritanen by de berch Gerizim delslaan litten hie. Hy waard troch de legaat fan Syrje nei Rome stjoerd om him te ferantwurdzjen foar keizer Tibearius, dy't lykwols ferstoar ear't Pilatus yn Rome oankaam. Der is neat bekend wat der neitiids mei him barde. Op grûn fan wurk fan de heidenske filosoof Selsus en de kristlike skriuwer Origenes út de twadde iuw tinke hjoeddeistige skiedkundigen dat Pilatus gewoanwei mei pinsjoen gien is.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is neat fan de foarnamme (praenomen) fan Pontius Pilatus oerlevere. Syn efter- of famyljenamme (nomen gentile) seit dat er fan de famylje (gens) Pontii, dy't fan Samnitysk komôf is, stammet. Leden fan dy famylje spilen in wichtige rôl yn de Romeinske skiednis, want ien fan de moardners fan Julius Caesar wie in famyljelid. De lêste namme (cognomen) hat in oare betsjuttenis. De namme Pilatus kin ôflaat wêze fan de Latynske wurden pilum (spear) of pila (pier) en kin dus "mei de spear bewapene" of "ynplante" betsjutte. Ek is der in ferbining mooglik mei pileus, dat in mûtse fan frijlitten slaven is, en is it mooglik dat de namme in ferkoarting fan Pileatus is.[1]
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne net in soad boarnen oer Pontius Pilatus foarhannen, hoewol't hjoeddeistige skiedkundigen mear oer him witte as oer oare Romeinske lânfâden fan Judeä. De meast bekende boarnen komme fan wurk fan Filo fan Aleksanderje en fan Flavius Josefus, yn syn Joadske kriich (74 n.Kr.) en Aldheden fan de Joaden (94 n.Kr.). Ek de fjouwer kanonike evangeeljes fan it Nije Testamint, sa as it evangeelje fan Markus (66-70 n.Kr.), it evangeelje fan Lukas (85-90 n.Kr.), it evangeelje fan Mattéus (85-90 n.Kr.) en it evangeelje fan Jehannes (90-110 n.Kr.) neame him. Ignatius fan Antiochië neamt him yn syn brieven oan de Trallessiërs, Magneezjers en de Smyrneeërs, dy't er tusken 105 en 110 n.Kr. skreaun hie. Pontius Pilatus waard ek neamd yn de Annales fan de Romeinske skriuwer Tasitus yn de iere twadde iuw. Njonken dy teksten binne der noch munten, dy't troch Pilatus slein waarden, en de Stien fan Pilatus, dêr't in ynskripsje op stiet dêr't Pilatus yn neamd wurdt, dy't noch oan Pilatus weromtinke. It is net wis oft Pilatus dy namme urven hat fan syn famylje oft er it sels yn legertsjinst fertsjinne hat.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne hast gjin boarnen foarhannen oer it libben fan Pilatus ear't er lânfâd fan Judeä waard. Hy moat fan in begoedige famylje ôfkomstich west hawwe. De Pontii wiene fan Samnitysk komôf en foarmen in bekende famylje. Guon fan harren wiene warber yn de polityk fan de Romeinske Republyk en it iere Romeinske Keizerryk. Ien fan de famyljeleden, Lusius Pontius Aquila, dy't ien fan de moardners fan Julius Caesar wie, wie in Folkstribún. Dat wol sizze dat de famylje oarspronklik Plebejers wiene. Hja waarden riddere as Equites.
Pilatus hie nei alle gedachten in goed ûnderrjocht hân en hie goede politike en sosjale kontakten. Hy wie mooglik troud, dochs de iennichste boarne nei syn frou stiet yn Mattéus 27:19. Pilatus hat nei alle gedachten yn it Romeinske leger tsjinne ear't er lânfâd fan Judeä waard.
Lânfâd fan Judeä
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pilatus wie de fyfde lânfâd (prefekt) fan de Romeinske provinsje Judeä ûnder it regear fan keizer Tibearius. De lânfâdij fan Judeä wie net fan grut belâng yn dy tiid en der is neat bekend oer hoe't er oan dy posysje kaam. Flavius Josefus skreau dat Pilatus sa'n tsien jier lang de provinsje bestjoerde fan likernôch 26 n.Kr. oant 36/37 n.Kr. Dêrmei wie Pilatus ien fan de langst tsjinjende lânfâden fan Judeä. Yn 26 n.Kr. luts keizer Tibearius him werom op it eilân Capri en guon skiedkundigen, lykas E. Stauffer, oppenearje dat Pilatus mooglik oansteld waard troch de machtige Pretoriaanske prefekt Sejanus, dy't foar lânferrie terjochtsteld waard yn 31 n.Kr. Oare skiedkundigen twivelje dêr lykwols oan. Daniel R. Schwarz en Kenneth Lönnqvist oppenearje dat it jiertal fan it begjin fan it bestjoer fan Pilatus in fersin fan Josefus wie; Schwartz tinkt dat er oansteld waard yn 19 n.Kr., wylst Lönnqvist tinkt dat dat yn 17/18 n.Kr. wie. Oare skiedkundigen hawwe dy datearring lykwols net oannaam.
Pilatus syn plicht as lânfâd hie in militêr doel, mar de troepen fan Pilatus wiene mear ornearre as plysjekrêften, en de plichten fan Pilatus giene folle fierder as militêre saken. As in Romeinske lânfâd wie er it haad fan it rjochtsysteem dêre. Hy hie de macht om fûnissen út te sprekken en wie ferantwurdlik foar it sammeljen fan belestings en it beteljen fan oerheidstsjinsten, mei it slaan fan munten ynbegrepen. Om't de Romeinen it pleatslike bestjoer in soarte fan selsstannigens tastiene, dielde Pilatus in beheinde boargerlike en religieuze macht mei de Joadske Sanhedrin.
Pilatus wie ûnderhearrich oan de legaat fan Syrje. Hoewol't de earste seis jier fan Pilatus syn bestjoer der gjin legaat Syrje bestjoerde, soarge dat letter foar swierrichheden foar Pilatus. Pilatus koe Judeä regearje hoe't er woe, mar oan 'e ein fan syn bestjoer, bliek de legaat fan Syrje mei him te bemuoien. Lykas oare lânfâden fan Judeä, hie Pilatus syn haadresidinsje yn Caesarea en gie er nei Jeruzalim foar offisjele saken om oarder te hanthavenjen. Hy reizge lykwols ek wol troch de provinsje om rjocht te sprekken.
As lânfâd hie Pilatus it rjocht en beneam de Joadske hegepreester. Ta tsjinstelling fan syn foargonger, Falearius Gratus, hold Pilatus deselde preester Kajafas oan yn de gânse tiid fan syn bestjoer. Kajafas krige dien nei't Pilatus sels dien krige. Dat ferklearret dat Kajafas en de preesters fan de Sadduseeën betroubere bûnsmaten fan Pilatus wiene. Hy soe dus mei de preesters oparbeide hawwe mei it proses tsjin Jezus. Neffens Josefus brûkte er jild fan de timpelskat foar in akwadukt. Hy hie dat net dien krije kinnen sûnder meiwurkjen fan de preesters.
Treffen mei de Joaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskate steurings ûnder it bestjoer fan Pilatus waarden neamd yn de boarnen. It is net wis oft it om deselde of ferskiljende foarfallen gie, en it is slim en stel in folchoarder gear mei alle foarfallen út de tiid fan Pilatus. Neffens skiedkundige Joan Taylor hie Pilatus in belied en fuortsterkje de keizerkultus, dat wriuwing feroarsake mei de Joadske befolking.
Neffens Flavius Josefus kronk Pilatus de Joaden troch, om keizerlike ynsynjes mei in byld fan de keizer, stil yn de nacht yn Jeruzalim te pleatsen. Dêrop tôgen groepen Joaden nei it hûs fan Pilatus yn Caesarea te demonstrearjen, en bleaune dêre foar fiif dagen. Pilatus oardere Romeinske soldaten en driigje de Joaden, mar dy lieten gjin eangstme foar de dea sjen. Ta einbeslút joech Pilatus ta en oardere de ynsynjes werom nei Caesarea.
Neffens Filo fan Aleksanderje gie Pilatus tsjin de Joadske wet yn en bring gouden skylden yn Jeruzalim om se op it Paleis fan Herodes te setten. De soannen fan Herodes de Grutte fregen Pilatus en ferwiderje de skylden, dochs hy wegere. Dêrnei drigen de soannen fan Herodes mei in petysje om de keizer op de hichte te bringen, dêr't Pilatus noedlik foar wie dat it syn misdie as lânfâd oan it ljocht bringe koe. Hy kaam dy driging lykwols net tefoaren en Tibearius ûntfong dy petysje en yn lilkens skrobbe er Pilatus en sei dat er de skylden wer weihelje moast. It is net wis wêrom't de skylden de Joadske wet oertrêden, mar nei alle gedachten siet der in ynskripsje yn dy't nei Tibearius ferwiisde as divi Augusti filius (soan fan de godlike Augustus). Neffens de Joaden is God de iennige God en wie it ferbean om bylden fan oaren te oanbidden. Helen Bond oppenearret dat it yn 31 n.Kr. bard wêze moast, nei de dea fan Sejanus op 17 oktober.
Yn in oar foarfal neffens Josefus kaam it ta in oar treffen mei de Joaden doe't Pilatus jild fan de timpelskat (korbanos) brûkte foar it bouwen fan in akwadukt nei Jeruzalim. Doe't der in groep lilke Joaden, dêr't in stikmannich Galileërs by wiene, foarmen by in besite fan Pilatus oan Jeruzalim oardere er syn troepen om se te beslaan mei kneppels. In soad dêrfan kamen om it libben troch de klappen of waarden troch hynders fertrape. De rêst flechte fuort. It stuit dêrfan is net wis, mar Helen Bond tinkt dat it bard wie tusken 26 n.Kr. en 33 n.Kr. op grûn fan Josefus syn gronology.
Proses tsjin Jezus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Pesach yn 30 of 33 n.Kr. feroardiele Pontius Pilatus Jezus fan Nazaret ta dea troch krusigjen yn Jeruzalim. De meast ferneamde boarnen dêroer binne de fjouwer kanonike evangeeljes.
De rôl fan Pilatus by it feroardieljen fan Jezus ta dea waard ek troch de Romeinske skriuwer Tasitus yn syn Annales neamd, doe't er keizer Nearo syn ferfolging fan de kristenen útlei: "Kristus, de stifter fan de namme, krige de deastraf ûnder de hearskippij fan Tibearius, feroardiele troch prokurator Pontius Pilatus, en it ferdjerlik byleauwe waard even oermastere...". De oarspronklikens fan dy tekst wurdt bestriden en it is mooglik dat Tasitus dy ynformaasje fan kristenen krigen hie.
Josefus neamde Jezus syn deastraf ek op fersyk fan foaroansteande Joaden. De oarspronklike tekst koe lykwols letter troch kristenen oanpast wêze, dus it is ûnmooglik om te witten wat Josefus ynearsten skreaun hie. Dútske skiedkundige Alexander Demandt oppenearret dat de krusiging fan Jezus foar de Romeinen net in wichtich foarfal wie, om't in soad oare minsken krusige waarden yn dy tiid en letter fergetten waarden. Yn de brieven fan Ignatius fan Antiochië oan de Trallessiërs en de Smyrneeërs neamde de skriuwer dat Jezus troch Pilatus feroardield waard. Ignatius neamde fierder yn syn brief oan de Magneezjers noch de berte, passy en opstanning ûnder it bestjoer fan Pilatus. Ignatius skreau dat al dy foarfallen wier bard wiene.
Skiedkundigen binne fan miening dat Pilatus Jezus feroardiele op grûn fan opstoken, om't er sei dat er de kening fan de Joaden wie. Pilatus koe Jezus feroardiele hawwe neffens cognitio extra ordinem, dat in soarte fan proses foar de deastraf wie, dy't yn de Romeinske provinsjes brûkt waard foar net-Romeinske boargers, dy't it de prefekt makliker makke om sa'n proses te behanneljen. De evangeeljes neame dat it de gewoante wie dat Pilatus op Pesach in finzene frijliet. Boarnen om utens neame soks net, mar skiedkundigen tinke dat it om in bysûnder gefal wêze koe yn it jier fan de krusiging fan Jezus, of dat it in betinksel fan de evangeeljes wêze koe.
Letter libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens Josefus waard Pilatus ferwidere as lânfâd nei't er in groep bewapene Samaritanen ôfslachte by it doarpke Tirathana by de berch Gerizim. De Samaritanen wiene oan de war om foarwerpen te finen dy't bedobbe waarden troch Mozes. Alexander Demandt tinkt dat de lieder fan dy beweging Dositéos wêze koe, dy't in soarte fan Messias wie by de Samaritanen en dy't yn dy tiid warber wie. De Samaritanen, dy't seine dat se net bewapene wiene, beklagen harren by Lusius Fitellius Fetearius, de lânfâd fan de Romeinske provinsje Syrje (35-39 n.Kr.). Dy oardere Pilatus nei Rome ta om troch keizer Tibearius berjochte te wurden. Tibearius ferstoar lykwols ear't Pilatus yn Rome oankaam. Tibearius ferstoar op 16 maart 37 n.Kr. yn 'e âldens fan 78 jier yn Misenum. Dat makket it jiertal fan de ein fan Pilatus syn bestjoer yn 36/37 n.Kr.
Nei de dea fan Tibearius soe Pilatus syn harksitting troch de nije keizer Kaligula behannele west hawwe moatten. It is ûnwis dat der in harksitting west hat, om't nije keizers gauris juridyske saken fan de foargeande hearskers ôfwiisden. Ien ding dat wis is, nei Pilatus syn weromkommen yn Rome, hy net fannijs as lânfâd fan Judeä oansteld waard. It kin west hawwe dat de harksitting net goed foar Pilatus útpakte of dat Pilatus net werom gean woe.
Om't Pilatus net fannijs oansteld waard troch Kaligula wol net betsjutte dat de harksitting min útpakte foar him. It koe gewoanwei west hawwe dat it tiid foar in oare posysje wie of dat er mei pensjoen gie. Guon tinke dat Pilatus syn funksje einige yn skande op grûn fan de net sa flaaikjende byld dy't Filo fan Aleksanderje oan Pilatus joech sa'n pear jier nei it ferwiderjen fan Pilatus.
Neitiids is der fierder neat bekend wat der mei Pilatus barde. De kristlike skiedkundige Eusebius skreau yn de fjirde iuw dat Pilatus himsels tekoart die nei't syn funksje yn skande einige waard. Lykwols Josefus, Filo en Tasitus skriuwe dêr neat fan oer. De measte skiedkundigen binne fan miening dat Pilatus in earfol pensjoen krige lykas in soad Romeinske âld-magistraten.
Stien fan Pilatus, segelring en munten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in skoft wie it net dúdlik oft de earste Romeinske bestjoerders fan Judeä prefekten of prokurators wiene. Sûnt it finen fan in ynskripsje op in kalkstiennen blok dat oant de santiger jierren fan de tweintichste iuw ynmitsele siet yn it Romeinske teäter fan Caesarea, dêr't de bestjoerders harren residinsje hiene, stiet fêst dat Pilatus in prefekt wie. Boppedat wurdt der no fan út gien dat alle Romeinske bestjoerders fan Judeä foar keizer Klaudius dy titel hiene. It is net wis wêrom't Tasitus dy bestjoerders procuratores neamde. Dy blok stien is no ferneamd as de Stien fan Pilatus.
De tekst fan de ynskripsje is:
TIBERIEUM
NTIUS PILATUS
ECTUS IUDAEE
De folsleine tekst fan de ynskripsje wie nei alle gedachten oarspronklik:
DIS AUGUSTIS TIBERIEUM
PONTIUS PILATUS
PRAEFECTUS IUDAEAE
DEDIT DEDICAVIT
Archeologen hawwe fyftich jier ferlyn op de westlike igge fan de Jordaan in Romeinske ring fûn. Neffens de Israelyske krante Haaretz soe de ynskripsje yn de ring de letters fan de namme fan Pontius Pilatus wêze. It plak dêr't de ring fûn waard is op deselde heuvel as it grêf fan kening Herodes.[2] Neffens oaren soe it net om de orizjinele ring gean mar om ien dy't makke waard fan minderweardich materiaal dy't troch him brûkt waard om dokuminten te fersegeljen.[3]
As lânfâd wie Pilatus ek ferantwurdlik foar it slaan fan munten yn de provinsje. Hy moat se slein litten hawwe yn 29/30, 30/31 en 31/32 n.Kr., dus yn de fjirde, fyfde en sechsde jier fan syn bestjoer. Dy munten hearre ta it type dat perutah neamd waard, mei in grutte fan tusken 13½ en 17 mm en se waarden yn Jeruzalim slein. Eardere munten hawwe de ynskripsje ΙΟΥΛΙΑ ΚΑΙΣΑΡΟΣ oan de foarkant en ΤΙΒΕΡΙΟΥ ΚΑΙΣΑΡΟΣ oan de efterkant ferwizend nei keizer Tibearius en syn mem Livia (Julia Augusta). Nei Livia har dea hawwe de munten de ynskripsje ΤΙΒΕΡΙΟΥ ΚΑΙΣΑΡΟΣ. Romeinske munten dy't yn Judeä slein waarden hiene ornaris gjin ôfbyld fan de keizer, mar hiene al guon heidenske ûntwerpen.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pontius Pilatus wurdt neamd om syn belutsenens yn de krusiging fan Jezus yn de Leauwensbelidenis fan Niseä ([Jezus] "lijde ûnder Pontius Pilatus, waard krusige, ferstoar en waard begroeven") en de Apostolyske leauwensbelidenis ("foar ús goederbêst waard [Jezus] krusige ûnder Pontius Pilatus; ferstoar en waard begroeven"). Dy leauwensbelidenissen wurde wykliks troch kristenen útsprutsen yn de tsjerketsjinsten. Pilatus is de iennige persoan njonken Jezus en Marije dy't by namme neamd wurdt yn de belidenissen. It neamen fan Pilatus dêryn ferwiist de Passy as in histoarysk foarfal.
Pilatus wurdt fereare as in hillige yn de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke, dêr't 19 juny de hjeldei fan is. Foarhinne waard er ek troch de Koptysk-Otterdokse Tsjerke fereare, mei de hjeldei op 25 juny.
It waskjen fan Pilatus syn hannen fan de ferantwurdlikens fan Jezus syn dea yn Mattéus 27:24 is in populêr brûkt byld foar immen dy't gjin ferantwurdlikens of belutsenens yn eat hawwe wol. Guon parten fan de dialooch fan Pilatus yn it evangeelje fan Jehannes waarden ek ferneamde útdrukkings yn Latynske ferzje, sa as bygelyks Jehannes 18:35 (numquid ego Iudaeus sum? "Bin ik in Joad?"), Jehannes 18:38 (Quid est veritas? "Wat is wierheid?"), Jehannes 19:5 (Ecce homo "Sjoch no de man"), Jehannes 19:14 (Ecce rex vester "Sjoch no jim kening"), en Jehannes 19:22 (Quod scripsi, scripsi "Dat ik skreaun haw, haw ik skreaun")
Fan it ferlizzen fan de ferantwurdlikens fan de krusiging fan Jezus fan Pilatus nei de Joaden yn de evangeeljes waard der letter wol de beskuldigings dien dat it ta it Antysemitisme fan de Midsiuwen oant yn de tweintichste iuw late hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Citations en References, op dizze side.
|