Springe nei ynhâld

Piter Sjoerds Gerbrandy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pieter Gerbrandy)
Piter Sjoerds Gerbrandy, 1942
Minister-presidint Gerbrandy rjochtet it wurd ta befolking yn it befrijde westen.

Mr. Piter Sjoerds Gerbrandy (Goaiïngea, 13 april 1885De Haach, 7 septimber 1961) wie in Frysk politikus. Hy wie de Nederlânske minister-presidint yn de Twadde Wrâldkriich.

Gerbrandy waard berne yn Goaiïngea by Snits. Syn heit wie wethâlder fan Wymbritseradiel en lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Gerbrandy folge it gymnasium oan in ynternaat yn Zetten (Gelderlân). Dêrnei studearre hy rjochten oan de Frije Universiteit yn Amsterdam, dêr't er yn 1911 promovearre. Nei in perioade as advokaat yn Leien fêstige er him yn Snits. Yn 1918 makke er, as reserve-kapitein, diel út fan de earste groep frijwillige militêren dy 't nei De Haach kaam nei Troelstra's besykjen de sosjalistyske revolúsje út te roppen om dizze de kop yn te drukken.

Fan 1920 oant 1930 wie Gerbrandy foar de ARP lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Ek wie hy yn die perioade, al fan 1919 ôf, lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1930 kaam hy werom nei de Frije Universiteit as heechlearaar. Yn 1934 waard hy dêrneist lid fan de Radioried.

Yn 1939 waard er minister fan justysje yn it Kabinet-De Geer II. Hy flechte op 13 maaie 1940 mei it kabinet nei it Feriene Keninkryk en waard yn septimber 1940 troch Keninginne Wilhelmina sels ta premier beneamd yn de saneamde Londenske kabinetten. Yn febrewaris 1945 stapten de sosjalistyske ministers út syn kabinet. Gerbrandy formearre in nij kabinet, dat ôfgie doe't Nederlân befrijd wie. Fan Londen út wie Gerbrandy in wichtich strider foar de Nederlânske saak. Mei syn karakteristike stimlûd ynspirearre hy it ferset in Nederlân oer de radio.

Gerbrandy wie fan 1948 ôf lid fan de Twadde Keamer.

Nei de oarloch wie hy as foarsitter fan it Komitee ta Hanthavening fan de ryksienheid en fûl tsjinstanner fan de Ynjepolityk fan de opienfolgjende kabinetten. Hy liet him as keamerlid faak neat gelegen lizze oan de line dy't troch de fraksje útstippele wie. Hy sette him yn foar in lykweardige posysje fan it Frysk.
Hy waard yn 1955 ta Minister fan Steat beneamd, en waard yn 1956 lid fan de kommisje fan trije dy't in oplossing fine moast foar de Greet Hofmans-affêre.
Yn 1959 stelde hy him net werkiesber as keamerlid.

Stânbyld fan Gerbrandy yn Snits

As oantinken oan Gerbrandy is yn it sintrum fan Snits in brûnzen stânbyld fan him delset. It is makke troch de byldhouster Maria van Everdingen út Loaiïngea, yn opdracht fan it Komitee Oprjochting Nasjonaal Tinkteken Prof. P.S. Gerbrandy. Op 14 oktober 1976 waard it ûnthuld troch keninginne Juliana.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Piter Sjoerds Gerbrandy – foto, fideo en harktriemmen