Springe nei ynhâld

Piet de Vries (arsjitekt)

Ut Wikipedy
Piet de Vries (arsjitekt)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Piet de Vries
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 febrewaris 1897
berteplak Oostvoorne
stoarn 14 augustus 1992
stjerplak Bergen
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt

Piet de Vries (Oostvoorne, 15 febrewaris 1897Bergen, 14 augustus 1992) wie in Nederlânske arsjitekt.

Doe't er seis jier wie ferhûze er mei syn heit en mem nei Minnertsgea. Yn Ljouwert folge er de middelbere technyske skoalle (mts). Leararen op dy skoalle wiene Doeke Meintema, Andries Baart sr. en Geert Stapenséa. Yn Amsterdam folge er praktykoplieding by Harry Elte en wurke er op it buro fan Eduard Cuypers. Yn 1924 festige er him as selsstannich arsjitekt yn Ljouwert.
Yn de earste jierren oerhearske de ynfloed fan de Amsterdamske Skoalle syn wurk, mar letter hinge er oer nei de Delftse Skoalle.

Rykskweekskoalle It Hearrenfean

Oer Piet de Vries is in boek ferskynd: Piet de Vries, een beeldhouwend architect. De Stichting Piet de Vries hat as doel it yn stân hâlden fan de atelierwenning oan de Druifstreek 63 yn Ljouwert.[1]

Jier Plak Wurk Bysûnderheden Ofbyld
1925 Pieterburen Fillapleats Themaheerdt Ryksmonumint
1932 Ljouwert Atelierwent Druifstreek 63 Ryksmonumint
1935 Burgum Gemeentehûs Tytsjersteradiel Utwreide troch Abe Bonnema
1940 Raerd Gemeentehûs Raerderhim
1942 Harns Pakhûs Schritsen 47-49 Ryksmonumint
1958 It Hearrenfean Rykskweekskoalle Gemeentlik monumint
1966 Starum J.L. Hooglandgemaal Ryksmonumint

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: