Springe nei ynhâld

Pickelhaube

Ut Wikipedy
Otto von Bismarck mei in Pickelhaube op.

In Pickelhaube (meartal: Pickelhauben) is in typysk Dútske helm mei in pjuk der boppe-op. De namme komt fan it Dútske Pickel, "pjuk" of "pikhouwiel", en Haube, "kape" of "mûtse". Inkeld wurdt ek wol de term Pickelhelm brûkt. Sokke helms waarden yn 'e midden en de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw en de earste desennia fan 'e tweintichste iuw in soad droegen troch Dútske militêren, plysjeminsken en brânspuitlju. Hoewol't de Pickelhaube tsjintwurdich benammen assosjearre wurdt mei it Prusyske leger, waarden sokke helms yn dy tiid ek rûnom oernommen troch (ûnderdielen fan) oare kriichsmachten.

De Pickelhaube waard oarspronklik yn 1842 ûntwurpen troch kening Freark Willem IV fan Prusen, mooglik op basis fan in soartgelikense helm dy't om dyselde tiid hinne yn gebrûk nommen waard troch de Russyske kriichsmacht. It is ûndúdlik oft it in kwestje fan imitaasje wie, of fan in parallelle útfining of dat beide helms weromgiene op 'e eardere helm fan Napoleontyske kurassiers. De Russyske fariant, dy't bekendstie as de 'helm fan Jaroslav de Wize' waard krekt as dy Frânske foargonger brûkt troch de kavalery, en hie in pjuk dy't tsjinst die as hâlder foar in plom fan hynstehier. By guon Prusyske modellen fan 'e Pickelhaube wie dat krektsa.

In Pickelhaube sa't dy oant 1918 by de Prusyske plysje yn gebrûk wie.

Freark Willem IV yntrodusearre de Pickelhaube by dekreet op 23 oktober 1842 foar gebrûk troch it meastepart fan 'e Prusyske ynfantery. De helm fersprate him meitiid nei oare Dútske foarstedommen. Sa kaam er yn it Gruthartochdom Aldenburch yn 1849 yn gebrûk, en yn it Gruthartochdom Baden omtrint 1870. Yn 1887 wie it Keninkryk Beieren de lêste Dútske steat dêr't dit type helm yn gebrûk nommen waard; hy ferfong dêr de lânseigen Beierske Raupenhelm, dy't sûnt de Napoleontyske Oarloggen yn gebrûk west hie. Bûten Dútslân waard de Pickelhaube neitiid yn gebrûk nommen troch ûnderdielen fan 'e kriichsmachten fan û.m. Bolivia, Ekwador, Fenezuëla, Kolombia, Meksiko, Noarwegen, Portegal, Sily en Sweden. De populariteit fan 'e helm yn Latynsk-Amearika waard feroarsake trochdat Dútslân oan it begjin fan 'e tweintichste iuw geregeldwei militêre missys dy kant útstjoerde om pleatslike troepen te trainen.

Yn Ruslân waard de hynstehierrene plom letter by guon legerûnderdielen fuortlitten, wylst dan op 'e pjuk ynstee in granaatmotyf oanbrocht waard. Sokke helms waarden oan it begjin fan 'e Krimoarloch (1853-1856) in soad droegen troch Russyske ynfanteristen en grenadiers, mar rekken al rillegau yn ûnbrûk en waarden ferfongen troch de legerpet. Fan 1862 ôf waarden der hielendal gjin pjukhelms mear droegen troch de Russyske ynfantery, hoewol't de kurassierrezjiminten fan 'e Keizerlike Garde en de sjendarmery noch sokke helms droegen oant it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1914.

In militêre Beierske Pickelhaube.

De Pickelhaube hie ek grutte ynfloed op it ûntwerp fan 'e pith helmet of Home Service helmet fan it Britske Leger, dy't yn 'e foarm fan 'e bobbyhelm noch altyd droegen wurdt troch de plysje yn Ingelân en Wales. De pith helmet ferskilde fan 'e Pickelhaube trochdat er heger wie en mar in rudimintêr pjukje hie. Yn 'e Feriene Steaten wie tusken 1881 en 1902 in helm yn gebrûk foar it Amerikaanske Leger en it Amerikaanske Marinierskorps dy't basearre wie op 'e pith helmet.

Yn Dútslân waard de Pickelhaube op in stuit mei in spesjaal foar dat doel ûntwurpen soarte grienich doek, dat deroerhinne oanbrocht waard, kamûflearre. Yn 'e Earste Wrâldoarloch die lykwols bliken dat de Pickelhaube net mear foldie op it moderne slachfjild. Fan 1916 ôf waard dêrom in bettere helm ynfierd, de Stahlhelm. Nei ôfrin fan 'e oarloch bleau de Pickelhaube yn Dútslân inkeld noch yn gebrûk by de plysje en de brânwacht. Hjoed de dei makket de Pickelhaube noch ûnderdiel út fan it seremonieel unifoarm fan beskate ûnderdielen fan 'e legers fan Sweden, Portegal, Sily, Kolombia, Fenezuëla, Ekwador en Bolivia. Ek de Nasjonale Plysje fan Kolombia, de ferkearsplysje fan Jordaanje en de beriden sjendarmery fan Roemeenje drage noch in ferzje fan dizze helm.

In Pickelhaube-eftige helm yn gebrûk by it Amerikaanske Marinierskorps (1881-1902).

De Pickelhaube wie makke fan behurde (sean) lear, dat oan 'e bûtenkant oppoetst wie oant it glom. It lear wie ferstevige mei in metalen skelet, dat oan 'e bûtenkant foar ofsieren ornaris belein wie mei goud of sulver. It skelet einige oan 'e boppekant fan 'e helm yn in metalene pjuk dy't rjocht omheech wiisde. Iere ferzjes fan 'e Pickelhaube hiene in hege krún (lykas de Ingelske bobbyhelm), mar de hichte belune stadichoan sadat de foarm stevich oer de plasse fan 'e drager kaam te passen. Dat hie it foardiel dat er steviger waard en ek dat der minder materiaal foar ien helm nedich wie, sadat der op 'e kosten besparre wurde koe. Yn 1867 waard besocht om it gewicht noch fierder werom te bringen troch ûnderdielen út it metalene skelet te heljen, mar dêrtroch bliek de Pickelhaube yn 'e praktyk ûnbrûkber te wurden.

Guon ferzjes fan 'e Pickelhaube dy't by de Dútske artillery yn gebrûk wiene, hiene ynstee fan in pjuk boppe-op in bolfoarmich útsteksel. Foarôfgeande oan it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch yn 1914 hiene de Pickelhauben fan 'e staasje-unifoarmen fan Dútske generaals, stêfofsieren, dragonderrezjiminten, de ynfanterysoldaten fan 'e Prusyske Garde en in stikmannich oare ynfanteryrezjimenten ôfnimbere swarte of wite plommen. By harren helms koe de pjuk losskroeve wurde en ferfongen troch in hege metalene plomhâlder, dy't bekendstie as in Trichter. Foar muzikanten fan 'e neamde rezjiminten, en by it hiele kavaleryrezjimint fan 'e Saksyske Garde, wie dy plom read.

In Pickelhaube mei hynstehierrene plom fan it 1e Badyske Liifgrenadierrezjimint.

Njonken de pjuk wie it meast werkenbere ûnderdiel fan 'e Pickelhaube de ornamintele plaat op 'e foarkant fan 'e helm, dy't it foarstedom oanjoech dêr't it rezjimint weikaam. It bekendste is in grutte swarte earn mei sprate wjukken, it embleem dat ferwiisde nei Prusen. Mar it Keninkryk Beieren, it Keninkryk Wuertemberch, it Keninkryk Saksen, it Gruthartochdom Baden, it Gruthartochdom Aldenburch en oare Dútske steaten hiene oare emblemen yn gebrûk. Yn Ruslân waard de tradisjonele heraldyske twakoppige earn brûkt. Pickelhauben fan it Dútske leger hiene ek twa rûne, kleurde kokardes efter de kinbân dy't oan 'e sydkanten fan 'e helm befêstige wiene. De kokarde oan 'e rjochterkant, de nasjonale kokarde, wie read-swart-wyt. De kokarde oan 'e lofterkant hie de kleuren fan it foarstedom, dus yn it gefal fan Prusen swart-wyt, foar Beieren wyt-blau, ensfh.

Der wiene ek Pickelhauben dy't net fan lear, mar hielendal fan metaal makke wiene. Sokke helms waarden benammen troch kurassiers (in beskate soarte fan kavaleristen) droegen. Ek binne se gauris te sjen op offisjele portretten fan militêre en politike figueren fan hege rang, lykas rykskânselier Otto von Bismarck. Sokke metalene Pickelhauben binne faak foarsjoen fan in beweegber efterstik (dat in 'kreeftesturt' neamd wurdt) by wize nekkebeskermer. It metaal fan sokke helms wie stiel mei brûnzen beslach yn it gefal fan 'e Dútske kurassiers, of tombak (in legearing fan koper en sink) yn it gefal fan 'e Prusyske liifgarde.

Status as kultureel ikoan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Pickelhaube yn ferskate lannen yn gebrûk west hat of noch is, wurdt er frijwol útslutend assosjearre mei Dútslân. Hy makket diel út fan it stereotype fan 'e militaristyske Prús. Dat is fierhinne feroarsake is troch de Alliëarde propaganda út 'e Earste Wrâldoarloch, hoewol't de helm ek al foar dy tiid in bekend kultureel ikoan fan it Keizerryk Dútslân west hie. Yn 'e oanrin nei it Wrâldkampioenskip Fuotbal fan 2006, dat yn Dútslân holden waard, omearmen de Dútsers de Pickelhaube op deselde wize sa't de Sweden de hoarnehelm brûke dy't troch de Wytsingen droegen wêze soe. Der kaam by wize fan fanware in plestik ferzje fan 'e Pickelhaube op 'e merk, dy't ornaris yn it swart-read-goud fan 'e moderne Dútske flagge kleure wie, hoewol't der ek oars-kleurige modellen beskikber kamen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.