Pastorij (It Heechsân)

Ut Wikipedy
Pastorij (It Heechsân)
bouwurk
lokaasje
Gemeente Tytsjerksteradiel
plak It Heechsân
adres Torenlaan 1
bysûnderheden
type bouwurk Pastorij
boujier 1875
arsjitekt Durk Djurres Duursma
boustyl eklektysk
monumintale status Ryksmonumint

De pastorij oan de Torenlaan 1 yn de buorskip It Heechsân by Eastermar is in monumintaal pân yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1868 waard yn It Heechsân in nije tsjerke boud, omdat de âlde tsjerke yn boufallich wurden wie en ôfbrutsen wurde moast. Yn 1875, sân jier nei de bou fan de nije tsjerke, waard tsjinoer de tsjerke ek in nije pastorij boud. De doetiidske predikant Willem Frederik Bluggel wie yn jannewaris 1874 beroppen op It Heechsân. Syn namme, mei dy fan de doetiidske tsjerkfâden, stiet op de earste stien, dy't op 23 juny 1875 lein waard. Hy soe mei syn húshâlding yn de nije pastorij wenje oant oktober 1879 doe't er It Heechsân ferliet fanwegen it oanfurdigjen fan in berop nei Nijkerk.

De pastorij waard ûntwurpen troch arsjitekt Durk Djurres Duursma fan Drachten. Lykas de tsjinoerlizzende tsjerke waard de pastorij yn in eklektyske styl boud. De symmetryske fjouwerkante wenning hat sawol oan de foar- as oan de efterkant fiifkantige hoekepilasters. Ek oan wjerskanten fan foar- en achterdoar steane deselde soart pilasters. Boppe de foardoar is in saneamd Frânsk balkon mei in stek fan getten izer.

De pastorij is, lykas de tsjinoerlizzende tsjerke en it ferieningsgebou, erkend as ryksmonumint.