Springe nei ynhâld

Nije Tsjerke (It Heechsân fan Eastermar)

Ut Wikipedy
Nije herfoarme tsjerke yn It Heechsân fan Eastermar

De Nije Tsjerke fan It Heechsân fan Eastermar is in yn 1868 yn eklektyske styl boud tsjerkegebou yn It Heechsân by Eastermar.

Yn de twadde helte fan de njoggentjind iuw waard de âlde tsjerke fan It Heechsân fan Eastermar om syn brekfallige steat ôfbrutsen. De toer fan de âlde tsjerke bleau sparre. Sirka 400 meter súdliker oan de Toerleane waard yn 1868 in nije tsjerke boud. Yn dy tiid wie Willem Haiko Groeneveld Harders predikant fan de herfoarme gemeente Eastermar. De yn eklektyske styl boude tsjerke wie in ûntwerp fan de arsjitect R. Kielstra. De Dokkumer oannimmer K.F. Ozinga boude de tsjerke. Yn 1894 ward de toer fernijd.[1] De tsjerke is erkend as ryksmonumint, krektas it neistlizzende ferieningsgebou en de pastorije der foaroer.

It ynterieur waard yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw fernijd. Fan it âlde ynterieur binne ûnder mear de rouboerden en it oargel, yn 1888 boud troch de Ljouwerter firma J.F. Kruse - Firma W. Hardorff & Zoon, bewarre bleaun.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod: Kerk, Eastermar , Toerleane 14