Gebou foar Kristlike Belangen (It Heechsân)
It Gebou foar Kristlike Belangen is in yn 1924 boud ferieningsgebou njonken de herfoarme tsjerke yn It Heechsân yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebou foar Kristlike Belangen waard yn 1924 boud oan de Torenlaan yn It Heechsân, njonken de yn 1868 boude nije tsjerke. It gebou hat ferskate kenmerken fan de boustilen dy 't brûkt waarden yn it ynterbellum. In skaaimerkjend elemint is it tuorke, mei de yngong oan de sydkant fan it gebou. Sawol ûnder it tintedak fan de toer as yn de foargevel is gebrûk makke fan dekorative fersieringen yn it mitselwurk. It gebou is yn lettere jierren oan de efterkant útwreide.
It gebou is erkend as ryksmonumint, lykas ek de njonkenlizzende tsjerke en de tsjinoerlizzende pastorij. Neffens de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed hat it gebou in tige hege kultuerhistoaryske wearde.