Springe nei ynhâld

Paleis Het Loo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Paleis It Loo)
Paleis Het Loo
  kastiel
It foarhôf fan Paleis Het Loo
It foarhôf fan Paleis Het Loo
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
gemeente Apeldoarn
plak Apeldoarn
adres Koninklijk Park 1
koördinaten 52° 14' 3" NB, 5° 56' 45" EL
Skiednis
stifter Willem III fan Oranje-Nassau
stiftingsjier 1684
boujier 1684-1686
Oars
type paleis
boustyl neoklassisisme
hjoeddeisk gebrûk museum
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 46516
Webside
www.paleishetloo.nl
Kaart
Paleis Het Loo (Gelderlân)
Paleis Het Loo

Paleis Het Loo is in paleis dat oan de noardrâne fan de stêd Apeldoarn yn de Nederlânske provinsje Gelderlân leit. Oant 1975 wennen leden fan de keninklike famylje yn it paleis. Sûnt 1984 waard it as Nasjonaal Museum Paleis Het Loo iepensteld foar it publyk en binne der gauris útstallings en oare eveneminten. It paleis is eigendom fan de Steat fan de Nederlannen. It behear en ûnderhâld leit by de Stifting Paleis Het Loo Nasjonaal Museum.

De namme Het Loo giet werom op it Germaanske lauhaz itjinge sokssawat as "iepen plak yn it wâld" betsjut. Yn 1684 kochten kening-steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau en syn frou, keninginne-gemalinne Marije Stuart, it Kastiel Oude Loo en byhearrend lân. Hja lieten dêre in simmerferbliuwplak bouwe. It lei op in leech stik grûn yn de Feluwe dat in grut jachtgebiet wie. Dat plak wie gaadlik foar in paleistûn dêr't it wetter fan it heger lizzende grûn nei ûnderen rinne koe foar it bewetterjen fan de blommen en de fonteinen. Doe't Willem III yn 1689 kening fan Ingelân waard, waard it simmerferbliuw tige by tige útwreide ta in foarstlik paleis.

It symmetryske Hollânsk klassisistysk gebou waard ûntwurpen troch Jacobus Roman en Johan van Swieten. De tún waard ûntwurpen troch Claude Desgotz. Doe't Willem III yn 1702 sûnder bern ferstoar liet er al syn lânguod yn Nederlân nei oan syn efterneef, de Fryske steedhâlder Johan Willem Friso fan it Hûs Nassau-Dietz.

It paleis bleau nei Willem III lykwols in simmerpaleis fan de Oranje-Nassau's. Yn 1795 foelen Frânske legers Nederlân yn en flechten steedhâlder Willem V en syn frou Wilhelmina fan Prusen nei Ingelân. De Frânsken plonderen it paleis. Fan 1806 waard it paleis bewenne troch Loadewyk Napoleon, dy't troch syn broer, keizer Napoleon, oansteld waard as kening fan Hollân. Hy liet it paleis wyt plasterje en dêrnei waard it paleis wol "It Wite Loo" neamd. Ek liet er de 17e iuwske barokke tunen ombouwe ta in lânskipspark yn romantyske styl.

Nei de Frânske tiid waard it paleis fannijs in simmerresidinsje fan de Oranjes. Keningen Willem I en Willem III mochten graach op It Loo wêze om't it dêr gâns rêstiger wie as yn De Haach. It paleis bleau in simmerresidinsje oant it ferstjerren fan keninginne Wilhelmina yn 1962. Yn 1960 ferklearre Wilhelmina dat it paleis nei har ferstjerren nei de Steat fan de Nederlannen gean soe. Hja woe lykwols ek hawwe as it wêze soe dat it keningshûs ea ôfskaft wurde soe, It Loo oan de keninklike famylje weromjûn wurde soe. Har dochter, keninginne Juliana hat dêr nea wenne, mar har dochter prinsesse Margriet en har man Pieter van Vollenhoven hawwe oant 1975 yn de rjochterfleugel wenne.

It paleis waard tusken 1976 en 1982 yngreven restaurearre. Sûnt 1984 is it paleis in iepen museum foar it publyk, dêr't it ynterieur mei orizjineel meubilêr, objekten en skilderings fan it Hûs Oranje-Nassau besjoen wurde kinne. It paleis hûsmannet ek in biblioteek oer it Hûs Oranje-Nassau en it Museum fan de Kânselarij fan de Nederlânske Ridderoarders. It gebou is in ryksmonumint en is ien fan de Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch.

Sliepkeamer fan keninginne Marije

It gebou bestiet út in fjouwerkant haadgebou mei oan wjerskanten twa sydfleugels dy't yn 1689 klassisistyske styl troch hôfarsjitekt Jacobus Roman (1640-1716) ûntwurpen waard. Haadgebou en sydfleugels wiene troch healrûne kolonnaden meiïnoar ferbûn. It ynterieurûntwep is foar in grut part fan Daniël Marot.

Fan 1691 oant 1694 waard it paleis útwreide mei fjouwer paviljoens, mei in yn- en bûtenpaviljoen oanwjerskanten fan it haadgebou, dy't it haadgebou mei de sydwjukken ferbûn. De kolonnaden waarde nei de nij oanleine tún ferpleatst. De paviljoens befetten de keninklike aparteminten fan steedhâlder Willem III en Marije Stuart lykas de ytseal, paleiskapel en skilderingsgalery. De plafondskilderings binne fan Johannes Gauber en Gerard Lairesse.

By de grutte restauraasje fan 1977 oant 1984 wie it doel en bring it paleis werom yn de orizinele 17e iuwske steat. Guon oanbouwsels út de 19e en 20e iuw, lykas de grutte ytseal en bad en klaaikeamers oan de túnkant fan it haadgebou, waarden dêrby fuorthelle. De wite plasterlaach waard ek fuorthelle dêr't de bakstiennen wer te sjen wiene. Ek in yn de 20e iuw oanbrochte ferdjipping yn it haadgebou waard fuorthelle. Yn it paleis waarden de plafond- en moarmerskilderings opkaltefatere. De steedhâlderlike aparteminten fan Willem en Marije waarden op harren oarspronklike plak op de earste ferdjipping werombrocht.

Sûnt 8 jannewaris 2018 waard it paleis fannijs restaurearre dêr't it om needsaaklik ûnderhâld en útwreiding fan besikersfasiliteiten gie.

Gravuere fan Paleis It Loo en syn tunen. Ymposanter as it yn werklikheid útfierd waard
De tún hjoed-de-dei

De tunen lizze benefter it paleis en binne yn Hollânsk-klassisistyske styl mei Frânske ynfloed oanlein. It is in tún yn 17e iuwsk barokke styl op it grûnwurk fan de renêssânsetunen fan André Le Nôtre mei perfekte symmetry, suver in spegelbyld, in assestelsel fan radiearjende grindpaden en parterren mei fonteinen en bylden mei nammen fan figueren út de Grykske en Romeinske mytology, lykas dy by it Paleis fan Versailles. De tún sa't dy op de gravuere fan Daniël Marot ferskynt is ûntwurpen troch de omkesizzer fan Le Nôtre, Claude Desgotz.[1]

Yn de achttjinde iuw waarden de barokke tunen fan Willem III feroare ta Ingelske lânskipsstyl, mar waard fan 1980 oant 1984 fannijs opholpen ta de oarspronklike styl. Bewarre bleaune ûntwerptekeningen en opgravings foarmen it útgongspunt foar it ophelpen.

De symmetry yn de arsjitektuer fan it haadgebou en tún giet troch oant yn it gebiet oan de foarkant fan it paleis. Ut it hert fan it haadgebou wei rint in rjochte as streekrjocht nei it suden. Leadrjocht op dy haadas rint bylâns it stekwurk en de sydfleugels de keningsleane. Dat is in dyk dy't dwers troch it Paleispark rint dy't eartiids de streekrjochte ferbining tusken It Loo en Amersfoart wie (N344).

Fan de poarte ôf, dy't it snijpunt is, rinne twa assen ûnder in hoeke fan 35 graden spegele oan de haadas. De súdwestas rint rjochting it bûthûs en koetshûs fan it paleis, dêr't hjoed-de-dei de besitersyngong en in parkearplak lizze. De haadas tsjinnet as wichtichste sichtleane, en taglyk ek as oprydleane, lykas by Keninginnedei 2009, dêr't in dramatysk foarfal barde.

It assestelsel yn it Paleispark hat in ferfolch krigen yn de stêdeboukundige opset fan it gebiet súdlik fan it kennklik terrein. In gelikense assestelsel hat syn snijpunt op it plak fan de ynrit nei de oprydleane. Fan dat punt ôf, dy't markearre is troch De Naald, in 17 meter hege obelisk rinne trije rjochte leanen, de Looleane, Jachtleane en Kening Loadewykleane. De Looleane waard yn 1739 as earste troch Willem IV iepene en waard rjochte op de âlde Marijetsjerke op it Riedhûsplein yn it sintrum fan Apeldoarn. De haadas rint fierder troch nei it suden fan de ynrit ôf oer de brede Kening Loadewykleane.

Efter It Loo is it Alde Loo dy't troch de Steat oan prinsesse Beatrix ferhierd waard en letter oan har âldste soan Willem-Alexander. Tichteby it paleis stiet Hûs It Loo dêr't prinsesse Margriet en har man Pieter van Vollenhoven yn wenje.

De Wikipedy hat ek in side Looline.

Oer de brede middenberm fan de kening Loadewykleane rûn de eardere Looline of Keningsline, in ôfspjalting fan de Easterspoarwei nei It Loo, dêr't de keninklike famylje in streekrjochte ferbining mei Amsterdam troch hie.

It Paleis út de tún wei sjoen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Twa útstellen fan Desgotz foar de Grutte Tún, lykas it yn de gravuere ferskynt, yn it Nasjonaal Museum, Stockholm, binne yllustraasjes fan Runar Strandberg, The French formal garden after Le Nostre, yn The French Formal Garden, Elizabeth B. MacDougall en F. Hamilton Hazlehurst, bewurkers, 1974, (Dumbarton Oaks) figs 15 (foar it grutste part sa útfierd) en 16.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paleis het Loo fan Wikimedia Commons.