Springe nei ynhâld

Nije Tsjerke (Middelburch)

Ut Wikipedy
Nije Tsjerke
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres Onder den Toren 1
koördinaten 51° 29'N 3° 36'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier likernôch 1300
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28673
Webside
hiemside PKN-gemeente
Kaart
Nije Tsjerke (Middelburch-Sintrum)
Nije Tsjerke

De Nije Tsjerke (Nieuwe Kerk), ek Sint-Nicolaastsjerke, is ien fan 'e twa tsjerken fan 'e eardere abdij fan Middelburch yn it sintrum fan de Siuwske haadstêd Middelburch. Njonken de tsjerke stiet de Lange Jan, de 92 meter hege abdijtoer, en de Koertsjerke. Yn de roomske tiid wie de Nije Tsjerke it diel fan de parochianen; it koer (de tsjintwurdige Koertsjerke) wie reservearre foar de muontsen.

Troch it sluten fan fjouwer protestantske tsjerken (de Morgenster yn 2016, de Easttsjerke yn 2017, de Hoekstien en de Hofpleintsjerke (2019) ûnstie in nije protestantske gemeente, de "Nieuwe Kerkgemeente", mei likernôch 4.500 leden (2019). De Nije Tsjerke biedt plak oan 750 minsken.[1]

Yn 'e midsiuwen hie Middelburch trije tsjerken: de Westmonster- of Sint-Martenstsjerke, de Noardmonster- of Sint-Piterstsjerke en de Eastmunster- of Sint-Nikolaastsjerke (de tsjintwurdige Nije Tsjerke).

De tsjerke krige de hjoeddeiske foarm fan in twaskippige halletsjerke mei hege spitbôgige finsters en steunbearen yn 1568, nei't de oarspronklik 14e-iuwske tsjerke earst troch de byldestoarm en dêrnei troch in earnstige brân troffen waard. De westlike gevel hat twa puntgevels mei dêrtusken in achtkante treptoer.

De tsjerke nei de bombardeminten.

Nei't Middelburch yn 'e hannen fan Willem fan Oranje foel, waard de tsjerke yn 1574 oerdroegen oan 'e kalvinisten. Yn 1585 waard foar it earst de namme "Nije Tsjerke" brûkt.

By in restauraasje yn 1846 brocht de arsjitekt G.H. Grauss feroarings oan 'e tsjerke oan. De gevel krige in neogoatysk uterlik mei pinakels en in foarbou en ek fûnen der grutte wizigings oan it ynterieur plak. De neogoatyske foarbou waard om 1905 hinne wer ôfbrutsen.

Op 17 maaie 1940 waard de tsjerke troch Frânske bombardeminten [2] hast hielendal ferneatige. De tige slagge restauraasje neitiid duorre hast 25 jier. By in grutte renovaasje en werynrjochting yn 1998 waarden de banken en de preekstoel ferfongen troch blauwe stuollen en in nij litugysk sintrum. Yn 2007 krige de tsjerke nije glês-yn-lead ramen.

It tsjintwurdige oargel fan 'e Nije Tsjerke is ôfkomstich út de Alde Lutherske Tsjerke fan Amsterdam. It oargel waard yn 'e jierren 1691-1693 boud troch Johannes Duyschot. De oargelmakker makke dêrby gebrûk fan it piipwurk fan in âlder oargel út 1658 dat makke wie troch Jan Norel. De oargeltribune en de oargelkas waarden makke troch Jan Albertsz. It byldhouwurk is foar it measte ôfkomstich fan de byldhouwer Jasper Waagemen, wylst Philip Tideman de oargellûken beskildere. Yn 1722 waard de disposysje fan it ynstrumint útwreide troch Christian Müller (oargelbouwer) (de bouwer fan it oargel fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert en ek Johannes Strümphler brocht wizigings oan.

Haadoargel.

De Lutherske Tsjerke woe op 't lêst fan it oargel ôf en it ferfange troch in ynstrumint dat mear foldie oan 'e nijmoardige winsken. Yn 1884 boude de firma Witte in nij oargel op 'e oargeltribune yn 'e tsjerke en nei't it net slagge om it âlde oargel te ferkeapjen, krige it Ryksmuseum dat oargel yn brûklien. It Ryksmuseum lei it yn de opslach en seach spitigernôch allinne de wearde fan 'e oargelkas; sadwaande gyng it binnenwurk ferlern.

Troch de kriichskea siet de Nije Tsjerke yn Middelburch sûnder oargel en yn 1954 joech de Lutherske gemeente fan Amsterdam de âlde oargelkas oan 'e herfoarme gemeente. By de opbou fan in nij ynstrumint yn 'e âlde kas troch de firma Van Leeuwen waarden de âlde frontpipen en de orizjinele farvelaach fan de kas ferfongen.

By de werynrjochting fan it herfoarme tsjerkegebou waarden de oargellûken restaurearre en de kas poetst. It linker lûk is beskildere mei in foarstelling fan Jefta dy't werom komt nei it ferslaan fan de Ammoniten (binnenkant) en mei ingeltjes dy't de Wet fêsthâlde. It rjochter lûk toant yn iepensteande posysje David dy't foar kening Saul op de harpe spilet en yn sletten posysje ingeltsjes om it Laam en it krús. Yn 2004 krige it oargel in ûnderhâldsbeurt en in pear oanpassings fan de firma Flentrop út Saandam.

Njonken it Van Leeuwen-oargel yn de histoaryske kas, besit de tsjerke sûnt 2019 in koeroargel fan S.F. Blank út Herwijnen. It koeroargel ferhûze fan 'e yn 2019 troch de PKN ôfstjitten eardere grifformearde Hofpleintsjerke, dêr't it yn de jierren 1980 yn gebrûk nommen waard. Nei't Van Rossum it koeroargel yn 1993 mei in feroaring oanbrocht en it úwreide mei in Quint 3' besit it 15 stimmen, ferdield oer haadwurk, boarstwurk, pedaal. [3][4]

De Nije Tsjerke wurdt fan de Koertsjerke skieden troch de toer en de saneamde "Wandelkerk", it middenkoer dêr't it 17e-iuwske grêfmonumint foar de admiraals Johan en Cornelis Evertsen stiet. De bruorren sneuvelen yn 1666.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Provinciale Zeeuwse courant, 9 juny 2019
  2. Gestold verleden, A.B.J. Goossens, útjûn yn eigen behear 2012
  3. Orgelrijk, Carel van Gestel, ISBN 9059940040, side 107-110
  4. Orgels in Zeeland, oproppen 18.10.2020