Abdij fan Middelburch

Ut Wikipedy
Abdij fan Middelburch
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres Abdijplein
bysûnderheden
type bouwurk Eardere funksje abdij
boujier Sûnt 1127
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28672 [1]

Die Abdij Middelburch (ek: Abdij fan Us Leaffrou) is in eartiids oan de Jongfaam Marije wijd kleaster fan de premonstratinzers yn de Sieuwske haadstêd Middelburch.

De gebouwen fan de abdij wurde tsjintwurdich brûkt troch de provinsje Seelân, it Siuwsk Museum (Zeeuws Museum) en in pear tsjerken.

Omskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kompleks leit om it Abdijplein en hat fjouwer grutte tuorren en in lytse toer mei ferskate tagongspoarten. Underdiel fan de abdij foarmje ek de Lange Jan en noch twa tsjerken; de Koertsjerke (Koorkerk) en de Nije Tsjerke (Nieuwe Kerk).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1127 stiften premonstratinzers fan it Antwerpske stift Sint-Michael in kleasterdelsetting yn Middelburch. Yn de rin fan de tiid waard de delsetting útboud ta in grut kleasterkompleks mei twa tsjerken. It kleaster besiet grutte stikken lân en groeide út ta it sintrum fan de macht yn Seelân. De lêste abt fan it kleaster waard sels de biskop fan it doedestiids nije bisdom Seelân. In grut part fan de kleastergebouwen gyng troch in brân yn 1492 ferlern, in twadde grutte brân skeinde benammen de twa tsjerken. Troch de weropbou nei brannen binne de hjoeddeiske kleastergebouwen benammen letgoatysk fan styl.

Kleastergong

It Belis fan Middelburch (1572-1574) einige mei de kapitulaasje fan de spaansksinnige, katolike stêd. Nettsjinsteande de garânsjes fan Willem fan Oranje om de katoliken mei rêst te litten, kaam der ûnder twang in ein oan it kleasterlibben en it bisdom Seelân. De sechtjin Norbertynske bruorren dy't it belis oerlibbe hiene moasten de stêd ferlitte en gyngen nei Antwerpen. De twa kleastertsjerken waarden troch de protestanten yn gebrûk nommen. De abdij die tsjinst foar it Gewestlik Bestjoer en as it bestjoerssintrum fan Seelân. Dêrnjonken wie de Admiraliteit fan Seelân yn in diel ûnderbrocht en twa iuwen lang soene yn de kleastergong siuwske munten slein wurde.

Ek doe't Nederlân yn 1814 in keninkryk waard bleaune de Provinsjaal Steaten fan Seelân gebrûk meitsjen fan de abdij. Yn it lêste fearn fan de 19e iuw waarden de gebouwen restaurearre. Yn dy tiid waard in grut diel fan de âlde kleastergong ôfbrutsen, sadat de koets fan de Kommissaris fan de Kening better draaie koe.

Yn 1940 rekke de abdij troch kriichshannelingen slim skansearre. De weropbou duorre oant 1965.

Kleastertsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Koertsjerke (Middelburch).
De Wikipedy hat ek in side Nije Tsjerke (Middelburch).

Súdlik fan de kleastergong binne de twa tsjintwurdich protestantske tsjerken: de Koertsjerke mei de monumintale tsjerketoer (Lange Jan) en de Nije Tsjerke. De tsjerken wurde ek mei Abdijtsjerke oantsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: