Springe nei ynhâld

Munstertsjerke fan Essen

Ut Wikipedy
Munstertsjerke fan Essen
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Essen
koördinaten 51°27' N 7°0' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Essen
patroanhillige Marije, Kosmas en Damianus
Arsjitektuer
boujier stifting 845; 13e iuw
boustyl gotyk
Webside
dom-essen.de
Kaart
Munstertsjerke fan Essen (Noardryn-Westfalen)
Munstertsjerke fan Essen

De Munster fan Essen of Dom fan Essen oan it Burgplatz yn 'e eastlike binnenstêd fan Essen is de biskopstsjerke fan it Dútske bisdom Essen. De tsjerke is wijd oan Marije en Kosmas en Damianus.

De munstertsjerke wie oarspronklik de tsjerke fan it Stift Essen, dat om 845 oprjochte waard troch Altfrid, de biskop fan Hildesheim. Om dat stift hinne ûntstie letter de stêd Essen. De hjoeddeiske tsjerke waard nei de bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldkriich foar in grut part werboud. It is in sûnt 1275 boude goatyske halletsjerke fan ljochte sânstien. It oktogonale westwurk en de krypt binne noch oarspronklike dielen fan 'e Ottoanske foargonger. Noard fan 'e tsjerke grinzget in kleastergong. De Gouden Madonna is ien fan 'e meast weardefolle objekten yn 'e skatkeamer, it is it âldste Marijebyld noard fan 'e Alpen.

De hjoeddeiske munster is de tredde tsjerke op it plak. Yn 1952 binne de fûneminten fan 'e foargongers útgroeven. It earste gebou, in trijeskippige basilyk mei deselde breedte fan 'e midden- en sydskippen as de opfolgers, datearre fan 845 oant 870. Neffens Keulske dokuminten waard dy tsjerke yn it jier 946 troch brân troffen. Nei de brân waard de tsjerke wer renovearre en útwreide mei in krypt, in westwurk en in foarlizzend atrium mei in kapel, dy't oan Jehannes de Doper wijd waard. Dy tsjerke stie net lang en waard tusken 973 en 1058 troch nijbou ferfongen. Fan dy Ottoanske nijbou binne noch belangrike dielen bewarre bleaun. Nei't de tsjerke yn 1275 folslein ôfbaarnde, waard der útein set mei de bou fan 'e goatyske tsjerke, it westlike diel en de krypte waarden yn 'e nijbou opnommen.

Jehannes de Dopertsjerke.

Fanút de Jehannes de Doperkapel ûntstie letter de Jehannes de Dopertsjerke, de doop- en parochytsjerke foar de minsken dy't ûnder it stift foelen. Dy tsjerke waard yn 1471 fernijd en op in diel fan it atrium útwreide. Sa krige it atrium de oarspronklike foarm werom lykas dy nei alle gedachten yn 'e jierren 1060-1080 ûntstie.

Mei de reformaasje waarden de measte ynwenners fan Essen protestantsk, mar it stift bleau roomsk. De protestantske ynwenners brûkten de Sint-Gertrudistsjerke oan 'e Merk en de roomske ynwenners de Jehannes de Dopertsjerke.

Yn 'e 18e iuw fûn in barokke ferbouwing plak. De âlde krusingstoer waard fan in smelle dakruter ferfongen. De ramen ferlearen it goatyske maaswurk en waarden grutter makke, wylst de toerspitsen ferfongen waarden troch barokke, sipelfoarmige tuorren. Ek it âlde goatyske ynterieur waard ferwide, sadat dêr net in soad fan bewarre is.

Nei de sekularisaasje oan it begjin fan 'e 19e iuw waard it stift opheft. De munstertsjerke waard in parochytsjerke en dat bleau 150 jier sa. De namme munstertsjerke bleau lykwols bestean.

10e-iuwske ljochter.

By in restauraasje yn 1880 binne de barokke feroaringen safolle mooglik werom draaid. It Ottoanske westwurk krige it âlde oansjen werom. Fan 'e barokke ynrjochting ferdwûnen in pear bylden en in sydalter nei de Jehannes de Dopertsjerke en in pear oare bylden nei de skatkeamer fan 'e munster. It dak krige by dy ferbouwing it hjoeddeiske oansjen en de krusing krige in nije neogoatyske dakruter. It ferfangende ynterieur gyng yn 'e Twadde Wrâldkriich lykwols foar in grut part ferlern.

Yn 'e nacht fan 5 op 6 maart 1943 bombardearre de Royal Air Force mei in float fan 442 fleantugen de foar de kriichsyndustry sa wichtige stêd. Yn net iens in oer tiid waarden 137.000 brânbommen en 1100 flinterbommen op 'e binnenstêd smiten. De munstertsjerke baarnde út en wie slim skansearre; allinne de âldste dielen, it westlike diel en de krypt kamen der noch relatyf goed fan ôf. Nei de befrijing beslute de ried dat de tsjerke wer opboud wurde moast. Troch de ferneatiging wie ek grut argeologysk ûndersyk mooglik, sadat der in soad ûntdutsen waard oer de foarskiednis fan 'e tsjerke. Sûnt 1951 waard útein set mei de werbou, dy't yn 1958 foltôge waard.

Yn 1958 waard út dielen fan 'e bisdom Münster, Paderborn en Keulen it nije bisdom Essen stifte en doe waard de munstertsjerke de katedraal fan it bisdom. Op 1 jannewaris 1958 waard de earste biskop fan Essen, Franz Hengsbach, ynhuldige.

Lêste útwreiding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hjoeddeiske bou.

De stiftstsjerke wie nea grutter as de Ottoanske tsjerke, mar mei de stifting fan it nije bisdom wie foar it earst in útwreiding nedich. De earste Essener biskop hie al yn syn libben sein dat er graach yn syn biskopstsjerke begroeven wurde woe, mar net njonken de hillige Altfrid yn 'e Ottoanske krypt. Om dêr oan te foldwaan waard tusken 1981 en 1983 in westlike krypt ûnder it atrium boud. De krypte waard mei betonnen reliëfs fan Emil Wachter fersierd. Sûnt desimber 2000 hjit dy krypt de Aveniat-Krypta. Yn 'e krypt waarden ek de by de opgravingen ûntdutsen bonken fan 'e yn 'e midsiuwen yn it atrium begroeven kanunikken byset.

Sûnt 10 oktober 2004 is ta neitins fan 'e yn 2001 sillichsprutsen fakbûnsman Nikolaus Groß (1898-1945) in kapel fan it súdlike syd op 'e nij ynrjochte.

Ynrjochting.

De lingte fan it tsjerkekompleks (ynklusyf de Jehannes de Dopertsjerke) is 90 m. De breedte leit tusken 24 m en 31 m by it dwersskip mei de oanbou nei de skatkeamer. De ôfmjittings fan 'e hichte binne:

Hichte Binnen Bûten
skip 13 m (ferwulften) 17 m
koer (m. krypt) 15 m (ferwulft) 20 m
westwurk   35 m
krusingstoer   38 m
toer Jehannestsjerke   50 m

De arsjitektuer feroarsaket in relatyf ienfâldich ynterieur. Troch it barokkisearjen yn 'e 18e iuw, it op 'e nij gotisearjen yn 'e 19e iuw en de ferneatigingen fan 'e Twadde Wrâldkriich is der fan it oarspronklike ynterieur net folle oerbleaun is, mar wat der oerbleaun is, is fan grutte wearde.

Bernekroan Otto III.

Ien fan 'e objekten fan 'e tsjerkeskat is de bernekroan fan keizer Otto III, dy't er by de kroaning yn 'e domtsjerke fan Aken droegen hat. Fierder binne der fjouwer Ottoanske prosesjekrusen, in Ottoansk swurd wêrfan't tocht waard dat it it swurd wie dêr't Komas en Damianus mei ûnthalze waarden, ferskillende goatyske earmrelykhâlders, it omslach fan it Theophanu-evangeliarum, in Karolingysk evangeliarum en in grutte samling Boergondyske gaspen.

Gouden Madonna.

Yn 'e kapel fan it noardlike sydskip stiet sûnt 1959 de aldergrutste skat fan 'e tsjerke. It giet om 'e Gouden Madonna, it âldste Marije-byld fan 'e wrâld. It 74 sm hege byld is fan popelhout, belein mei bledgoud en datearret út de tiid fan abdis Matilde. Oarspronklik waard it mear as tûzen jier âlde byld yn prosesjes meitôge. Mooglik kaam it yn Essen telâne om 't Matilde besibbe wie mei it Ottoanske keningshûs. Yn 2004 waard it byld restaurearre.

Sintraal yn it westlike diel stiet de monumintale sânearmige ljochter, dy't abdis Matilde tusken 973 en 1011 meitsje litten hat. De ljochter is 2,26 m heech en 1,88 m breed en is fan 46 getten dielen gearstald.

De Idapylder yn it koer is it âldste objekt fan 'e tsjerke. It krús op 'e pylder is hjoed-de-dei in modern krús. Oant yn 'e 15e iuw hie de pylder in ferguld krús. Op in bewarre koperen plaat steane de wurden ISTAM CRUCEM (I)DA ABBATISSA FIERI IUSSIT (oerset: dit krús liet adbis Ida meitsje). Dêrút is op te meitsjen dat de yn 971 ferstoarne abdis Ida de opdracht joech om it krús te meitsjen. Hielendal wis is dat net want it soe likegoed in skinking fan 'e abdis mei deselde namme fan 'e Marije yn it Kapitoal fan Keulen west ha kinne. Op basis fan 'e fertikale groeven en de Attyske basis wurdt oannommen dat de pylder in antike pylder is. It kapiteel is ryk fersierd en ynspirearre op 'e antike tiid en folget de styl fan 'e kapitelen fan 'e westlike galerij, de krypte, de Liudgerkrypt fan 'e adbijtsjerke fan Werdenen de Lusiustsjerke yn Werden.

Grêf biskop Altfrid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e eastlike krypt is it goatyske heechgrêf fan 'e Hildesheimer biskop en stifter fan Essen. It grêf is fan kalksânstien makke en datearret út 1300 hinne. Nei alle gedachten wie abdis Beatrix fan Holte de opdrachtjouwer.

Oare keunstwurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grêflizzing.
  • Yn it súdlike sydskip stiet in letgoatyske grêflizzing. De byldegroep waard yn it earste fearn fan 'e 16e iuw makke troch in ûnbekende master út Keulen.
  • In oar ier 16-iuwsk byld is dat fan 'e needhelper Sint-Rochus oan 'e noardlike muorre fan 'e munster.
  • Ut de barokke tiid datearje twa epitafen. It âldste epitaaf fan 'e yn 1614 ferstoarne abdis Elisabeth fan Bergh niget nei de renêssânse en waard yn Antwerpen makke fan swart moarmer. It epitaaf lit de abdis yn har amtsklean mei de wapens fan har foarfaars sjen en is te finen oan 'e noardlike muorre fan it eastlike sydtravee. It oare epitaaf is fan abdis Anna Salome fan Salm-Reifferscheidt en is oan 'e noardlike muorre fan 'e oargelkreake oanbrocht.
  • De midsiuwske ramen waarden yn 'e oarloch ferneatige. By de werbou krigen moderne keunsters de opdracht om nije ramen en oare keunstwurken te meitsjen, ûnder betingst dat se rekken holden mei it monumintale bouwurk.

De domtsjerke hat in oargel út 2004 fan 'e Switserske oargelbouwer Rieger út Schwarzach. It fouwermanualige oargel hat 69 registers en 5.102 pipen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Essener Münster