Mozes en Aärontsjerke
Mozes- en Aärontsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Amsterdam | |
adres | Waterlooplein 205 | |
koördinaten | 52° 22' N 4° 54' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Haarlim-Amsterdam | |
patroanhillige | Antonius fan Padua | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Tilman-François Suys | |
boujier | 1841 | |
boustyl | neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 6305 | |
Webside | ||
Hiemside Mozes en Aäron | ||
Kaart | ||
De Mozes- en Aärontsjerke is in offisjeel oan 'e hillige Antonius fan Padua wijde roomske tsjerke oan it Waterlooplein yn Amsterdam en wurdt brûkt troch de mienskip fan Sant'Egidio.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan 'e tsjerke leit yn it hûs 'Het Schaep', dêr't pater Arnoldus ab Ischa in staasje stifte. De pater moast him nei de Alteraasje fan Amsterdam as katolyk út 'e fuotten meitsje, maar kaam dêrnei temûk as gewoan man werom. Dat hûs waard te lyts en doe waard it hûs 'Moyses' oan 'e Jodenbreestraat oankocht. Holpen troch twa Italjaanske keaplju sette pater Cornelis de Vroom yn 1682 útein mei de oankeap fan oangrinzgjende hûzen, wêrûnder it hûs 'Aäron'. It duorre noch in skoft, mar yn 1691 ferliende de stêd permisje om der in skûltsjerke fan te meitsjen.
Yn 1691 kaam der yn 'e hjoeddeiske Jodenbreestraat in twadde skûltsjerke. Yn dy nije skûltsjerke wie plak foar 800 minsken en healwei de 18e iuw krige dy skûltsjerke in nije gevel. De tsjerke waard fan fiif paters betsjinne en wie de grutste skûltsjerke fan Amsterdam mei 7000 parochianen en ek in ferneamd koar.
Mei't dy tsjerke brekfallich waard, ûntstiene der plannen foar de bou fan in nije tsjerke. Underwilens wiene de tiden feroare en de katoliken waarden langer net fan 'e oerheid skoudere[1] Sa waard de hjoeddeiske wettersteatstsjerke tusken 1837 en 1841 ûnder lieding fan Johannes van Straaten neffens in ûntwerp fan Tieleman Franciscus Suys (1783-1861) yn neoklassistyske styl boud. De útfiering is ynspirearre op in net útfierd ûntwerp fan de doe yntusken ferstoarne stedsarsjitekt Jan de Greef foar in katedraal op de Nieuwmarkt yn Amsterdam. Dat ferklearret ek werom't de tsjerke as iennige neoklassisistyske tsjerke fan Nederlân in gevel mei twa tuorren hat. Op syn beurt wie de gevel fan 'e Mozes- en Aärontsjerke wer it foarbyld fan 'e ek troch Suys ûntwurpen Sint-Joazeftsjerke fan Brussel (1842-1849).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is in rjochthoekige, trijeskippige halletsjerke mei Korintyske pylders. De gevel is fan Bentheimer sânstien en hat fjouwer Ioanyske pylders yn in hege portyk. It timpaan fan 'e portyk wurdt mei in seinigjende Kristus bekroand. De twa bylden oan 'e úteinen fan it timpaan binne hjoed-de-dei net mear oanwêzich. De tuorren hawwe houten spitsen en hiene op 'e hoeken ek bylden, dy't der likemin noch binne. Alle bylden waarden troch Japn Baptist de Cuyper (1807-1852) út Antwerpen makke.
Yn 'e bakstiennen sydmuorren binne grutte rûnbôgefinsters ynbrocht, wylst de efterkant fan 'e tsjerke wer fan sânstien is.
Oan it gebou binne twa betinkingsplaten oanbrocht: it reliëf Franz Liszt oan 'e gevel fan it Waterlooplein betinkt in konsertbesite fan Franz Liszt en it 8 Desimbermonumint oan it Mr. Visserplein waard ta neitins oan de desimbermoarden fan 1982 yn Suriname oanbrocht.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It barokke haadalter út likernôch 1700 mei in skilderij fan Jacob de Wit hat yn 'e âlde skûltsjerke stien. Suys liet twa sydalters meitsje yn 'e selde styl, dy 't mei twa 18e iuwske en fjouwer nije bylden fan De Cuyper oanklaaid waarden. De krúswei is makke yn it atelier fan de byldhouwers Van den Bossche en Crevels fan Frânske kalkstien mei in moarmeren kader. It duorre 20 jier ear't alle staasjes foltôge wiene. Se binne yn 1921 ynwijd.
It oargel is in Frânsk-romantysk ûntwerp fan Charles Marie Philbert út 1869-1871 en waard troch P.J. Adema boud en dêrnei fergrutte yn 1887. It trijemanualige oargel hat 41 registers en in frij pedaal. Grutte Frânske oargelisten lykas Charles-Marie Widor en Camille Saint-Saëns hawwe op it ynstrumint spile. De oargelfirma Flentrop restaurearre it oargel yn 1994.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard lykas ek De Duif oan 'e Prinsengracht yn 1978 in lokaasje, dêr't 182 Marokkanen en sympathisanten yn hongerstaking gyngen út protest tsjin útsetting út Nederlân, nei't harren asyloanfragen troch staatssekretaris Bert Haars ôfwiisd wiene. Ien fan dy aksjefierders dy't it foar de groep opnaam wie it lettere GrienLinks-keamerlid Mohammed Rabbae.
Sûnt 1980 wie de tsjerke net mear as tsjerke yn gebrûk en wie de tsjerke in sintrum foar kulturele gearkomsten. Yn 'e jierren 1980 besetten Koerden de tsjerke út protest tsjin de eksekúsjes yn Turkije.
Yn july 2014 makke biskop Jos Punt bekend dat de Mozes- en Aärontsjerke wer as roomske tsjerke wijd wurde soe. Sûnt 28 septimber fan dat jier wurde der wer missen holden troch de mienskip Sant'Egidio.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Mozes en Aäronkerk
|