Springe nei ynhâld

Minnie Hollow Wood

Ut Wikipedy
Minnie Hollow Wood
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit (Sioux)
Amerikaansk
berne ±1856
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn 1930-er jierren
stjerplak yn it Noardlike Sjajinne
   Yndianereservaat
(Montana)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Minnie Hollow Wood (op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1856 – yn it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (Montana), 1930-er jierren) wie in Yndiaanske frou dy't yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Minnie Hollow Wood waard omtrint 1856 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Har oarspronklike, Yndiaanske namme is net oerlevere. Hja wie sels fan etnysk Lakota-komôf, mar troude mei in Sjajinske kriger dy't fan Hol Hout (Hollow Wood) hiet; dêrfandinne dat se letter bekend waard as 'Minnie Hollow Wood'.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht Minnie Hollow Wood op 25 en 26 juny 1876 side oan side mei har man mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn it suden fan Montana, wêrby't in grut diel fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waard troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Mei har dapperens yn dy striid fertsjinne Minnie Hollow Wood it rjocht om in fearretoai te dragen. Sy en har man joegen har yn 1877 oer oan kolonel Nelson A. Miles, yn Fort Keogh, yn Montana.

It is net dúdlik oft Minnie Hollow Wood en har man neitiid ek mei de oare Noardlike Sjajinnen deportearre waarden nei it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma), of oft se yn 'e winter fan 1878 en 1879 diel útmakken fan 'e saneamde Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen, wêrby't dyselden útbrieken út it har tawiisde reservaat om werom te kearen nei harren heitelân yn it noarden. Yn elts gefal libbe Minnie Hollow Wood doe't se op jierren wie yn it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat fan Montana, dêr't se in wichtige ynformant waard foar auteur en etnolooch Thomas Bailey Marquis.

Yn syn wurk oer har suggerearre Marquis dat Minnie Hollow Wood ûnder har ferbliuw as kriichsfinzene yn Fort Keogh in "favoryt" fan kolonel Miles wie, wêrmei't er op in seksuële relaasje liket te tsjutten. (Sokke relaasjes tusken Yndiaanske froulju en Amerikaanske ofsieren wiene ein njoggentjinde iuw frij normaal, dat fiersocht is dit ferhaal yn elts gefal net.) Mooglik dat Hollow Wood en har man sadwaande oan 'e deportaasje nei it Yndiaanske Territoarium en de dêropfolgjende foarfallen ûntkamen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.