Rint-mei-de-Stjerren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rint-mei-de-Stjerren
persoanlike bysûnderheden
oare namme (One-Who-)Walks-with-the-Stars
nasjonaliteit Flagge United Sioux Tribes.PNG (Sioux)
berne ±1840
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
    (Feriene Steaten)
stoarn ûnbekend
stjerplak yn Súd-Dakota
etnisiteit Flagge United Sioux Tribes.PNG Lakota-
wurkpaad
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Rint-mei-de-Stjerren (Ingelske namme: Walks-with-the Stars of One-Who-Walks-with-the-Stars; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1840 – yn Súd-Dakota, 1???) wie in Yndiaanske frou dy't yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rint-mei-de-Stjerren waard omtrint 1840 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hja waard berne as lid fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota, mar troude mei Kriehûn, in haadman fan 'e Brulee-Lakota.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht Rint-mei-de-Stjerren op 25 en 26 juny 1876 mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn it suden fan Montana, wêrby't in grut diel fan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waard troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Dêrby stiek en sloech Rint-mei-de-Stjerren yn it wetter fan Minneconjou Ford, in oerstekplak yn 'e rivier de Little Bighorn, twa Amerikaanske soldaten dea dy't dielnommen hiene oan Custer syn mislearre oanfal op it Yndiaanske doarp. Neffens tsjûgenissen fan oare by de fjildslach oanwêzige Yndianen murk Rint-mei-de-Stjerren ien fan dy beide soldaten op doe't se dwaande wie mei it byinoar driuwen fan 'e losrinnende kavaleryhynders. De ferwûne Amerikaan besocht nei de beskutting fan it strewelleguod ta te krûpen, mar Rint-mei-de-Stjerren pakte in stik driuwhout op en kneppele him dêrmei dea.

It is net bekend wannear't Rint-mei-de-Stjerren stoarn is, mar nei alle gedachten sette se har letter, krekt as har man Kriehûn, nei wenjen yn it Rosebud Yndianereservaat yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.