Springe nei ynhâld

Memel (rivier)

Ut Wikipedy
Memel (rivier)
Rin fan de Memel
Rin fan de Memel
geografy
lân Wyt-Ruslân
Litouwen
Ruslân
mûnet út yn Koerske Haf/Eastsee
plakken Grodno, Kaunas, Sovetsk
sifers
lingte 937 km
hichte boarne 176 m
hichte mûning seenivo
ôfwetteringsgeb. 97.924 km²
De Memel by Alytus
De Memel as grinsrivier mei de Oblast Kaliningrad

De Memel (Dútsk: Memel, Litousk: Nemunas, Wyt-Russysk: Нёман, Nioman, Нёман, Poalsk: Niemen, Russysk: Неман; Neman) is in rivier yn East-Jeropa mei in langte fan 937 kilometer en in streamgebiet fan 97.924 km². Hy rint troch Wyt-Ruslân en Litouwen en is oer de lêste 166 kilometer de grins mei de Russyske oblast Kaliningrad. Ynternasjonaal is de rivier ek bekend ûnder de namme Neman.

De rivier ûntspringt op 45 kilometer súdwestlik fan de Wyt-Russyske haadstêd Minsk en rint nei it westen oant Hrodna (Grodno) yn it fierste noardwesten fan Wyt-Ruslân. Dêr bûgt er ôf nei it noarden en giet krekt besuden Druskininkai de grins mei Litouwen foarby. By Kaunas komt de Neris (Wyt-Russysk: Вілія) derby en dêr leit sûnt 1959 in kearmar. Dêr bûgt de rivier wer ôf nei it westen en begjint de ûnderrin. De rivier is dêr folle breder, streamt stadiger en foarmet eilannen.

Dêrnei foarmet de Memel de grins mei de Russyske enklave Kaliningrad. Op de linkerigge leit hjir de stêd Sovjetsk. Op 48 kilometer fan de mûning ôf begjint de delta fan de Nemunas: earst splitst de rivier him yn de Rusne (noardlik) en de Matrosovka (súdlik), en dêrnei splitst de Rusne him yn Atmata (noard) en Skirvite (súd), wêrby't it eilân Rusne ûntstiet. De Litousk-Russyske grins rint it trajekt Rusne-Skirvite bylâns.

De rivier mûnet út yn it Koerske Haf, dat op de hichte fan Klaipėda in smelle ferbining mei de Eastsee hat. De stêd Klaipėda droech lange tiid deselde namme as de rivier: Memel.

De Memel wie ea befarber fan Hrodna ôf. Hjoed de dei is der noch mar oant Kaunas skipfeart mooglik fanwegen de bou fan keardaam krekt stream op fan Kaunas. Der binne kanalen nei de streamgebieten fan de Dnjepr, Weichsel en Pregolja (Pregel).

De grutste plakken oan de Memel binne Hrodna, Kaunas en Sovjetsk (eartiids: Tilsit).