Springe nei ynhâld

Grodno

Ut Wikipedy
Grodno

Гродна / Гродно

Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Wyt-Ruslân Wyt-Ruslân
oblast Grodno
Sifers
Ynwennertal 370.919 (2018)
Oerflak 142 km²
Befolkingsticht. 2.612 ynw./km²
Hichte 90–147 m
Oar
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 53° 40' NB, 23° 49' EL
Offisjele webside
Hiemside Grodno
Kaart
Grodno (Wyt-Ruslân)
Grodno

Hrodna of Grodno (Wyt-Russysk: Гродна, Hrodna; Russysk: Гродно, Poalsk: Grodno; Litousk: Gardinas, Dútsk (histoarysk): Garten) is in grutte stêd yn it noardwesten fan Wyt-Ruslân. Grodno is ek de haadstêd fan 'e oblast mei deselde namme.

De stêd leit oan 'e Memel tichteby de grins fan Poalen en Litouwen. Yn Grodno wennet de grutste konsintraasje Poalen fan Wyt-Ruslân en de stêd telt sadwaande in soad katoliken ûnder de befolking.

Hrodna hat in medyske universiteit.

De stêd hat in lange en balstjurrige skiednis en waard yn 1127-1128 foar it earst yn 'e Nestorkronyk neamd. De Dregovitsen, in Slavyske stamme, bouden dêr eartiids in lyts fort. De lokaasje oan ferskillene hannelsrûtes mei goede wetterferbinings oer de Memel en de Gorodnicanka joegen Grodno goede kânsen ta ûntwikkeling. Sûnt de twadde helte fan 'e 12e iuw wie Hrodna it sintrum fan in keninkryk. In iuw letter ferlear dat keninkryk syn selsstannigens en waard it ûnderdiel fan it Grutfoarstedom Litouwen, dat sûnt 1569 by it Poalsk-Litouske Mienebest hearde. Kening Stefanus Báthory makke fan de stêd syn wichtichste residinsje en Hrodna bleau twa iuwen by it mienebest, oant de stêd by de Tredde Poalske Dieling yn 1795 by it Russyske Ryk foege waard.

Grodno yn'e 16e iuw

De stêd waard yn 1801 de haadstêd fan it gûvernemint Grodno en yn 1862 krige de stêd in stasjon oan it spoar Sint-Petersburch-Warsjau. It ynwennertal woeks yn dy iuw hurd en tsjin it ein fan 'e 19e iuw bestie mear as de helte fan 'e 46.871 ynwenners (1897) út joaden.

Yn 1915 yn 'e Earste Wrâldkriich waard Grodno troch Dútslân beset. It Ferdrach fan Brest-Litovsk dielde de stêd yn 1918 yn by it bolsjewistyske Ruslân. Yn april 1919 foel Poalen ûnder lieding fan maarskalk Józef Piłsudski de Wyt-Russyske gebieten oan en besetten dêr ek Grodno. Yn july 1920 oermastere it Reade Leger de stêd werom, mar yn septimber fan dat jier waarden de Russen wer troch de Poalen ferdreaun. Mei de Frede fan Riga bleau de stêd Poalsk, en dat soe sa yn it ynterbellum bliuwe. Yn dy tiid waard de stêd by de woiwodschap Białystok yndield.

De Zaniomanskaja-synagoge fan Grodno (1930)

Yn septimber 1939 waard yn it ramt fan it Molotov-Ribbentroppakt it easten fan Poalen troch it Reade Leger oanfallen. De Poalen ferdigenen tusken 21 en 24 septimber Hrodna, mar moasten it ferset opjaan en Grodno waard ûnderdiel fan 'e Wyt-Russyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk (BSSR). Tûzenen Poalen binne yn dy tiid nei Sibearje deportearre.

Mei de Dútske ynfal yn 1941 besetten de nazy's de stêd. Op 1 novimber 1941 waard de joaden nei twa getto's yn it sintrum fan 'e stêd brocht, fan wa't mear as 20.000 minsken nei in konsintraasjekamp of fuort nei de ferneatigingskampen deportearre en fermoarde waarden. Op 16 july 1944 befrijde it Reade Leger de stêd en sûnt bleau Grodno in ûnderdiel fan 'e BSSR oant 1991. Yn dat jier waard de Sovjet-Uny ûntbûn en Wyt-Ruslân as ûnôfhinklik lân útroppen.

It besjenwurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It Alde Slot (15e iuw).
  • It Nije Slot (1737-1742).
  • Fransiskus Ksaveariuskatedraal (1687-1705).
  • Boris- en Glebtsjerke (12e iuw).
  • It Bernardynsk kleaster.
  • It Birgittinessenkleaster.
  • Grutte Synagoge (1902-1905).
  • De 254 m hege stjoermêst.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hrodna/Grodno fan Wikimedia Commons.