Springe nei ynhâld

Mea Naberman

Ut Wikipedy

Mea Boon-Naberman (folút: Meike Boon-Naberman; Ljouwert, 5 febrewaris 1922 - De Haach, 3 desimber 1965)[1] wie in sjongster, in sopraan.

Mea wie de dochter fan de muzykûnderwizer Mar. Naberman (1889-1968). Hja waard grutbrocht yn Ljouwert en gie dêr ek nei de HBS. Har earste ûnderrjocht krige se fan har heit. Letter krige se les fan To van der Sluis yn Amsterdam op oanrieden fan Willem Ravelli, en fan Franziska Martienssen-Lohmann (1887–1971) yn Berlyn. Mei alve jier song hja al in partij yn Händel syn 'Messias'. Mea ferliet Ljouwert yn 1942 nei har houlik

Ein jierren '40 en begjin jierren '50 wie hja in lanlik bekende sopraan dy't op alle poadiums fan betsjutting optreden hat en ek op de radio te beharkjen wie. Hja song yn it Nederlânsk Keamerkoar en as soliste meast yn oratoariums. Yn 1956 luts sy har werom fan de poadiums. Hja stoar yn 1965 mei 43 jier.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante 6-12-1965

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Naberman, Mea Boon-.