Mauritiustsjerke (Marsum)
Mauritiustsjerke | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | Marsum | |
koördinaten | 53° 20' N 6° 52' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | Healwei 12e-iuwsk | |
boustyl | Romaanske arsjitektuer | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 8252 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN Appingedam |
De Mauritiustsjerke yn it Grinslânske doarpke Marsum (gemeente Iemsdelta) is in tsjerke fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De tsjerke heart ta de moaiste midsiuwske tsjerken fan de Grinslân. De tsjerke wurdt noch jimmeroan regelmjittich foar tsjinsten fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân brûkt.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oannommen wurdt dat de romaanske tsjerke yn de twadde helte fan de 12e iuw boud waard. De tsjerke wie yn de roomske tiid wijd oan de hillige Mauritius. Dendrogronologysk ûndersyk wiisde út dat it dak út it begjin fan de 14e iuw datearret. Der wurdt toch oan it jiertal 1306, mar it is goed mooglik dat doe de kape fernijd waard.
By it Belis fan Delfsyl (1813-1814) yn de Frânske tiid waard it doarp hast folslein ferneatige. De lytse, ienskippige tsjerke mei in healrûn, smeller koer en in sealtektoer is it iennige gebou dat fan it eartiidske doarp oerbleaun is. De tsjerke stiet op in wierde, dy't yn de 19e iuw foar it grutste part ôfgroeven is. Op de apsis lizze saneamde muontsen en nonnen (holle en bolle dakpannen). De Mauritiustsjerke waard yn de jierren 1949-1951 restaurearre.
Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mooglik hat de tsjerke eartiids in stiennen ferwulft hân. It hjoeddeiske balkeplafond datearret lykas de preekstoel út de 18e iuw. Njonken de behuzing fan it Hillich Sakramint is ek de piskina noch oanwêzich. De preekstoel datearret út 1792 en de banken binne nei alle gedachten noch deselde dy't Jan Ates yn 1787 út Holwierde makke. It koerhek datearret foar in part fan foar de reformaasje en stamt út it midden fan de 16e iuw. Yn de westlike muorre is in iepening nei de toer ta, dêr't op de earste ferdjipping nei alle gedachten in kapel west hat.
Yn de toer hinget in klok mei in ôfbyld fan Sint-Mauritius en de tekst s.mauritius ben ick geheten marsum heeft mi laten geten ao 1620, joannes symon & anthonius filius & petrus joly galli me fecerunt De trije klokkejitters Symon(heit en soan) en Joly hawwe mear klokken foar tsjerke yn Grinslân, Fryslân en East-Fryslân getten, lykas ek de klok yn it oanbuorjende Holwierde, dy't yn itselde jier getten waard.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel waard yn 1999 troch Winold van der Putten út Finsterwolde boud. It is in replika fan it midsiuwske Theophilusoargel, ferneamd nei de Benediktynske muonts Theophilus Presbyter (mooglik it pseudonym fan Roger fan Helmarshausen, 1070-1125).It ûntwerp fan it oargel is basearre op beskriuwings yn midsiuwske teksten fan û.o. Theophilus en op in ôfbyld yn it Rutland Psalter (± 1260). Ek op basis fan beskriuwings fan Theophilus waard yn 2006 troch de klokkejitter Simon Laudy yn it koer fan de tsjerke in karriljon fan fjirtjin brûnzen klokken set.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|