Louis Gaspard Adrien van Limburg Stirum
Louis Gaspard Adrien greve van Limburg Stirum (Grins, 10 jannewaris 1802 – Arnhim, 30 augustus 1884) wie in Nederlânsk Liberaal politikus.
Van Limburg Stirum wie in njoggentjinde-iuwske offisier en bestjoerder mei in lange steat fan tsjinst. Nei in offisierskarriêre waard hy grytman fan Kollumerlân en yn 1840 lid fan de Dûbele Keamer. Yn 1848 beneamde kening Willem II him ta Earste Keamerlid as foarstanner fan de feroaring fan de Grûnwet. As ien fan de inkelen kaam hy nei 1849 werom yn de Senaat. Neidat Frederic van der Oudermeulen dêrfoar betanke hie, waard hy ta Earste Keamerfoarsitter beneamd. Dêrnei waard hy Kommissaris fan de Kening yn Grinslân en yn Gelderlân. Nei syn ôftreden as Kommissaris kaam hy werom yn de Senaat. As neisiet fan in aadlik laach hie hy ferskate hoffunksjes.
Funksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1827-1849 - Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân
- 1830-1840 - Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
- 1840 - Bûtengewoan Twadde Keamerlid
- 1848-1850, 1880-1884 - Earste Keamerlid
- Fanôf 1849 - lid fan de Rie fan Steat (yn bûtengewoane tsjinst)
- 1849-1850 - Foarsitter fan de Earste Keamer
- 1850-1853 - Kommissaris fan de Kening yn Grinslân
- 1853-1880 - Kommissaris fan de Kening yn Gelderlân
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |