Liboarius fan Le Mans
Liboarius fan Le Mans | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | ûnbekend | |
stjerdatum | † 397 (of 390) | |
stjerplak | Le Mans | |
wurkpaad | ||
funksjes | biskop | |
hillichferklearring | ||
hjeldei | 23 july | |
hillichdom | Dom fan Paderborn | |
attributen | iepen boek, pau, stientsjes |
Liboarius fan Le Mans (berne ûnbekend - ferstoarn yn it jier 397) is in roomsk hillige.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de histoaryske figuer fan Liboarius is net in soad bekend. Oer syn bertedatum bestiet net in soad dúdlikens. Neffens midsiuwske beskriuwings soe er 47 jier biskop yn 'e Gallo-Romeinske civitas Le Mans west ha. It gebiet dêr't biskop Liboarius wurke wie al in skoft kristlik, mar heidenske druïden wiene noch aktyf yn 'e krite en koene mei harren riten de minsken beynfloedzje. Under biskop Liboarius waarden in soad tsjerken boud en mei troch in goede opliediing koene preesters yn syn gebiet de druïden oerwinne.
Ek soe Liboarius in maat west ha fan Martinus fan Tours, syn buorman yn funksje. Neffens in leginde soe Liboarius yn 397 yn 'e earmen fan Sinte-Marten stoarn wêze.
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tiid fan keizer Loadewyk de Fromme ferhûzen de bonken fan ferskillende hilligen fan it westlike nei it eastlike diel fan Loadewyk's ryk en dêrûnder wiene ek de bonken fan Liboarius, dy't yn Le Mans al ier as hillige fereare waard. In ûnbekende Paderborner, nei alle gedachten in geastlike fan it domkapittel, skreau oan 'e ein fan 'e 9e iuw oer de translaasje fan 'e "Europeeske brêgebouwer" Liboarius yn Paderborn. It translaasjeberocht fan 'e Paderborner biskop Biso (887-909) ferhellet hoe't in groep Paderborner geastliken nei Le Mans reizgen en fan 'e biskop dêre reliken krige (de lofter earm fan Liboarius bleau yn Le Mans en is yn 'e rin fan 'e tiid ferlern gien). De reliken waarden oer Chartres en Parys oer de Ryn nei Saksen brocht en kamen op 28 maaie 836 ûnder grutte belangstelling fan 'e befolking op pinkstersnein yn Paderborn oan. De biskop dêre, Badurad (815-862) liet se yn 'e domtsjerke fan 'e stêd bewarje.
Yn 'e iuwen dêrnei ûnstie in grutte ferearing fan Liboarius yn Westfalen, wêrfan't Paderborn it sintrum wie. Sûnt de 11e iuw wiene it Beierske kleaster Tegernsee en Quedlinburg ek sintra fan ferearing. De Nederlannen, Nedersaksen, Tueringen en de Nederryn folgen sûnt de 12e iuw.
Liboarius waard yn 'e lette midsiuwen oanroppen by krupsjes oan 'e yngewanten, û.o. by nierstiennen. De aartsbiskop Werner von Eppstein († 1284) fan Mainz soe nei it bidden by syn grêf fan syn nierstiennen ôfholpen wêze.
De reformaasje en kontrareformaasje brochten ek yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en it katolike Paderborn feroaringen yn 'e rjochting fan in wat dimmener hilligenferearing, fral wat de Liboariusferearing oanbelanget.
Mei de relikentranslaasje fan Le Mans nei Paderborn ûntstie de âldste freonskiplike stêdebân fan 'e wrâld. Hjoed-de-dei wurdt ta neitins fan 'e translaasje yn Paderborn it Fest Libori organisearre. De skryn mei de reliken fan Liboarius wurdt dan oer it domplein troch de binnenstêd droegen.
Attributen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Liboarius wurdt as biskop útbylde mei in iepen boek en in pau. Faak lizze op 'e iepen boek stientsjes.
Feestdei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dei dat Liboarius betocht wurdt is 23 july.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân stiet mar ien oan Sint-Liboarius wijde tsjerke en dat is de sûnt de reformaasje protestantske tsjerke fan Dinxperlo.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Saint Liborius
|