Dom fan Paderborn

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Paderborn
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak Paderborn
adres Domplatz
koördinaten 51° 43' N 8° 45' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Paderborn
patroanhillige Marije, Sint-Kilianus
Sint-Liborus
Arsjitektuer
boujier letromaanse en goatyske arsjitektuer
boustyl gotyk
Webside
www.dom-paderborn.de
Kaart
Dom fan Paderborn (Noardryn-Westfalen)
Dom fan Paderborn

De Hege domtsjerke fan Sint-Marije, Sint-Liboarius en Sint-Kilianus (Dútsk: Hohe Dom St. Maria, St. Liborius, St. Kilian) is de katedraal fan it aartsbisdom Paderborn. De domtsjerke stiet yn 'e binnenstêd fan Paderborn boppe de boarnen fan 'e Pader. De domtsjerke oerhearsket it stedsbyld en hat in swiere westlike toer mei oan wjerskanten twa rûne tuorren en is foar it measte yn letromaanske en goatyske styl boud.

Lokaasje en omjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Trijehazzenfinster.

De dom stiet tegearre mei it noardlik fan 'e dom rekonstruearre Ottoanske keizerpalts út de 11e iuw, fuort by twa boarnen fan 'e Pader, de rivier dy't de namme oan 'e stêd joech.

Tusken de dom en de keizerpalts binne de fûneminten fan 'e Karolingyske palts fan Paderborn te sjen. Fuort dêrnjonken stiet de yn 1017 wijde Bartoloméuskapel, de âldste halletsjerke noardlik fan 'e Alpen. Fierder eastlik stiet de kleastergong fan it eardere kleaster fan 'e dom en it aartsbiskoplik generaalfikariaat. Yn 'e kleastergong is it saneamde, 16e-iuwske "Trijehazzenfinster". De trije hazzen fan it finster hawwe elts twa earen, mar byinoar binne it dochs mar trije earen. Súdlik fan 'e dom leit it grutte Domplatz, súdwestlik it biskoplik museum.

Patroanhilligen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byld fan Sint-Liboarius, Paderborn.

De domtsjerke is oan Marije, Sint-Kilianus en Sint-Liboarius wijd. Liborius is ek de earste patroanhillige fan Paderborn sels en it bisdom. Syn bonken waarden yn 836 ûnder keizer Loadewyk de Fromme út Frankryk nei Paderborn helle. De biskop yn dy tiid hope dat syn reliken helpe koene by it kerstenjen fan 'e doe noch foar in belangryk diel heidenske Saksen. Op 29 april 836 kaam in Paderborner biskoplike delegaasje yn Le Mans oan om de reliken op te heljen en al op 28 maaie kaam de delegaasje ûnder grutte belangstelling fan it folk wer mei de reliken yn Paderborn werom. Ta neitins dêroan wurdt alle jierren yn july it Libori-fest fierd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens ferskillende boarnen en argeologysk ûndersyk yn 1952-1956 en 1978-1980 stiene der op en by it plak fan 'e hjoeddeiske dom ferskate foargongers.

By de keizerlike palts dy't Karel de Grutte oan 'e boarnen fan 'e Pader boude, stie ek al in oan 'e Salvator Mundi ("Ferlosser fan 'e Wrâld") wijde tsjerke. Dy tsjerke wie 9 m × 20 m en stie krekt noardlik fan 'e dom. Tusken de dom en de Bartoloméuskapel is de lokaasje fan dy tsjerke noch yn 'e ljochte strjitstiennen werom te finen. Dy tsjerke waard by de ferneatiging fan 'e Palts yn 778 mei ferneatige, dêrnei werboud en dêrnei op 'e nij ferneatige en noch ris opboud.

Fuort nei de ferneatiging fan 'e Salvatortsjerke waard in nije, Karolingyske tsjerke fan 22 m by 50 m boud, dy't oan Marije en Kilianus wijd waard. Mooglik waard yn it jier 799 it bisdom Paderborn stifte, doe't paus Leo III in besite oan Paderborn brocht. Yn it jier 806 waard de Saks Hathumar de earste biskop fan Paderborn. Under de twadde biskop Badurad waard de domtsjerke fergrutte om de reliken fan Liboarius in plak te jaan. Yn dy tiid sette ek de ferearing fan Liboarius yn. Dêrnei waard de domtsjerke nochris fergrutte en mei in krypte útwreide. By in grutte brân yn it jier 1000 kaam der in ein oan 'e Karolingyske dom.

De opfolger fan 'e Karolingyske dom hat net lang stien en gie nei de wijing yn 1015 by de stedsbrân fan 1058 ferlern.

Biskop Imad liet doe in domtsjerke bouwe, dy 't in stik grutter wie, mei oan 'e westlike kant in dwersskip en oan de eastlike kant in dwersskip. It skip krige boppedat bredere ôfmjittings en der kaam in eastlik en in westlik koer. De plattegrûn fan dy tsjerke kaam al foar in grut part oerien mei de hjoeddeiske bou. Dy dom waard op 22 july 1068 ynwijd. Om 1100 hinne waard de krypte ferboud, dêr't sûnt net in soad oan feroare waard. Tagelyk waard ek it eastlike koar breder makke.

By in brân yn 1133 waarden it dak en it plafond fan de dom ferneatige. Under biskop Bernhard I fan Oesede waard de tsjerke wer restaurearre, werby't de muorren troch it oanbringen fan pylders fersterke en in stiennen ferwulft oanbrocht waarden. De restaurearre dom waard yn 1144-1145 op 'e nij ynwijd. Nei alle gedachten ûntstie yn 'e twadde helte fan 'e 12e iuw it paradys oan 'e súdlike earm fan it westlike dwersskip, it âldste diel fan 'e hjoeddeiske domtsjerke.

Hjoeddeiske domtsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur.

Om 1210 waard mei de folsleine ferfanging fan 'e âlde tsjerke útein set. De oanlieding is net bekend, mar der waard mei de bou fan in nije westlike toer en it oanslutende koertravee en it westlike dwersskip begûn. Dy boudielen binne noch foar in belangryk diel yn 'e romaanske styl. It westlike koer waard yn it jier 1231 wijd. It beslút om de tsjerke fierder as halletsjerke te bouwen foel ûnder it episkopaat fan Bernhard IV (1228-1247).

Tagelyk mei de bou fan 'e westlike dielen wie ek in ploech mei it eastlike koer boppe de krypte en it eastlike dwersskip oan it wurk. Dêr waard ek in krusingstoer boud, dy't yn 1233 ynstoarte en grut part fan 'e eastlike nijbou ferneatige. Sûnt 1231/1233 waard fierder yn goatyske foarmen boud en sadwaande wurdt de domtsjerke fan it west nei it easten jimmeroan goatysker. De eastlike dielen fan 'e dom stamme yn 'e hjoeddeiske foarmen foar it measte út de twadde helte fan 'e 13e iuw. Om 1270/1280 hinne ûntstiene de earmen fan it eastlike dwersskip. Nei in stedsbrân yn 1340 waard de eastlike gevel fan it koer fernijd.

De domtsjerke yn 'e 19e iuw.

Letter hawwe der ferkillende ferbouwingen west en binne der saken oanboud, mar it totale oansjen fan 'e dom bleau fierder wakker allyk. Feroarings wiene der bygelyks by restauraasjes, in barokke ferbouwing, in restauraasje nei de plonderingen yn 'e Tritichjierrige Kriich en de weropbou nei 1945, doe't de domtsjerke troch de bombardeminten op 'e stêd hielendal útbaarnde.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Paderborner dom is in trijeskippige halletsjerke mei in skip fan fjouwer traveeën, twa dwersskippen en in westlik en in eastlik koer. De swiere romaanske toer boppe it westlike koer hat in hichte fan 93 meter mei oan wjerskanten op 'e eastlike hoeken legere, rûne treptuorren. De krypte, dêr't de reliken fan Sint-Liboarius lizze, is 32 m lang en ien fan 'e grutste krypten fan Dútslân. It âldste diel fan 'e hjoeddeiske dom is it paradys foar it haadportaal fan it súdeastlike dwersskip, dat fan 'e foargonger fan 'e domtsjerke oernommen waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Paderborner Dom