Springe nei ynhâld

Pader (rivier)

Ut Wikipedy

De Pader is in sydrivierke fan de Lippe yn Dútslân. Mei syn lingte fan goed 4 km is de Pader de koartste rivier fan Dútslân. De rin fan de rivier leit hielendal op it grûngebiet fan de stêd Paderborn. De rivier mûnet yn de Lippe út op 101 meter boppe seenivo, mar is dêr in stik breder as de Lippe sels.

De Pader ûntspringt yn it Paderboarnegebiet yn de binnenstêd fan Paderborn op 110 m. boppe seenivo. Dêr binne sa'n 200 lytse boarnen yn bemuorre boarnebekkens en 3.000 oant 9.000 liter wetter buorrelet de sekonde op sadat de boarnen by de sterkste fan it lân hearre.