Laes fan Burmania

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Laes fan Burmania

Laes fan Burmania (doopt Britsum, 26 jannewaris 1638 - Koarnjum, 2 desimber 1691) wie grytman fan earst Idaarderadiel en letter Ljouwerteradiel en deputearre fan Fryslân.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonker Fan Burmania wie in soan fan de grytman fan Wymbritseradiel Sjuck fan Burmania en fan Catharina Entens. Hy wie fan 1670 - 1673 grytman fan Idaarderadiel en fan 1673 - 1688 grytman fan Ljouwerteradiel. Hy waard yn 1688 troch syn soan Tjaard as grytman fan Ljouwerteradiel opfolge. Yn de perioaden 1668 - 1671 en 1677 - 1680 wie hy deputearre fan Fryslân foar Eastergoa. Fan Burmania bewenne de Martenastate yn Koarnjum, dat hy yn 1687 yngreven ferbouwe liet. De âlde state is yn 1899 ôfbrutsen. Yn de nije Martenastate herinnert in wapen mei opskrift yn de sydgevel oan de eardere bewenners en de ferbouwing yn 1687.[1] Fan Burmania troude op 20 maart 1664 yn Koarnjum mei Juliana (ek Jeltsje) Agatha fan Aylva út Wytmarsum, dochter fan Ulbo fan Aylva en Hylck fan Lycklama. Ut Koarnjum wei liet hy yn 1672 trije ikebeammen oerbringe nei de Sint Piterstsjerke yn Grou.

Tinkstien foar Burmania en syn frou as skinkers fan ikebeammen oan de Sint-Pitertsjerke fan Grou

Op in spitsbôgich timpaan yn de toer fan de Sint Pitertsjerke yn Grou wurdt fermelde, dat der yn 1672 trije iken skonken binne troch de destiidske grytman fan Idaarderadiel, jonker fan Burmania en syn frou. De tekst ferwiist nei roerige tiden, wêryn it lân oerspield waard troch de macht fan Frâns en Brit (sjoch ôfbyld). De folsleine tekst is:

Doen men sestyn eeuwen sach, int jaer seventig en twee,
Doen ons landt het weegeklach overstroomde als een see
Door de macht van Frans en Brit, ondersteund door Myterheeren,
Die veel menschen haar besit Roofden, k hoop Godt salt voorts weren,
Doen sijn deese Eeske boomen, hier van Cornium ghekoomen
En door onse last geset,
K hoop Idaerderdeel sal bloijen, t volk gelijck laurijren groijen
Dat s ons wens en ons gebet.
Gegeuen door ons jh. La BURMANIA diestijt Grietman over
Idaerderderdeel doch Anno 1673 ghekoren tot Grietman over Leeuwarderadeel
ende Juffr. JULIANA AGATA VAN AYLVA sijn huisvrouw desen 13 Augusti 1675.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. "Laes van Burmania Old. Grietman van Idaerderadeel. Nu grietman en ontfanger Generael over Leeuwarderadeel, voor desen Gedeputeerde Staet van Frieslandt: Wijlen Vrou Juliana Agata van Burmania, geboren van Aylva sijn vrou. A. 1687." (boarne: Histoarysk Sintrum Ljouwert: Martenastate, in rêstplak foar de drokke stêdeling)