Springe nei ynhâld

Kwartelfûgels

Ut Wikipedy
kwartelfûgels
In kwartel (Coturnix coturnix).
In kwartel (Coturnix coturnix).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
boppefamylje: fazantfûgels (Phasianoidea)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
ûnderfamylje: echte fazanten (Phasianinae)
tûke: kwartelfûgels (Coturnicini)
Reichenbach, 1848

De kwartelfûgels (wittenskiplike namme: Coturnicini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae). Dizze tûke bestiet út 52 libbene soarten en 1 resint útstoarne. Kwartelfûgels komme foar yn Afrika, Jeraazje en Australaazje.

Earder waarden de soarten yn dizze taksonomyske kloft lange tiid yndield by de ûnderfamylje fan 'e patriisfûgels (Perdicinae). Neier ûndersyk fan mitogondriaal DNA brocht lykwols oan it ljocht dat in diel fan dy ûnderfamylje, lykas de patrizen (Perdix), nauwer besibbe wiene oan 'e fazanten (Phasianus) as oan oare skaaien fan 'e eigen ûnderfamylje, wylst de stienpatrizen (Alectoris) en de kwartels (Coturnix) nauwer besibbe wiene oan 'e kaamhinnen (Gallus). Sadwaande waard yn 2021 troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) formeel in nije (ûndersteande) yndieling akseptearre dy't ûntwikkele wie troch Kimball et al.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.