Springe nei ynhâld

Kristlike Basisskoalle De Reinbôge (Hilaard)

Ut Wikipedy
Kristlike Basisskoalle De Reinbôge
algemiene ynformaasje
hist. namme Chr. Lagere School Hijlaard
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. skoalle
wurkmêd basisûnderwiis
fêstige yn Hilaard (Fryslân)
oprjochte 1873
opdoekt 2019
offisjele webside
www.reinboge-hilaard.nl

De Kristlike Basisskoalle De Reinbôge (de offisjele namme is Frysktalich) wie de (iennichste) basisskoalle fan it Fryske doarp Hilaard.[1] It wie in bysûndere skoalle op kristlike grûnslach,[2] dy't yn 1873 oprjochte waard.[2] Fanwegen in weromrinnend tal learlingen waard de skoalle oan 'e ein fan it skoaljier 2018-2019 opheft.[1]

Op snein 10 augustus 1873 waard ûnder de tsjinst yn 'e herfoarme tsjerke fan Hilaard bekendmakke dat dy wyks in gearkomste holden wurde soe oer de oprjochting fan in kristlike legere skoalle yn it doarp.[2] Dy oprjochting waard op 25 augustus fan dat jier in feit.[2] Neitiid waard oan 'e Smidsstrjitte in skoalgebou set, dat begjin 1874 ree kaam en feestlik yn gebrûk nommen waard.[2] De earste ûnderwizer wie in master Zuidam, dy't in jiersalaris fan ƒ900 krige, hierfrij yn 'e ûnderwizerswente njonken de skoalle wenje koe en fjouwer wiken fakânsje it jier krige.[2]

Zuidam stie oant 1882 yn Hilaard, doe't er opfolge waard troch in master De Vries, dy't mar fjouwer jier bleau. Dêrnei wikselen de skoalmasters har ôf.[2] Tsjin 'e 1920-er jierren foldie it âlde skoalgebou net mear, en op 4 jannewaris 1923 waard in nij gebou oan 'e Hoptilsterdyk yn gebrûk nommen.[2] Om dyselde tiid hinne hie Hilaard ek al mei krimp te krijen, en fan gefolgen rûn it tal learlingen werom oant it fuortbestean fan 'e eigen skoalle yn gefaar kaam. In aksje om mear learlingen te krijen hie effekt, want it besyk oan 'e doarpsskoalle gie omheech fan 37 learlingen yn 1927 oant 54 yn 1933.[2] Dêrtroch wiene der op in stuit safolle skoalbern, dat, mei goedkarring fan 'e âlden, in pear 'útliend' wurde koene oan Easterlittens, sadat de skoalle dêr syn twadde learkrêft hâlde koe.[2]

Tsjin 'e 1960-er jierren wie it gebou út 1923 alwer hopeleas ferâldere. Sa ûntbriek it yn 'e lokalen oan goede fentilaasje, in probleem dat noch oanboaze waard om't de oaljekachels sa'n soerstof oan 'e lucht ûntloeken. Sadwaande wie it in gelok by in ûngelok dat it yn 'e skoalle sa alderferskuorrendst siigde.[2] In nije skoalle waard boud op 'e greide efter it âlde gebou, wêrfoar't Teunis Kuperus, de doetiidske foarsitter fan it skoalbestjoer, yn septimber 1975 de earste stien lei.[2] Begjin 1976 kaam it nije gebou ree en op 1 maart ferhuzen de skoalbern dêrhinne.[2]

By de ynfiering fan it basisûnderwiis en de opheffing fan aparte beukerskoallen en legere skoallen oan 'e ein fan it skoaljier 1984-1985, krige de dêrby ûntstiene kristlike basisskoalle yn Hilaard de namme 'De Reinbôge'. Neitiid begjûn it hieltyd fierder weromrinnen fan it learlingetal wer oanlieding te jaan foar noed.[2] Yn 'e njoggentiger jierren waard gearwurking socht mei oare plattelânsskoallen yn deselde omkriten, dy't ek mei dat probleem te kampen hiene. Dêrút kaam fuort dat yn 1996 sân kristlike basisskoallen yn eastlik Littenseradiel, wêrûnder De Reinbôge, ûnder ien bestjoer fierder giene,[2] ûnder de namme PCBO Littenseradiel. (Dy organisaasje soe per 1 jannewaris 2012 mei CBO Wûnseradiel fúzjearje ta de nije koepelorganisaasje Stifting Kristlik Basisûnderwiis De Greiden.)[3]

Nije swierrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1998 fierde de skoalle syn 125-jierrich bestean, û.m. mei de publikaasje fan it jubileumboek Fan Striid en Segen.[2] De bestjoerlike fúzje út 1996 koe lykwols net keare dat de krimp fan it learlingetal stadichoan fierder gie. Yn 2009 telde De Reinbôge noch 62 skoalbern; yn 2012 wie dat tal weromrûn oant 48; en yn 2015 wiene der noch 37. Yn 2016-2017 hie De Reinbôge noch 28 learlingen en yn 2017-2018 wiene der noch mar 20.[2] Dêrmei wie dúdlik dat de skoalle net selsstannich fierder koe. Der waarden besprekkings oer in fúzje fierd mei de Otto Clantskoalle yn it oanbuorjende Boksum, dy't der krekt sa foar stie, mar ta algemiene teloarstelling yn Hilaard rûnen dy besprekkings stikken. Wylst de Boksumer skoalle fierder gie mei Gearwurkingsskoalle It Twaspan, yn Deinum, moasten de Hilaarders oars om har hinne sjen.[1]

Der wiene ferskate gearwurkingsmooglikheden mei oare kristlike basisskoallen yn 'e omkriten: yn Weidum, Jorwert, Baard en Winsum. Ut in enkête ûnder de Hilaarder âlden bliek dat de foarkar útgie nei Weidum, Jorwert en Baard.[1] It bestjoer fan De Reinbôge gie yn petear mei de bestjoeren fan 'e skoallen út dy doarpen, mar ûnderwilens wie de simmerfakânsje fan 2018 al oanbrutsen. De âlden fan twa learlingen fan De Reinbôge namen doe it beslút om harren bern al oan it begjin fan it skoaljier 2018-2019 nei in skoalle yn ien fan 'e buordoarpen te stjoeren. Dat hie in sniebaleffekt, mei as gefolch dat fyftjin bern fan skoalle giene: trije nei Winsum en tolve nei Weidum. Dêrtroch bleaune der op De Reinbôge mar fiif learlingen oer, fjouwer yn groep 8 en ien yn groep 5.[1]

De fúzjebesprekkings mei de skoallen yn Weidum, Jorwert en Baard wiene dêrmei ynhelle troch de reäliteit. Der waard besletten om fluch-fluch te fúzjearjen mei de Kristlike Basisskoalle De Earnewjuk yn Easterlittens, dêr't dochs al langere tiid mei gearwurke waard.[1] De Reinbôge bleau noch ien skoaljier iepen foar de fiif oerbleaune learlingen, as in soarte fan njonkenfêstiging fan De Earnewjuk. Dêrtroch kin op 1 augustus 2019 tagelyk mei de definitive sluting fan De Reinbôge ek it 145-jierrich bestean fan 'e skoalle fierd wurde.[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 Bokma, Hinne, Bijzonder laatste schooljaar voor De Reinbôge, yn: Op 'e Skille, 18 desimber 2018, s. 11.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 2,14 2,15 2,16 Bokma, Hinne, Sluiting maakt einde aan 145 jaar christelijk onderwijs in Hilaard, yn: Op 'e Skille, 18 desimber 2018, s. 11.
  3. Ynformaasje fan 'e webside fan Kristlike Basisskoalle De Reinbôge yn Hilaard.