Kristlike Basisskoalle De Earnewjuk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kristlike Basisskoalle De Earnewjuk
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. skoalle
wurkmêd basisûnderwiis
fêstige yn Easterlittens (Fryslân)
oprjochte 1920
opdoekt 2020
offisjele webside
www.earnewjuk.degreiden.nl (deade link)

Kristlike Basisskoalle De Earnewjuk (offisjeel: Christelijke Basisschool De Earnewjuk) wie in basisskoalle yn it Fryske doarp Easterlittens. De skoalle waard yn 2020 opheft.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kristlike Basisskoalle De Earnewjuk waard (net ûnder dy namme) yn 1920 oprjochte. Oan 'e ein fan 'e tweintichste en it begjin fan 'e ienentweintichste iuw krige de skoalle almar minder learlingen. Yn 2015 wiene der noch 38 skoalbern, mar yn it skoaljier 2019-2020 wie dat weromrûn oant 28, en yn it skoaljier 2020-2021 soene der noch 18 oer wêze. Yn 2019 fusearre De Earnewjuk mei Kristlike Skoalle De Reinbôge, yn Hilaard, dy't dat jiers tichtgie, mar dat levere mar ien nije learling op, mei't fierwei de measte skoalbern út Hilaard wei nei it tichterby leine Weidum nei skoalle giene.

De Earnewjuk wie dêrtroch net mear libbensfetber. De skoalle gie yn petear oer in fúzje mei Kristlike Basisskoalle De Stjelp, yn Baard, mar de koepelorganisaasje dêr't dy basisskoalle by oansletten wie, Gearhing, wie dwaande mei de oprjochting fan in regioskoalle en woe dêrom op dat stuit gjin fúzje trochfiere. Ut oerlis mei de âlden fan 'e learlingen fan De Earnewjuk waard fêststeld dat de skoalle eventueel noch in jier trochgean koe, mar úteinlik seach it bestjoer dêrfan ôf. Der waard besletten om 'e skoalle noch yn 2020 op te heffen.

Op 1 july fan dat jier fûn tagelyk mei de opheffing ek de fiering fan it hûndertjierrich bestean plak. De feestlikheden waarden besletten mei it symboalysk op 't slot dwaan fan 'e skoaldoarren troch de jongste learling en de âldste noch yn Easterlittens wenjende learling (âld-wethâlder fan Littenseradiel Tine Folkerts). Dêrnei rûnen de learlingen troch in earehage fan ûnderwizers en âldelju nei hûs.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bokma, Hinne, Sluting jout dûbel gefoel by jubileumfiering, yn: Op 'e Skille, 7 july 2020, s. 1.