Koos van Zomeren

Ut Wikipedy
Koos van Zomeren
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Jacob van Zomeren
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 maart 1946
berteplak Velp
wurk
sjenre Romans, ferhalen, skrillers, kollums, beskôgingen, deiboeken, gedichten
bekendste
  wurk(en)
Otto's oorlog, Een jaar in scherven, Het komplete Rekelboek
útjouwer Bruna, Arbeiderspers
jierren aktyf 1965-no
offisjele webside
Van Zomeren by de Arbeiderspers

Peter Jacob (Koos) van Zomeren (Velp, 5 maart 1946) is in Nederlânsk skriuwer. Hy debutearre mei 19 jier, is in skoft warber west yn de loftsradikale polityk en gie dêrnei werom nei de 'republyk fan de letteren' mei skrillers, romans, beskôgings, ynterviews en kollumns. De natoer is in tige wichtich tema yn syn wurk. Van Zomeren is bekend fan de roman Otto's oorlog (1983) en syn kollumns yn NRC Handelsblad.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Zomeren groeide op yn de Arnhimske folkswyk Geitenkamp. Hy debutearre doe't er njoggentjin wie mei de dichtbondel De Wielerkoers van Hank (1965). Yn de jierren 60 skreau er noch trije romans. Dêrnei hold er - tydlik - op mei it skriuwen fan literatuer.

Fan 1967 oant 1971 wurke er by it deiblêd Het Vrije Volk. Dêrnei waard er aktyf yn de linkse polityk. Yn 1972 hearde er ta de oprjochters, tegearre mei Daan Monjé en Hans van Hooft sr., fan de Kommunistiese Partij Nederland/Marxisties Leninisties (KPN/ML), de foarrinner fan de hjoeddeiske SP. Yn 1975 bruts hy mei dy partij. Syn ûnderfiningen de iere SP hat er beskreaun yn De witte prins. Hy hat him wiidweidich rekkenskip jûn fan syn lofts-radikale politike ferline yn it deiboek dat er byhold yn 1987: Een jaar in scherven (1988).

Ein jierren 70 ferskynde in tal skrillers fan Van Zomerens hân. Yn de politike skriller Haagse lente en it ferfolch Minister achter tralies (beide 1981) ferwurke er syn eigen politike ferline. Yn 1983 kearde hy werom nei de "grutte" literatuer mei Otto's Oorlog.

Fan 1975 oant 1985 wie Van Zomeren ferslachjouwer by de Nieuwe Revu. Bysûnder ironysk wiene syn artikels oer it libben fan Van Agt ûnder de titel Dagboek van een Zondagskind. Fierder skreau er foaral natuerreportaazjes. In oantal fan dy reportaazjes binne bondele yn De grote droogte in Waterland (1980).

Hy hat resinsjes skreaun foar Vrij Nederland. Fan 1992 ôf skreau Van Zomeren kollums yn NRC Handelsblad. Parten dêrfan binne yn 2011 ferskynd yn it boek Naar de natuur.

Van Zomeren syn wurk wurdt skaaimerke troch fernimstigens en in grut stilistysk fermogen. Van Zomeren is de meast oanhelle noch libjende skriuwer yn de Dikke Van Dale.[1]

Biljet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'Een jaar in scherven' oan de Sint Anthoniusplaats te Nymwegen

Koos van Zomeren hat ek in stikmannich dichtbondels skreaun. Op it lêste biljet fan fl 1000,= stie in fers fan him:

Daar komt een vogel aan
met rafelige vleugels
diepe slagen zwart op wit.
Hij duikt en dartelt
laat zijn maffe kuifje zien
slijpt zijn stem en roept
zichzelf tot kievit uit.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oeuvre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1965: De wielerkoers van Hank; gedichten. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1966: Terloops te water; roman. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1966: De nodige singels en pleinen; roman. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1967: De vernieling; roman. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1977: Collega Vink vermoord; thriller. Bruna Utert
  • 1978: Een eenzame verrader; thriller. Bruna Utert
  • 1978: Een dode prinses; thriller. Bruna Utert
  • 1978: De val van Bas P; thriller. Bruna Utert
  • 1979: Explosie in mei; thriller. Bruna Utert
  • 1980: Oom Adolf; thriller. Bruna Utert
  • 1980: De grote droogte in waterland; in sjoch- en harkboek oer Nederlânske natuerreservaten. Bruna Utert (mei foto's fan William Reppel)
  • 1981: Haagse lente; Nederlânske misdiedroman. Bruna Utert
  • 1981: Minister achter tralies; Nederlânske misdiedroman. Bruna Utert
  • 1982: De hangende man; thriller. Bruna Utert
  • 1983: Otto’s oorlog; roman. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1984: Een gegeven moment; ynterviews. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1985: De witte prins; roman. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1986: Het verkeerde paard; ferhalen. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1986: Het verhaal; roman. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1987: Een vederlichte wanhoop; Fûgelkollumns. De Arbeiderspers Amsterdam
  • 1987: Sterk water; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1988: Een jaar in scherven; deiboek/autobiografy. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1989: Het Scheepsorkest; kollumns (yll. Siegfried Woldhek), De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1989: Van school (mei Benno Barnard). De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1989: Cupido's afscheid. Februari boekhannels 1989
  • 1989: Uilen; kollumns (mei tekeningen fan Siegfried Woldhek). De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1990: Het schip Herman Manelli; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1991: Een bevrijding; reportaazje, dokumint en novelle. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1992: Saluut aan Holland; essays / ferhalen (mei foto's fan Freddy Rikken). De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1993: Zomer; kollumns. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1993: Winter; kollumns. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1993: Het requiem van Verdamme; ferhalen. Libris / Inmerc, Wormer
  • 1994: Het eeuwige leven; kollumns. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1995: Wat wil de koe? kollumns. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1996: Meisje in het veen; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1996: De lente, een veldslag; kollumns. Weijdert & Peters, Eemnes
  • 1998: Sneeuw van Hem; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1998: De bewoonde wereld; een bloemlezing uit ons landschap. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1999: 1946. Verkenning van een geboortejaar. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 1999: Een deur in oktober; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 2000: Ruim duizend dagen werk; kollumns, earder ferskynd yn NRC Handelsblad. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 2001: De man op de Middenweg; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 2001: De clown die uit de lucht kwam vallen; kollumns. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 2001: Aurikel en de weg omhoog; poëzij. Fagel, Amsterdam
  • 2002: Het complete Rekelboek; kollumns en deiboek. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 2003: Klein Kanoetenboekje. karlêzing. KNNV Utjouwerij, Utert
  • 2004: De levende have, een modern bestiarium. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 2004: Het leven heeft geen geheimen; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 2005: De wereld vereenvoudigen. Zinnen en passages 1965 – 2005. Mei yllustraasjes fan Erik van Ommen. De Arbeiderspers. Amsterdam / Antwerpen
  • 2005: Dit doet de taal voor ons. Drie Groninger lezingen (omslachtitel: Dit doet de taal met ons), Flanor, Nijmegen
  • 2006: Nog in morgens gemeten. Nieuw Herwijns dagboek. De Arbeiderspers. Amsterdam / Antwerpen
  • 2007: Ik heet welkom; gedichten. De Arbeiderspers, Amsterdam
  • 2008: Het bomenboek. Mei etsen en tekeningen fan Erik van Ommen. Arbeiderspers.
  • 2009: Stanley; columns en dagboek. B for Books, Naarden
  • 2011: Naar de natuur; journaal. De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2012: Rondom Staal; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2013: Het verlangen naar hazelworm; journaal. De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2014: Het verlangen naar klapekster; journaal. De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2015: Alles is begonnen, een vertelling. De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2016: Alptraum; Stanley's laatste gems. De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2017: Alle vogels. Pensieltekeningen fan Erik van Ommen. De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2018: Hooiberg; Louter onvergetelijke bijzaken. De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2021: Aan de dijk. Herwijns dag- en fotoboek. (yn 'e mande mei Willy Raaijmakers). De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • 2021: Omstandigheden; roman. De Arbeiderspers, Amsterdam.

Sekundêre literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • P. de Boer, Over Koos van Zomeren, Amsterdam: Arbeiderspers 1988
  • D. Cartens (red.), A.H. den Boef et al. (bydr.), Koos van Zomeren (temanûmer Bzzlletin), Bzzlletin, 1991, jrg. 20, nr. 185, Den Haach: BZZTôH
  • Ed van Eeden et al., Want je ziet niet alleen wat je ziet. Over het werk van Koos van Zomeren, De Arbeiderspers, Amsterdam 2004
  • Hans Neervoort, Literatuur als schurkenstreek. Over Koos van Zomeren, Bzzlletin, jrg. 19, 1990, nr. 172, s. 44-52, De Haach: BZZTôH

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch de kollum: Aangehaald in de Grote Van Dale fan Ewoud Sanders, NRC Handelsblad 27 sept. 1999