Kleaster Rupertsberg
Kleaster Rupertsberg | ||
It kleaster yn 1620 | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
plak | Bingen am Rhein | |
koördinaten | 49° 57' N 7° 53' E | |
Kleastergegevens | ||
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | Healwei de 12e iuw | |
oprjochter | Hildegard fan Bingen | |
Ynformaasje bou | ||
sloopjier | 1632 1857 ruïne tsjerke | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Kaart | ||
It Kleaster Rupertsberg wie in benediktynsk kleaster op de Rupertsberg yn it stedsdiel Bingerbrück fan de Dútske stêd Bingen am Rhein (Rynlân-Palts). De hillige Hildegard fan Bingen stifte it kleaster yn 1150 op de lofter kant fan de Nahe tichteby de mûning fan de rivier yn de Ryn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1147 en 1150 ferliet Hildegard it kleaster Disibodenberg, dêr't hja wenne hie sûnt har heit en mem har as oblaat oanbean hiene. Hja stifte in eigen kleaster tichteby Bingen oan de Nahe oer it grêf fan de hillige Rupertus. De lokaasje wie tige geunstich en lei oan wichtige ferkearsferbinings fan de Ryn en de Nahe. Ynearsten die in âlde kapel tsjinst as tsjerke en stadichoan ûntstie in kleasterkompleks. Om it kleaster makken de nonnen it lân oan foar wynbou.
Yn 1152 konsekrearre aartsbiskop Hindrik fan Mainz in trijeskippige kleastertsjerke. Doe hie Hildegard's earste wurk Liber Scivias al rûnom bekendheid krige. Yn it skriptoarium fan it kleaster waard it wurk mei de hân fermannichfâldige en nei oare dielen fan Europa ferstjoerd. It measte fan har wurk ûntstie yn de tiid op de Rupertsberg.
Mei de dea fan Hildegard yn 1179 rekke it kleaster ek in part fan syn betsjutting foar de Kristenheid kwyt. It waard yn 1632 troch Sweedske troepen yn 'e brân stutsen en dêrnei nea wer opboud. De nonnen wisten lykwols dat harren kleaster troch de Sweden ferneatige wurde soene en koene op 'e tiid flechtsje. Hja hiene de bonken fan de hillige Hildegard, har wurk en oare reliken meinommen nei Keulen, in feiliger plak. Sa ek it antependium dat de nonnen nei de dea fan Hildegard borduerden en dat tsjintwurdich yn it Museum Kunst & Geschiedenis fan Brussel bewarre wurdt.[1] Letter setten de nonnen harren yn Eibingen nei wenjen, dêr't Hildegard ek in kleaster stifte hie. Ek doe namen hja de reliken en skriften mei dêrhinne.
De Rupertsberg bleau fan de nonnen fan Eibingen, dy't de berch mei it wynbou-areaal as kleastergoed oanholden. De tsjerke bleau lykwols by de ôfbraak sparre en oant healwei de 19e iuw as in machtige ruïne stean op de berch.
Doe't yn de Nahedelte in spoarferbining oanlein waard stie de Rubertsberch mei dêrop de ruïne fan de tsjerke yn it paad. By it opblazen fan de rots yn 1857 dêr't it kleaster op stien hie, waard mei de ruïne fan de kleastertsjerke ek de âlde krypte ûnder it koer ferneatige. By it útgraven fan de kelders waarden de grêven fan de nonnen fûn, guon noch mei de hollekrânsen dy't de nonnen yn harren grêf meikrigen.
De wynbou bleau wichtich op de berch en sûnt de 17e iuw mar fral yn de Prusyske tiid waard foar de wynbou in wiidweidich stelsel fan kelders yn de berch útgroeven. Nei de oanlis fan it spoar ûntstie Bingerbrück, in stedsdiel fan Bingen, mar de kelders binne noch jimmeroan oanwêzich.
Rupersberg hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich meitsje frijwilligers fan de "Rupertsberger Hildegardgesellschaft" it besichtigjen fan in pear kelders mooglik. De kelders binne net ûntstien yn Hildegard's tiid, mar yn de kelders is in útstalling oer it wurk en libben fan de hillige mystikus.
De iennige noch besteande resten fan it kleaster binne fiif arkadebôgen fan de tsjerke, dy't rêste op seis pylders dy't foar in grut diel yn de grûn ferdwine. De arkades binne yn it "Haus Rupertberg" yntegrearre en wurde as monumint beskerme. It hûs stiet op it plak dêr't it koer fan de eardere kleastertsjerke lei. In grut part fan it kleasterargyf wurdt bewarre yn it Landeshauptarchif Koblenz.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Regional Geschichte: Die Rekonstruktion des Klosters auf dem Rupertsberg
- (dú) Hildegard fan Bingen op de side fan de stêd Bingen/Rhein
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|