Katedraal fan Lincoln

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Katedraal fan Lincoln
Lincoln Cathedral viewed from Lincoln Castle.jpg
lokaasje
lân Flag of England.svg Ingelân
Greefskip Flag of Lincolnshire.svg Lincolnshire
plak Lincoln.svg Lincoln
adres Minster Yard, Lincoln LN2 1PX
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1185–1311
boustyl Gotyk
oare ynformaasje
webside Side katedraal

De Katedraal fan Lincoln (Ingelsk: Lincoln Cathedral) of de Katedrale Tsjerke fan de Hillige Marije fan Lincoln (Cathedral Church of the Blessed Virgin Mary of Lincoln) yn Lincoln, Ingelân, is de sit fan de biskop fan it anglikaanske bisdom Lincoln.

De bou fan de katedraal sette yn 1072 útein en gyng yn ferskate fazen troch yn it midsiuwske tiidrek. It wie 238 jier lang (1311-1548) it heechste bouwurk fan de wrâld en it earste gebou dy't dy titel krige nei de Piramide fan Cheops. De spits fan de fieringstoer stoartte yn 1548 yn en waard neitiid net mear op 'e nij boud.

De katedraal is mei in oerflak fan likernôch 5.000 m² op twa nei de grutste katedraal fan Ingelân. Allinne de St Paul's Cathedral yn Londen en de katedraal fan York binne grutter.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste biskop fan Lincoln wie Remigius fan Fécamp en hy ferhûze earne tusken 1072 en 1092 de cathedra of biskopstroan fan de abdij fan Dorchester nei Lincoln. De biskop wie in Normandjer en it is goed mooglik dat er foar de bou fan de earste katedraal boulju út syn lân meinommen hat om de bou te lieden. De biskop ferstoar yn 1092 en soe de konsekraasje fan de tsjerke sels net mear meimeitsje.

Bishops Eye

Remigius boude de earste katedraal op de hjoeddeiske lokaasje, foltôge de katedraal yn 1092 en ferstoar op 7 maaie yn itselde jier, twa dagen foar de fiering fan de konsekraasje. Yn 1124 waard it houten dak ferneatige troch in brân.

Twadde katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under biskop Aleksander (1123-1148) waard de katedraal wer opboud en fergrutte, mar yn 1185 ferneatige in ierdskodding it bouwurk. It wie mei mear as 5 op de Skaal fan Richter ien fan de swierste ierdskoddings dy't ea yn it lân field is, mar guon wolle ek ha dat de skea oan de katedraal mear feroarsake waard troch de minne konstruksje dan troch it natoergeweld. De skea wie grut en fan dy twadde katedraal bleau allinne it legere diel fan it westlike ein mei de twa tuorren yn de tsjintwurdige katedraal bewarre.

Hjoeddeiske katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grûnplan fan de katedraal

De nije biskop Hugo fan Lincoln (Hugh of Lincoln), berne yn Saint-Maximin (Isère), begûn mei de weropbou fan de katedraal. It earst ferriisden it koer (it saneamde St Hugh's Choir) en de eastlike transepten tusken 1192 en 1210. It sintrale skip waard dêrnei boud yn de styl fan de iere Ingelske gotyk. Fanôf 1220 waard de kleastergong mei it tsienhoekige kapittelhûs (iergoatysk) oan de noardlike kant boud. It kapittelhûs wurdt sûnt de 14e iuw mei in krâns fan loftbôgen en steunbearen op it plak holden. Al gau nei it boubegjin folge de katedraal de nije moade yn de arsjitektuer: spitse bôgen, loftbôgen en ribferwulften waarden tapast. De nije boutechnyk makke ek de ynbou fan gruttere finsters mooglik.

It roasfinster yn it noardlike transept mei de namme Dean's Eye stamt út de tiid fan de weropbou fan 1192 oant 1235 troch Hugo fan Lincoln, wylst it oare roasfinster yn it súdlike transept, it saneamde Bishop's Eye pas in iuw letter yn 1330 ynbrocht waard.

Model fan de katedraal mei de spits dy't de katedraal it heechste bouwurk fan é wrâld makke
Ynterieur kapittelhûs

Der wurdt fan útgien dat nei in tal wichtige goatyske tafoegings fouten makke binne wat de stabiliteit fan de toer oanbelanget, want yn 1237 sakke de toer yn. Al gau waard der in nije toer boud en yn 1255 fersocht it kapittel oan Hindrik III om in diel fan de stedsmuorre ôf te brekken foar de bou fan it ingelenkoer (Angel Choir) en de weropbou fan de sintrale toer mei spits. De lytse rûne kapellen dy't noch datearren fan de weropbouperioade ûnder biskop Hugo moasten yn dat ramt plak meitsje foar in folle langer eastlik ein. Dat wie ek nedich om it tanimmende tal pylgers nei de katedraal op te fangen, dy't nei de katedraal kamen om de skryn fan Sint-Hugo te ferearjen.

De katedraal fanút it westen doe't de westlike tuorren noch spitsen droegen
Koerbanken
Kleastergong

Tusken 1307 en 1311 kaam de sintrale toer op de tsjintwurdige hichte fan 83 meter. De westlike tuorren en gevel waarden ek renovearre en ferhege. Yn dy tiid krige de toer ek de hege houten spits, wêrmei't de toer in totale hichte krige fan 160 meter. Alhoewol't der ôfwikende mienings binne, kinne de measte boarnen harren wol yn dy hichte fine. In fûle stoarm yn 1548 makke in ein oan de reputaasje fan it heechste gebou fan'e wrâld, doe't de spits der ôfwaaide en yn de fal in grut part fan it noardeastlike dak fan it transept ferneatige. Ek yn de 14e iuw waard in doksaal ynboud en krige de katedraal nije koerstuollen. De iken koerstuollen mei in wâld oan hege pinakels hearre ta moaiste fan it Feriene Keninkryk. De nissen boppe de baldekinen binne opfolle mei anglikaanske hilligen. De koerstuollen binne ryklik bewurke mei fykwurk. Der binne bibelske ûnderwerpen, mar ek bisten en boartlike foarstellings. Foar de tafoeging fan in belfort waarden de beide westlike tuorren fanôf 1420 ferhege. Om't ek de westlike tuorren gefaar rûnen om ûnder it eigen gewicht yn te stoarten, waarden de spitsen yn 1807 lang om let fan de tuorren ferwidere.

Earder waarden de manuskripten yn in kast of kiste bewarre, mar yn 1422 waard ek útein set mei de bou fan de bibleteek. Dy kaam boppe it eastlike diel fan de kleastergong, grinzgjend oan it kapittelhûs. De boeken krigen no in plak yn in kast en waarden mei kettings fêstlein oan de boekekast. Trije midsiuwske lêsbanken en ien bankje bleaune bewarre yn de bibleteek, dy't boud waard foar likernôch 100 manuskripten.

Oan de noardlike kant fan it koer waard yn 1484 in kapel oanboud, dy't Fleming's Chantry neamd waard. Letter oan de súdlike kant fûn de oanbou fan de Russel’s Chantry (1494) en de Longland’s Chantry (1521–30) plak. It âlde koerportaal fan 1270 mei yn it fjild boppe de tagong mei in foarstelling fan it Jongste Gerjocht bleau dêrtusken stean. De kapellen neist it Angel Choir binne boud yn Perpendicular-styl, mei de klam op sterke fertikale linen, dy't hjoed-de-dei bewarre bleaun binne yn it maaswurk en lambrisearring. By de it belis fan Lincoln yn de Ingelske Boargerkriich brochten de troepen fan Oliver Cromwell skea oan de katedraal.

De kleastergong waard yn de 17e iuw foar in diel ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de Wren-bibleteek. Yn de bibleteek wurdt in kolleksje fan likernôch 10.000 wurken bewarre. Dêrûnder binne 260 manuskripten, lykas teologyske wurken en wurken oer tsjerklik rjocht.e

Magna Carta[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hugo fan Wells, biskop fan Lincoln, wie ien fan de ûndertekeners fan de Magna Carta en iuwenlang bewarre de katedraal ien fan de fjouwer noch besteande kopieën fan it orizjineel. Tsjintwurdich wurdt it foar de feiligens bewarre yn it kastiel fan Lincoln. Der binne noch trije oare kopieën, twa yn de British Library en ien yn de katedraal fan Salisbury.

Little Saint Hugh[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekening fan de lytse Sint-Hugh

Yn augustus 1255 waard it lichem fan in 8 jier âld jonkje fûn yn in put yn Lincoln nei't er al hast in moanne fermist wie. It barren soarge foar in soad ûnrêst ûnder de ynwenners en de joaden krigen de skuld dat se him ûnfierd, martele en fermoarde hiene. In grut tal joaden waard finzen nommen en achttjin ferhongen. It jonkje waard as in martler beskôge en byset yn it súdlike skip, dêr't syn lichem yn in skryn troch in soad pylgers fereare waard. Alhoewol't er nea hillich ferklearre waard, krige it jonkje de namme "Little Saint Hugh", om him sa te ûnderskieden fan de hillige Hugo fan Lincoln (Hugh of Lincoln).

Nei de ynfiering fan de reformaasje ferlear de skryn it monumintale karakter fan it grêf. Yn 1790 waard yn it ramt fan in nije flier de tombe iepene. Yn it grêf lei it bonkerak fan in jonkje fan hast in meter grut. Sûnt 1955 wurdt der by de skryn ynformearre oer de optochte ferhalen fan rituele moarden op kristlike jonges troch joadske mienskippen.

Oargel

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn de jierren 1893 oant 1898 troch Henry Father Willis boud op it âlde doksaal. It ferfong in ynstrumint fan William Allen út 1826, dat yn in front fan de arsjitekt E.J. Wilson boud wie. Yn it oargel waarden pipen fan it Allen-oargel op 'e nij brûkt. Yn ferbân mei in gruttere disposysje moast it front út 1826 fergrutte wurde. Dielen fan it oargel (it swelwurk, de wynfoarsjenning en de grutste pedaalregisters) moasten û.o. yn it noardlike triforium ûnderbrocht wurde. Mei de foltôging yn 1898 wie it nije oargel it earste katedraaloargel fan Ingelân, dêr't de wynfoarsjenning fan elektrysk oandreaun waard. It is it lêste oargel dat Henry Willis persoanlik boude.

Yn 1960 waard it oargel troch de oargelbouwers Harrison & Harrison reorganisearre. It pipenbestân út 1898 bleau bewarre en yn de histoaryske yntonaasje beholden. Fernijd waarden de wynkanalen, de mechanyk en de spyltafel. Boppedat waard in ynstrumint mei seis registers fergrutte. It oargel hat tsjintwurdich 64 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.

Doopfont[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doopfont is fan swarte stien en is fan it Doornikse type. Lang waard tocht dat biskop Aleksander it foar syn dea yn 1148 besteld hie. Tsjintwurdich wurdt der fan útgien dat it ûnder syn opfolger yn de jierren 1150 makke waard.

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal waard brûkt as dekor foar de film "The Da Vinci Code" (dat basearre is op it boek mei deselde namme). It filmjen fûn benammen plak yn de kleastergong en it kapittelhûs fan de katedraal. De katedraal hie de rol fan de Westminster Abbey, om't dêr foar it filmjen gjin tastimming krigen wurde koe. Om it kapittelhûs fan Lincoln op dat fan Westminster Abbey lykje te litten waarden fresko's skildere op in spesjale laach oer de besteande muorre. Ek oare monuminten lykas it grêf fan Isaac Newton waarden neimakke. Se bleaunen dêr noch oant 2008, doe't se allegear ferkocht binne op in feiling.

De katedraal moast yn 2007 ek tsjinje as Westminster Abbey foar de film "Young Victoria" en yn 2018 foar de film "The King".

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Side Freonen fan de Katedraal fan Lincoln

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Lincoln Cathedral