Springe nei ynhâld

Lincoln (Ingelân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lincoln (Lincolnshire))
Lincoln
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Regio East Midlands
Greefskip Lincolnshire
Sifers
Ynwennertal 89.700 (2010 rûsd)
Oerflak 35,69 km²
Befolkingsticht. 2500 / km²
Oar
Tiidsône GMT (UTC+0)
Simmertiid (UTC+1)
Koördinaten
Offisjele webside
www.lincoln.gov.uk
Lizzing Lincoln yn Lincolnshire
Brayford Pool

Lincoln is in Ingelsk distrikt en stêd (city) yn it greefskip Lincolnshire, dêr't it ek de haadstêd fan is. De rivier de Witham rint troch de stêd.

Lincoln húsfestiget de Universiteit fan Lincoln, dy't earst yn 2001 har hjoeddeistige foarm krige.

Newport Arch, Romeinske poarte

In yn it jier 48 stifte it Romeinske Legio IX Hispana (9e legioen) in castra op it plak fan it Lincoln fan no. Yn 96 wurdt it legerkamp in Lindum Colonia, in plak foar Romeinske feteranen.

Fermoedlik wie Lincoln dêrnei it haadplak fan it angelsaksyske Keninkryk Lindsey.[1]

De Normandjers ûnder Willem de Oermasterder bouden yn 1068 it strategysk wichtige Lincoln Castle en fjouwer jier letter setten sy útein mei de bou fan de katedraal, dy't oant 1549 faaks it heechste bouwurk yn de wrâld wie.[2]. De stêd, op it krúspunt fan twa hannelswegen en in rivier, ûntjoech har ta in sintrum fan belang foar de wolhannel en de lekkenyndustry. Yn 1123 wie der in grutte stedsbrân yn Lincoln.

Fan de 14e iuw ôf hie de stêd te krijen mei in delgeande tiid dy't it earst yn de 19e iuw te boppe kaam mei it begjin fan de Yndustriële Revolúsje. Lincoln waard doe in yndustrystêd fan belang.

Ferneamde persoanen út Lincoln

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frank Merry Stenton: Anglo-Saxon England, Oxford University Press, 2001 , ISBN 978-01928-0139-5, s. 115–116.
  2. A.F. Kendrick (1902), The cathedral church of Lincoln, s. 60, George Bell & Sons, Londen, neamt it "doubtful". De offisjele webside fan de Lincoln Cathedral [1] jout de ûnderstelling oer de hichte wol.