Witham (rivier)

Ut Wikipedy
Sluzen by Boston
De Witham by New Somerby, Grantham

De Witham is in rivier, sawat alhiel yn it greefskip Lincolnshire, yn it easten fan Ingelân. De stream ûntspringt súd fan Grantham tichtby South Witham, rint oer Lincoln en Boston, om út te mûnjen yn The Haven, in tij-earm fan The Wash. De river is befarber fan Lincoln oant Boston.

De namme "Witham" liket tige âld te wêzen, fan foar de Romeinske tiid, faaks fan Keltysk komôf as noch earder. De betsjutting fan de namme is net witten.