Springe nei ynhâld

Joop Braakhekke

Ut Wikipedy
Joop Braakhekke
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Franciscus
   Braakhekke
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 11 april 1941
berteplak Apeldoarn (Gelderlân)
stoarn 8 desimber 2016
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurkpaad
wurksum as kok, presintator
medium tillefyzje
wurksum by AVRO
bekend fan Kookgek
jierren aktyf 19932016
offisjele webside
gjint

Joop Braakhekke (folút: Johannes Franciscus Braakhekke; Apeldoarn, 11 april 1941Amsterdam, 8 desimber 2016) wie in Nederlânsk tillefyzjekok, presintator en restauranthâlder. Hy waard mids 1990-er jierren ferneamd mei it tillefyzjeprogramma Kookgek. Dêrnjonken skreau er ek itensiedersboeken en dreau er ferskate restaurants, wêrfan't Le Garage, yn Amsterdam, it bekendst wie.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Braakhekke waard yn 1941 berne yn Apeldoarn, op 'e Feluwe, dêr't ek opgroeide. As bern woed er akteur wurde, mar as folwoeksene wonk him lykwols de kulinêre sektor. Nei't er de middelbere skoalle ôfmakke hie, gied er nei Parys en Barseloana om yn djoere restaurants te wurkjen en sa ûnderfining op te dwaan. Nei't er yn 1968 yn Nederlân weromkeard wie, iepene Braakhekke syn earste restaurant, de bistro Le Philosophe, yn syn berteplak Apeldoarn. Letter ferfear er nei Amsterdam, dêr't er efterinoar de restaurants De Kersentuin, Le Garage en En Pluche runde.

Tillefyzjekarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1993 ferskynde Braakhekke foar it earst op 'e Nederlânske tillefyzje, wêrby't er as presintator en tillefyzjekok yn it programma Kookgek by de AVRO te sjen wie. Dêr hied er in protte súkses mei, temear om't er fan berop eins gjin kok wie, mei as gefolch dat net alles goed gie. It publyk koe himsels dêryn werom, mei as gefolch dat Braakhekke in bekende Nederlanner waard en Kookgek fiif jier lang, oant en mei 1998 op 'e tillefyzje bleau. Yn dy snuorje skreau Braakhekke ek in rige itensiedersboeken ûnder de titel Kookschrift van een Kookgek.

Yn 1997 hie Braakhekke in byrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Sam Sam, en yn 2006 wied er te sjen yn 'e talintejacht Topkok, dy't presintearre waard troch Caroline Tensen. Yn 'e mande mei sjef-kok Robert Kranenborg giene hja trijeresom op 'e siik nei de bêste amateurkok fan Nederlân. Yn 2008 wie Braakhekke te gast yn in ôflevering fan it komyske ymprovisaasjeprogramma De Lama's, op BNN. Datselde jiers wûn er de Leaden Liuw yn 'e kategory meast yrritante bekende Nederlanner yn in reklamespotsje, foar syn rol yn it spotsje foar Ambi Pur-luchtferfrisser.

Braakhekke wurke yn 2009 mei oan it imitaasjeprogramma De TV-Kantine, fan Carlo Boszhard en Irene Moors, dêr't er in parody fan himsels yn ferfong. Yn 2010 died er mei oan it spulprogramma Ranking the Stars, fan Paul de Leeuw. Teffens hie Braakhekke yn 2013 in roltsje yn 'e film Sinterklaas en de Pepernoten Chaos, fan regisseur Martijn van Nellestijn. Yn 2014 makke Braakhekke bekend dat er oan in autobiografy wurke. Dat jiers wied er 25 jier eigner fan it restaurant Le Garage en siet er 50 jier yn it fak.

Joop Braakhekke wie homo. Koart foar syn ferstjerren tekene er mei syn libbenspartner Wim op 'e ôfdieling onkology fan it FU Medysk Sintrum yn Amsterdam noch de akte fan registearre partnerskip.

Fan 2014 ôf krige rekke Braakhekke almar mear oanhelle mei sûnensswierrichheden. Dy simmers ûndergied er in súksesfolle operaasje oan it hert, wêrby't er fiif bypasses krige. Yn 2015 waard by him alfleisklierkanker fêststeld. Dêrop ûndergied er in pankreätoduodenektomy (ek wol bekend as in Whipple-operaasje), wêrby't de kop fan syn alfleisklier ferwidere waard. Dêrnei waard er yn maaie 2016 foar genêzen ferklearre. Yn septimber fan dat jier waard lykwols op 'e nij alfleisklierkanker konstatearre, diskear mei útsieddings nei de longen en de lever.

Op 8 desimber 2016 kaam Braakhekke yn it sikehûs yn Amsterdam yn 'e âlderdom fan 75 jier oan dy sykte te ferstjerren. Hy wie syn mem tige nei, dy't op 31 augustus 2016 106 jier wurden wie. Hy hie ferskate kearen de winsk útsprutsen dat syn mem foàr him stjerre soe, sadat se it ferlies fan har soan net mear mei hoege soe te meitsjen, mar dat kaam net út, want by syn dea wie frou Braakhekke, dy't yn Hylpen wenne, noch altyd yn libben. (Hja stoar in lytse seis wike letter, op 18 jannewaris 2017. Mei't hja oan 'e sykte fan Alzheimer litte, besleat de famylje om it ferstjerren fan Braakhekke foar har stil te hâlden.)[1] Joop Braakhekke waard op 15 desimber by in útfearttsjinst yn 'e Amsterdamske Vondeltsjerke betocht, wêrnei't er yn besletten fermidden beïerdige waard.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Moeder van Joop Braakhekke Overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 21 jannewaris 2017, s. 21.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.