Johannes Hinderikus Egenberger
Johannes Hinderikus Egenberger | ||
keunstner | ||
J.H. Egenberger, 1868 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 april 1822 | |
berteplak | Arnhim | |
stoarn | 14 maaie 1897 | |
stjerplak | Utrecht | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder, fotograaf, ûnderwizer | |
jierren aktyf | 1840-1897 | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Johannes Hinderikus Egenberger (Arnhim, 28 april 1822 - Utrecht, 14 maaie 1897) wie in Nederlânsk keunstner.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Egenberger wie in soan fan de militêr Louis Constant Egenberger en Hendrica van Reeken. Hy troude yn 1848 mei de toanielspylster Christina Margaretha Bartels (1822-1897).
Egenberger krige syn earste skilderûnderrjocht fan sweager, de Amsterdamske keunstskilder Louis Henri de Fontenay. Letter folge er lessen oan de Ryksakademy Amsterdam (1840-1848) by Jan Willem Pieneman. Fan 1852 ôf wie er helpûnderwizer oan de Ryksakadeemje.
Minerva
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1857 waard Egenberger beneamd ta haadûnderwizer-direkteur fan Akademy Minerva yn Grins. Njonken syn wurk oan de akademy ûnjoech er him ek as fotograaf.[1] Hy wie 1864 de earste mei in eigen fotoatelier yn Grins. Hy frege dien as haadûnderwizer om him folslein ta lizze te kinnen op de fotografy. Itselde jier iepene er in filiaal yn Ljouwert,[2] dêr't Jan Hoen -dy't oan Egenbergers nicht Louise de Fontenay boaske wie- filiaalhâlder wie. Egenberger koe lykwols net omkomme fan de fotografy en sleat syn ateliers om 1865. Hy frege en krige tastimming om werom te kommen as haadûnderwizer oan Akademy Minerva. Tritich jier letter, yn 1895, gong er mei pinsjoen. Learlingen fan Egenberger wiene ûnder oaren Otto Eerelman, Albert Hahn, H.W. Mesdag en F.H. Bach.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Egenberger wie ynearsten fral histoarjeskilder. Tegearre mei Jacob de Vos wurke er 1850-1854 oan dy syn Historische Galerij, mei ûnderwerpen út de vaderlandse geschiedenis. In 1854 makke er tegearre mei syn freon Barend Wijnveld, in mânsk skilderij fan Kenau Hasselaer. Letter skildere Egenberger ek mear deistige tafrelen, lânskippen, en portretten. Foar de universiteit fan Grins skildere er in tal portretten fan heechleararen.[3] Hy eksposearre in tal kearen by Pictura yn Grins.
Egenberger syn skilderstyl krige yn de rin fan jierre hieltyd mear fan dy fan de Haachske Skoalle wat ûnderwerpen, wize fan skilderjen en kleurgebrûk oanbelange. Egenberger hat in protte ynfloed hân op de skilderkeunst yn Grins. Hy wurdt wol de grootvader van de Ploeg neamd.[4] Wurken fan him binne yn besit fan ûnder oare it Grinzer Museum en it Ryksmuseum[5]
1868 waard in priisfraach útskreaun[6] foar in nij monumint ta oantins Adolf fan Nassau, dy't sneuvele wie yn de Slach by Heiligerlee (1568). Egenberger syn ûntwerp wûn, mar meidat dy mear skilder as byldhouwer wie, waard it wurk útbesteld oan de Belgyske byldhouwer Jozef Geefs. Kening Willem III wie der by doe't it byld 23 maaie 1873 ûntbleate waard.
-
De dapperheid fan Grote Pier
-
Monumint Slach by Heiligerlee (1872)
(ûntwerp fan J.H. Egenberger) -
Van Swinderen (Grins)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Foto's út Egenberger's studios @ Beeldbank Groningen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johannes Hinderikus Egenberger fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|