Springe nei ynhâld

Keunstleavjend Genoatskip Pictura

Ut Wikipedy
De westside fan Pictura oan de Sint Walburgstrjitte (2009)

Keunstleavjend Genoatskip Pictura (Kunstlievend Genootschap Pictura) (meast Galerie Pictura of yn 't koart Pictura neamd) is in feriening dy't de byldzjende keunst yn de stêd Grins befoarderje wol.

Pictura wol dat berikke troch it hâlden fan tentoanstellingen yn syn galery, in monumintaal gebou op de hoeke fan it Martinitsjerkhôf en de Sint-Walburgstrjitte.

De feriening waard formeel oprjochte op 6 maart 1832. Sadwaande is er ien fan de âldste keunstferieningen fan Nederlân, mei Arti et Amicitiae (Amsterdam), Keunstleafde, (Utert), Teekengenootschap Pictura (Doardt) en Pulchri (De Haach).

It gebou dêr't Pictura yn húsmannet, wurdt ek Pictura neamd. It stamt út de 14e iuw en waaard boud as weem fan de Sint-Walburchtsjerke. Fan 1467 ôf wurdt it brûkt as "gewoane" wente. Yn 1933 koe de feriening it gebou keapje, troch in skinking fan mr. F.F. Beukema. Nei him is de boppeseal ferneamd, de tentoanstellingsseal dy't fuortendaliks nei de keap reallisearre waard.

Pictura wie yn de begjinjierren fan De Ploeg in wichtich poadium foar dat keunstnerskollektyf.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]