Jan de Jong (fûgelkenner)
Jan de Jong | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan de Jong | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 juny 1950 | |
berteplak | Rotsterhaule (Haskerlân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | goudsmid | |
aktyf as | amateur-ornitolooch, kollumnist, bestjoerder | |
jierren aktyf | 1976 – no | |
offisjele webside | ||
Jan de Jong op Twitter |
Jan de Jong (Rotsterhaule, 18 juny 1950) is in Frysk fûgelkenner, dy't bekendheid krigen hat troch syn wurk as kollumnist foar ferskate publikaasjes, wêrûnder de Ljouwerter Krante.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jong waard yn 1950 berne yn Rotsterhaule yn 'e doetiidske gemeente Haskerlân. Nei de legere skoalle gied er nei de ambachtsskoalle op It Hearrenfean, dêr't er in oplieding metaalbewurking die. Under syn militêre tsjinst folge er by de Keninklike Loftmacht in oplieding elektrotechnyk en letter died er yn 'e jûnsoeren noch in oplieding bedriuwskunde yn Ljouwert. Hy fûn in baan as goudsmid by Aller Spanninga Ringen op 'e Jouwer
Fûgelwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al op jonge jierren wie De Jong fassinearre troch fûgels. As in opslûpen jonge joech er him by de fûgelwacht fan Sint-Jânsgea-Rotsterhaule. Fan 1976 oant 1982 wied er njonken syn gewoane wurk koördinator fan it atlasprojekt fan 'e Fryske ôfdieling fan Avifauna en SOVON. Ek wurke er mei oan it trijedielige standertwurk oer Fryske fûgels Vogels in Friesland, dat yn 1976 publisearre waard. Yn 1977 waard De Jong lid fan it haadbestjoer fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW).
Foar dy organisaasje fersoarge er ek it fûgelnijs yn in kollumn yn it tydskrift Vanellus. Ek skreau er fjirtich jier lang (1979–2019) it fûgelnijs foar de jierferslaggen fan 'e pleatslike fûgelwacht fan it BFVW yn syn wenplak De Jouwer. Fan 1975 ôf skriuwt De Jong ek fûgelnijs yn in kollumn yn 'e pleatslike Jouster Krante en sûnt 1977 hat er as fûgelkundich meiwurker in kollumn oer fûgelnijs yn 'e Ljouwerter Krante. Dêryn ropt er lêzers op om bysûndere waarnimmings en oar nijs oer fûgels by him te melden.
Yn 1986 waard De Jong út it haadbestjoer fan it BFVW set nei't er yn in artikel yn 'e Ljouwerter Krante de needklok let hie oer de greidefûgelstân. Dêr wie de rest fan it bestjoer it net mei iens en hy waard foar de kar steld: it stik ynlûke of syn funksje kwytreitsje. De Jong hold hoek en ferlear syn sit. In jier letter mocht er ek net mear skriuwe foar Vanellus. Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante yn 2024 sei De Jong dat it BFVW yn 'e 1980-er jierren skitende benaud wie dat roftberens jaan oan 'e delgeande sifers fan greidefûgels ta in ferbod op aaisykjen liede soe. Dat wie neffens him de reden dat men him de mûle snoere woe.
De Jong is in ringer dy't fan 1985 ôf fûgels ringet foar it Fûgeltrekstasjon Wageningen. Yn 1990 wie De Jong mei-oprjochter fan 'e Nederlânske Ringers Feriening (NRV) en sûnt 1992 wurket er foar de Nederlânske Ringsintrale, û.o. oan ferskate wittenskiplike ûndersiken nei it boeresweltsje (Hirundo rustica).
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan de Jong is troud en hat twa dochters.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Jan de Jong op Twitter
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|