Jakobustsjerke (Feerwerd)
Jakobustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Feerwerd | |
adres | Valgeweg 3 | |
koördinaten | 53° 18' N 6° 27' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Jakobus de Meardere | |
Arsjitektuer | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15553 | |
Kaart | ||
De Jakobustsjerke is in oarspronklik oan Jakobus de Meardere wijde tsjerke yn it Grinslânske Feerwerd. De tsjerke is eigendom fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De parochy fan Feerwerd wurdt foar it earst yn 1283 neamt, doe't de patronaatsrjochten fan ferskillende plakken troch de abdij fan Werden oerdroegen waard oan 'e biskop fan Múnster. Neffens de dikte fan de muorren fan de tsjerke, it formaat fan de kleastermoppen en it mitselwurk soe de tsjerke op it begjin fan de 13e iuw datearre wurde kinne.
Oarspronklik hie de tsjerke stiennen ferwulften. Oan 'e noardlike en súdlike kant fan it westlike travee binne noch ôfkapte muraalbôgen sjen. Ek de nei bûten fleanende muorren tsjutte op it eardere bestean fan stiennen ferwulften. It koer hat eartiids nei alle gedachten rjocht sletten west mei in topgevel. By de restauraasje fan 1992-1993 binne yn 'e midden fan it westlike travee de resten fan 'e sokkel fan in (nei alle gedachten) 15e-iuwsk doopfont fûn.
Oarspronklik hie de tsjerke wierskynlik in frijsteande toer mei sealtek. Ut die toer stamt de klok, dy't yn 1466 troch Hendrick Kokenbacker getten waard en it ynskrift Maria bin ik geheten, de van Fervert lete mi gheten hat. De klok waard yn 1697 oan Oostum ferkocht. Neffens in folskferhaal soe de klok by spul tusken de ynwenners fan Feerwerd en Oostum troch de Oostumers meinommen wêze. De frijsteande toer waard doe ferfongen troch in houten dakruter op it westlike dak fan de tsjerke, dêr't yn 1826 in nije klok fan Petit en Fritsen yn hongen waard.
De tsjerke waard yn 1859 ferboud en sawol de eastlike as de westlike gevel waarden fernijd. Dêrnjonken waarden it dak ferlege en de tsjerke bepleistere. De yn 'e 17e iuw ynbrochte goatyske finsters binne yn dy tiid wer tichtset en de oarspronklike finsters fergrutte nei ûnder ta. De lisenen dy't doe tegearre mei it pleisterwurk oanbrocht binne komme net mei de oarspronklike yndieling fan de traveeën oerien. Nei alle gedachten is doe ek it hjoeddeiske houten plafond ynbrocht. Oan 'e westlike kant waard de tsjintwurdige toer boud, mar om't de toer foar in part op it âlde fûnemint fan 'e tsjerke stiet, begûn dy al fuort te fersakjen.
Yn 1882 stoarte de klok nei ûnderen, wêrnei't in jier letter in nije klok fan Van Bergen út Midwolda de foargonger ferfong. Dy klok waard yn maart 1943 lykwols troch de besetter foardere en omraand. Yn 1950 waard de klok ferfongen troch in nijenien fan Van Bergen.
De tsjerke waard yn 1977 oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken, dy't de tsjerke fan 1992 oant 1993 restaurearre. Under de âlde pleisterlaach waarden de âlde noardlike en súdlike tagong en guon finsters werom fûn, mar dy ferdwûnen wer ûnder de nije pleisterlaach.
Ynventaris
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel, de nachtmielstafel en in hearebank datearje allegear út de 17e iuw. De preekstoel hat als foet in Toskaanske pylder mei dêrop in kûp mei kannelearre heale pylderkes. Yn 'e 19e iuw is it ynterieur fernijd. It hjoeddeiske smei-izeren doopfont waard doe by de preekstoel delset en ek de banken en it leaze oargelfront datearje út dy tiid. De nachtmielstafel krige letter in nij tafelblêd.
Fierder hat de tsjerke noch twa kollektebussen (wêrfan ien út de 19e iuw) en twa nachtmielbekers út 1663 en út 1895.
Grêven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de flier leit in grêfkelder, dy't mooglik yn 'e 16e iuw foar de famylje Tayenghe groeven waard en oan it begjin fan 'e 17e iuw yn hannen kaam fan 'e famylje Aldringa, bewenners fan de Aldringaboarch. Boppe de tagong waard troch Popco Aldringa en syn frou Petertien Broersema in stien lein mei it opskrift Dit is de inganck van ioncke Aldringa kelder en de alliânsjewapens fan it echtpear. De tagong waard yn 1873 oerdutsen mei in nije houten flier, mar yn 1936 werom fûn. Oantroffen waarden trije kisten mei de oerbliuwsels fan Gerhard Aldringa, frou Meit Aldringa en Popco Aldringa. Ien fan 'e skedels hie in doek of skuorre, dy't neffens in dokter feroarsake wie troch in slach mei in sabel. Sûnt is de grêfkelder wer sichtber yn 'e tsjerkeflier.
Oer de flier foar de preekstoel lizze noch in tal sarken fan aadlike famyljes fan de Aldringaboarch en de Luursemaheerd. Dêrûnder in tal 16e-iuwske sarken en in sark út 1493 fan Sicke Luersumma mei de symboalen fan 'e fjouwer evangelisten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Jacobuskerk (Feerwerd)
|