In Reis nei de Moanne
In Reis nei de Moanne | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | De la Terre à la Lune | |
auteur | Jules Verne | |
taal | Frânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | aventoereroman, science fiction | |
1e publikaasje | 1865, Parys | |
oarspr. útjwr. | Pierre-Jules Hetzel | |
rige | ||
rige | Voyages Extraordinaires (#4) | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | In Reis nei de Moanne | |
publikaasje | 2015, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Syt Bakker-Palma | |
ISBN oers. | 978-9 08 95 48 269 |
In Reis nei de Moanne, yn it oarspronklike Frânsk: De la Terre à la Lune, is in roman fan 'e hân fan 'e ferneamde Frânske skriuwer, toanielskriuwer, dichter, essayist en publisist Jules Verne (1828-1905). Yn dit boek ferhellet Verne mei in omhaal fan natuerkundige en technologyske eftergrûnen oer de tariedings en it begjin fan 'e earste bemanne reis nei de moanne, mear as hûndert jier foar't sa'n romtereis foar it earst wurklik plakfine soe. De la Terre à la Lune waard foar it earst publisearre yn 1865. De Fryske oersetting, fan Syt Bakker-Palma, ferskynde yn 2015.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal iepenet ienige tiid nei de ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), as de Sjitferiening, in genoatskip út Baltimore dat tawijd is oan it ûntwerpen fan alderlei wapens (mar yn 't bysûnder fan kanonnen), in gearkomste hâldt. De foarsitter fan 'e Sjitferiening, in Impey Barbicane, freget de oare leden om syn nijste projekt te stypjen. Hy hat nammentlik wat berekkenings dien, en is ta de konklúzje kommen dat it mooglik is en bou in kanon dat in projektyl nei de moanne sjitte kin. Nei't er de stipe fan syn maten wûn hat, wurdt der in nije gearkomste belein om te beslissen fan hokker plak oft it kanon ôfsketten wurde moat, hoe grut en fan hokker materiaal kanon en projektyl makke wurde moatte en hokker soarte buskrûd oft it gaadlikste is.
In âlde rivaal fan Barbicane, kaptein Nicholl út Philadelphia, in ûntwerper fan harnassen, ferklearret dat de hiele ûndernimming absurd is, en giet in rige weddenskippen mei Barbicane oan oer de helberens fan it projekt, wêrby't de beide mannen hieltyd gruttere bedraggen jild ynsette. It earste obstakel is om it jild byinoar te krijen om sa'n ûnbidich kanon te fabrisearjen – Nicholl hat der $1.000 ûnder ferwedde dat Barbicane safier net iens komme sil. Uteinlik slagget it Barbicane-en-dy dochs en krij de nedige $5,5 miljoen byinoar troch ynvestearrings fan ferskate lannen yn Jeropa en Amearika, wêrby't de Feriene Steaten $4 miljoen bydrage, wylst Grut-Brittanje der gjin reade sint oan útjout.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Stone's Hill yn Tampa, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko yn 'e Amerikaanske steat Floarida, wurdt oanwiisd as it geunstichste plak om it kanon te bouwen (wêrmei't Verne de pleatsing fan it Kennedy Space Center op deselde geografyske hichte mar oan 'e Atlantyske kust fan Floarida hast hûndert jier foarút wie). De Sjitferiening reizget ôf dêrhinne en set útein mei de konstruksje fan it kanon, dat de namme Columbiade kriget. De bou fan it wapen fereasket it útgraven fan in 270 m djip rûn gat mei in diameter fan 18 m, dat op it nipperke op 'e tiid reekomt. Dan kriget Barbicane lykwols in nije ferrassing te ferwurkjen: Michel Ardan, in Frânske aventoersman, meldt him by de Sjitferiening mei it doel om yn it projektyl nei de moanne ta te reizgjen.
Under in gearkomste fan Ardan, de Sjitferiening en de pleatslike befolking fan Tampa dûkt kaptein Nicholl op, dy't Barbicane neitiid útdaget ta in duël. Dyselde nimt de útdaging oan en de beide fijannen moetsje inoar yn 'e omkriten fan Tampa yn in bosk om harren rivaliteit foar iens en foar altyd te besljochtsjen. De siktaris fan 'e Sjitferiening hat Ardan lykwols warskôge, en dy berikt it oangeande plak krekt op 'e tiid om it near op it duël te lizzen. Underwilens hat Barbicane de oplossing fûn foar it fraachstik hoe't in minske de ûnbidige akseleraasje fan it projektyl oerlibje kin dy't feroarsake wurdt troch ôfsjitting út it kanon. Ardan stelt foar dat sawol Barbicane as Nicholl mei him yn it projektyl nei de moanne reizgje sille, en de beide mannen stimme dêryn ta.
Uteinlik wurdt it projektyl mei súkses lansearre, mar it lot fan 'e trije astronauten bliuwt ûnbekend. Wat der fan harren wurdt, komt de lêzer pas te witten yn it ferfolch Autour de la Lune ("De Reis om de Moanne"), dat Verne yn 1869 publisearre.
Ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er De la Terre à la Lune lêzen hie, stelde de Russyske raketgelearde Konstantin Tsiolkovsky yn 1903 fêst dat Verne syn idee om in kanon yn te setten foar romtefeart ûnwurkber is. Noch ôfsjoen fan oare beswieren, konkludearre er dat in kanon ûnmooglike lang wêze moatte soe om in projektyl genôch faasje te jaan sadat it út 'e swiertekrêft fan 'e Ierde losbrekke kin. Likegoed fielde Tsiolkovsky him troch it ferhaal ynspirearre, en sadwaande ûntwikkele er in bettere teory foar romtefeart, dy't sechstich jier letter yn 'e praktyk brocht wurde soe.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De la Terre à la Lune waard yn 2015 ûnder de titel In Reis nei de Moanne yn it Frysk oerset troch Syt Bakker-Palma, dy't earder ek ferantwurdlik wie foar de fertalings In Wrâldreis yn Tachtich Dagen, ek fan Jules Verne, en De Pest, fan Albert Camus. In Reis nei de Moanne waard útbrocht by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei alle oarspronklike gravueres derby fan Henri de Montaut en Georges Roux.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|